Roman Fan Patricia Briggs Dead Heat

Dead Heat is it fyfde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs.

De titel betsjut: "Unbesliste Utkomst" of "Fotofinish" – hjir fansels dûbelsinnich bedoeld, mei't de letterlike betsjutting "Deade Hjittens" is. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Dead Heat waard foar it earst publisearre yn 2015, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.

Dead Heat
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2015, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Alpha and Omega
● foarich diel Fair Game
● folgjend diel Burn Bright
kodearring
ISBN 978-0 42 52 56 756

Ynhâld

Yn Dead Heat reizget it wearwolvepear Charles en Anna Cornick út harren wenplak yn Montana nei Scottsdale, yn 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona, nei't Charles útnûge is troch in âlde maat fan him, de Navaho-Yndiaan Joseph Sani. Joseph en syn heit Hosteen, dy't de alfa (lieder) fan 'e pleatslike wearwolvetroep is, fokke hynders, en om't Anna har jierdei deroan komt, liket it Charles in goed idee om har in hynder kado te dwaan. Yn Scottsdale oankommen, blike de saken lykwols wat oars te lizzen as dat Joseph se oer de tillefoan foarsteld hie. Joseph, dy't syn hiele libben lang wegere hat om wearwolf te wurden, is no in âldman fan yn 'e tachtich, dy't kanker hat en op stjerren leit. De hynstefokkerij wurdt no runt troch Hosteen en Joseph syn soan, Hashké Gaajii, dy't himsels Kage neame lit. Sawol Hosteen as Joseph syn frou Maggie binne tige ûngelokkich mei syn kar om te stjerren wylst er as wearwolf yn prinsipe hast it ivige libben hawwe kinnen hie. Charles is oandien troch Joseph syn tastân, mar wegeret om tsjin 'e wil fan syn freon yn te gean.

Deselde deis dat Charles en Anna yn Scottsdale oankomme, rekket Joseph syn skoandochter Chelsea, de frou fan Kage, oanhelle mei in freeslike migrêne nei't se har beide jongste bern ophelle hat út 'e kres. Thús oankommen wurdt it allinnich mar minder mei har en as Max, har tinersoan út har earste houlik, yn 'e hûs komt, fielt se in suver ûntsjinkearbere oanstriid om him te fermoardzjen. Se lit ferskate boadskippen efter op 'e mobile tillefoan fan har man, en as dy der einlings en te'n lêsten oan ta komt om se ôf te lústerjen, hastigje hy en Hosteen harren yn 'e mande mei Charles en Anna nei syn hûs ta. Dêr hat Max him ûnderwilens mei Michael en Mackie, de jongere bern, barrikadearre yn in boppekeamer. Chelsea wurdt ûnder fûn, dêr't se harsels mei in mês bewurke hat. Se is sa slim ferwûne dat Charles har ta wearwolf meitsje moat om har libben te rêden.

Charles is derfan oertsjûge dat Chelsea ûnder de betsjoening fan in ierdgeast ferkearde. Om't se it begjin fan 'e swierrichheden trasearje nei de tiid dat Chelsea har bern út 'e kres helle, beslute Charles en Anna de oare deis om dêr ris om te gnuven. As se mei ien fan 'e liedsters prate, merkt Charles in famke op, Amethyst Miller, dat neibliuwe moat en it skoalboerd oan it skjinmeitsjen is. Mei't er ierdgeastetsjoenderij oan har rûkt, giet er mei har yn petear, wêrby't se har geheim al rillegau priisjout. Mei in riedsel twingt Charles har dan om oan eltsenien sjen te litten wat se wurklik is, nammentlik in dûbelgonger ferfeardige fan in takkebosk dêr't troch in ierdgeast mei magy in falsk minsklik uterlik oan jûn is. Wat betsjut dat de wiere Amethyst Miller yn 'e hannen fan 'e ierdgeast ferkeart, as se noch libbet.

Dy ûntdekking bringt in hiel plysjesirkus oan 'e gong, wêrby't earst de pleatslike plysje ferskynt, dy't unanym fan miening is dat it om in mispleatste grap giet, folge troch twa aginten fan Cantrip, it nije federale agintskip dat ynformaasje oer de ierdgeasten, de wearwolven en oare boppenatuerlike wêzens sammelje moat. Dizze beide, Jim Marsden en Hollister Leeds, lykje alteast kundiger en behelpsumer as dy dy't Anna en Charles earder yn Boston troffen hawwe (sjoch: Fair Game). Mar Charles hie fuort nei syn ûntdekking in tillefoantsje pleatst nei syn heit Bran, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Bran Cornick brûkt dêrop syn ynfloed by de Amerikaanske autoriteiten om 'e FBI-agint fan syn kar mei de saak belêstge te krijen, en dat is aginte Leslie Fisher, dy't ûnderwilens út Boston oerpleatst is nei Nevada.

Neier ûndersyk wiist út dat der koartby ferskate stjergefallen west hawwe by minsken dy't yn ferbân steane mei de kres. In liedster hat harsels fan kant makke, wylst in mem mei twa jonge bern omkommen is by in eigenaardich ferkearsûngemak. Earder waarden dy foarfallen as tragyske ynsidinten beskôge, mar no wurde se yn in hiel nij ljocht sjoen. Charles tsjut oan dat it soarte ierdgeast dat machtigernôch is om in dûbelgonger te animearjen, oer it algemien frij honkfêst is. Nei't de plysje de hiele nacht trochhelle hat mei âlde dossiers nei te plúzjen, geane Charles en Anna de oare deis mei Fisher, Marsden en Leeds op 'en paad om ferskate histoaryske foarfallen te ûndersykjen dy't mooglik yn ferbân steane mei de hjoeddeistige saak.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Der binne twa gefallen dy't hout snije. Yn 1978 waard in fiifjierrich jonkje op in hier nei ûntfierd troch in grien, hierrich, seisfingerich wêzen mei in giele tonge, mar hy waard rêden troch de hûn fan it gesin, wêrfan't Anna oan 'e hân fan in foto fêststeld dat it gjin hûn mar in wearwolf wie. It docht bliken dat it om 'e oerpake fan 'e heit fan it jonkje gie, dy't nei it ferstjerren fan syn frou wegere om himsels noch langer yn in minske te feroarjen en sadwaande in hoart as hiemhûn by it gesin fan syn oerpakesizzer yn wenne. Yn it twadde gefal wurdt yn in tún yn Scottsdale in wâldgeast ûntdutsen, dy't ûnfrijwillich beweegd wurde kin ta it opjaan fan in beskate hoemannichte ynformaasje oer it wêzen dat efter sawol de ferdwining fan Amethyst Miller as de mislearre ûntfiering út 1978 sit. It docht bliken dat Charles en Anna-en-dy te krijen hawwe mei in ierdgeast dy't oarspronklik út Skotlân kaam, oant him de grûn dêr te hjit ûnder de fuotten waard. Hy ûntfiert lytse bern en hâldt dy in jier en in dei finzen yn in soarte fan stasis foar't er harren deadet en it lichem preservearret en opslacht. Dêrnei ûntfiert er in nij bern. Dizze ierdgeast stiet bekend as de 'Poppesamler'.

De wâldgeast jout Charles en Anna-en-dy ek in adres dêr't de Poppesamler lang wenne hat. As Charles en Anna dêr mei Fisher, Marsden en Leeds hinne geane, ûntdekt Anna der op 'e souder tweintich stoflike omskotten fan lytse bern, en ien libbene mar slim traumatisearre Amethyst Miller, dy't út 'e stasis befrijd en mei har âlden weriene wurde kin. De eigner fan it hûs blykt in Sean McDermit te wêzen, in pinsjonearre man dy't parttime as skjinmakker yn 'e kres wurke dêr't Amethyst en Chelsea Sani har bern op sieten. De plysje kin him sûnder swierrichheden arrestearje; Charles en Anna binne dêrby net belutsen, en it slagget aginte Fisher net om har by de arrestant talitten te krijen. Sadwaande sit der foar harren neat oars op as ôf te wachtsjen.

De folgjende dagen bringe Charles en Anna troch mei it besjen fan 'e hynders dy't beskikber binne foar de ferkeap yn 'e stâlen fan Hosteen en Kage. Der wurde grappen makke oer ien fan 'e hynders, Hephzibah, byneamd Hellbitch, dy't de mannen sabeare ek wol ferkeapje wolle. Dat is lykwols sa'n falsk en gemien ûndier dat der lân noch see mei te besilen falt. Underwilens komt Anna it gefal wer yn 't sin fan it fiifjierrige jonkje dat yn 1978 troch in wearwolf fan ûntfiering troch de Poppesamler rêden waard, en sy freget Hosteen oft dy wit wat der wurden is in wearwolf dy't fan Archibald Vaughn hiet. Hosteen antwurdet dat er dy yn it neijier fan 1979 útinoar skuord troch in ierdgeast weromfûn hat. Dat jout Anna oanlieding om har ôf te freegjen wêrom't in ierdgeast dy't by steat is en skuor in wearwolf útinoar, himsels samar sûnder slach of stjit oppakke en ôffiere lit troch de plysje.

It is in smoardrokke tiid op it bedriuw fan 'e famylje Sani, want de alve dagen duorjende Scottsdale Arabian Horse Show begjint dy wike. Sawol Kage as de beide jongste bern Michael en Mackie dogge mei oan ferskate ûnderdielen, en boppedat is der in hynstekeuring dêr't de hynders fan de fokkerij toand wurde moatte. Charles en Anna krije te hearren dat alle klassen fan de kres it evenemint besykje sille, en hâlde dêrby yn 'e mande mei de wearwolven fan Hosteen syn troep in eachje yn it seil, mar de bart neat.

Ek de deasike Joseph wol beslist nei de hynsteshow ta, mar jûns komt er dea-ynein wer thús. As Charles him nei syn keamer draacht, merkt er dat der geasten binne dy't wat fan him wolle. It sjen fan geasten is in fermogen dat er fan syn pake oan memmekant urven hat, dat in Yndiaanske medisynman wie. Ornaris giet it om natoergeasten dy't er gewaarwurde kin, mar diskear lykje it geasten fan 'e ferstoarnen te wêzen. Under harren oanwizing leit Charles syn âlde freon de hannen op en jout him nije enerzjy. Oan 'e sykte kin er neat feroarje, mar Joseph kin no teminsten goed rêste, ynstee fan mei de hazzesliepkes dêr't er it de lêste moannen mei dwaan moast fanwegen de pine. Neitiid geane Charles, Anna, Max en Michael in eintsje út te hynsteriden. Mackie bliuwt mei har beppe Maggie, Joseph syn frou, thús om om Joseph te tinken. Hosteen, Kage en Chelsea binne noch op 'e hynsteshow. Under harren ritsje krije Charles en Anna berjocht fan aginte Fisher dat Sean McDermit in dûbelgonger ferfeardige fan takkebosken wie, en dat de wiene Poppesamler noch altyd op frije fuotten is.

As Joseph wekker wurdt, fielt er him as in jongeman fan tweintich jier. Hy giet derôf, mar ûnder it oanklaaien ferskynt him de geast fan in lyts jonkje, dy't tsjin him seit: "De ierdgeast kin der út sjen as wa dan ek. Hy komt deroan." Joseph sil nei ûnderen ta as er in auto oankommen heart. It blykt frou Edison, de direktrise fan 'e kres, te wêzen. Joseph skillet Charles mei it boadskip dat de ierdgeast der is en glûpt dan nei bûten ta. Hy is bang dat er foar syn frou neat mear dwaan kin, mar as de ierdgeast syn pakesizzer Mackie ûntfiere wol, is er wisberet om dat tsjin te kearen. Hy stekt fan alle auto's ien bân lek, en draaft dan nei de stâlen ta. Alle rydhynders binne op 'e hynsteshow of yn 'e greide, útsein Hephzibah, dy't er opsealet. Dan ferskûlet er him yn in lege stâl. De ierdgeast hat ûnderwilens sûnder muoite ôfweefd mei Maggie, mar as er mei Mackie wer bûten komt, blykt fan syn auto in bân lek te wêzen en fan alle oaren ek. Uteinlik sjocht er yn 'e stâlen in opseale hynder stean, dat er út syn stâl hellet en bestiget.

Charles hat ûnderwilens yn wearwolvefoarm de hynstefokkerij ek berikt en is krekt op 'e tiid om te sjen hoe't de falske Hephzibah de ierdgeast der mei oernuet gedrach ta bringt om der even net goed om te tinken. Dan smyt er him en Mackie ôf yn ien fan 'e gemienste bokbewegings dy't Charles ea sjoen hat. Sadree't de Poppesamler oer de grûn leit springt Charles boppe-op him. Hy kriget fersterking fan twa ferwûne wearwolven fan Hosteen syn troep, dy't it hûs bewekje moasten, en dy't de ierdgeast earder al oer it mad kommen wie. Lykwols kinne se it wêzen trijeresom noch net oan. De Poppesamler hat in foarm fan magy dy't syn tsjinstanner de behearsking oer it eigen lichem ûntnimt as se him oanreitsje, en al rillegau lizze de trije wearwolven warleas oer de grûn. Joseph beslûpt it wêzen fan efteren en stekt him in mês tusken de skouderblêden, mar kriget dêrby sa'n terwinkel dat er útskeakele is.

Krûpende giet de Poppesamler op 'e bewusteleaze Mackie ta, mar de falske merje Hephzibah warskôget him mei de earen plat op 'e holle en de sturt rjocht omheech. As er trochkrûpt draaft it hynder nei him ta en wâdet him in pear kear flink tsjin 'e lea oan om himsels dêrnei wer tusken de ierdgeast en it bewusteleaze famke yn te plantsjen. Tsjin dy tiid arrivearret Anna op it hynder dêr't se op út te riden wie. Hja grypt it mês fêst dat de Poppesamler noch altyd tusken de skouderblêden útstiket, snijt him der de wringe mei troch en hout him der dan de holle mei ôf. Dat blykt sels foar in ierdgeast fan syn kaliber fatale gefolgen te hawwen. Koarte tiid letter stjert de swierferwûne Joseph Sani dêr kalm op 'e grûn efter de stâlen, yn 'e folle tefredenens dat er syn pakesizzer rêden hat. Neitiid kieze Charles en Anna in hynder út dat se meinimme nei hûs yn Montana, mar Hosteen en Kage meitsje der gjin grappen mear oer om harren Hephzibah op 'e hûd te skowen, want dy is net mear te keap.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows

Tags:

Roman Fan Patricia Briggs Dead Heat YnhâldRoman Fan Patricia Briggs Dead Heat2015Ace BooksAlpha and Omega-searjeFantasy (sjenre)Feriene SteatenFertelperspektyfGrut-BrittanjeHardcoverNew York (stêd)Orbit BooksPaperbackPatricia BriggsPersoneel perspektyfRomanSkriuwsterUrban fantasyWearwolfÚtjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SokratesEmiraat Dûbai$Julie SkyhighHelpMia Li1963FellatioOera Linda BoekHeechlearaarSjiïsmePriya PriceKirgyzjePrêrjewolfGazastripeRoomsk-Katolike Tsjerke1971Antonie Frederik ZürcherStutenWebsideTaalStrawelteRôfdierenMole19837 aprilNational Broadcasting Company2006List fan sterke tiidwurden yn it FryskFuotbalFreedJapanskSalma Hayek18 junyÛndersoarteJulianna VegaPlysjeHongarijeVanessa SkyPersia MonirMerknammeFerspriedingsgebietMoskou4 junyGNU/FDLSkrillerMarksismeArgentynjeFleanboatLiteratuerFrysktalige WikipedyHans Vredeman de Vries13 juny2018AstronoomTuneezjeMarijn KuipersIstanbûl1938Ynterfryske Flagge11 maartKartaachske RykFideoKnier (lichemsdiel)TransportRomantyk (leafde)Moriah MillsISBNKeninkryk Grut-BrittanjeBill GatesJeraazjeSS-TotenkopfverbändeFolksmuzykAmerikaanske Loftmacht🡆 More