De Wiko's

De Wiko's wie in Frysk amusemintorkest dat meast Nederlânsktalige ferskes song.

It waard yn 1969 oprjochte troch akkordeonist en boer Kobus Algra út Menaam tegearre mei Wytske Tjoelker en Simon Kromkamp. Oktober 2013 hâlden te Wiko's op te bestean.

De Wiko's
De Wiko's band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit De Wiko's Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk
sjenre amusemint
bestean 19692013
âld-leden Kobus Algra
Wytske Tjoelker
Simon Kromkamp
Eduard Bosker
Geert van der Ven
Marian Giesing
Aafke Visser
Hepie Hiemstra

It trio spile op doarpsfeesten, brulloften en feesten. De besetting wiksele geregeld. Algra skreau yn de rin fan de jierren in flink oantal klassikers as 'It Bûthúsbankje', 'Hoantsje op 'e toer' en 'Ariba en Olé'. Mei ûnder mear sjongster Hepie Hiemstra (fan Hepie & Hepie) makken De Wiko's inkele hits, wêrûnder Op Het Perron, Neem Voor Mij Maar Een Ander en Ik Zal Geen Traan Meer Om Je Laten. Sûnt ein jierren tachtich wie De Wiko's it duo Kobus Algra en Eduard Bosker.

De Wiko's namen ôfskied mei in konsert op 30 oktober 2013 yn Menaam. Sy hâlden der mei op, omdat sjonger Kobus Algra slim siik waard. It konsert waard live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Nei harren ôfskied skoarden de Wiko's yn 2013 in nûmer ien hit yn de Fryske Top 100 mei It Bûthúsbankje.

Diskografy

LP

  • De laatste dans (1979)
  • De Wiko's
  • Roodborstserenade

CD

  • Werom yn e tiid
  • Fryslân muzyklân, 2 (mei oaren)

Singles

  • Ariba en Olé
  • Op het perron (1977)
  • Ik zal geen traan om je laten (1978)
  • Vlucht 1203 (1978)
  • Achter m'n bakkie (1979)
  • Tranen heb ik om jou gehuild (1980)
  • Dromen zijn bedrog (1983)
  • Adio mijn amigo

Keppeling om utens

Tags:

De Wiko's DiskografyDe Wiko's Keppeling om utensDe Wiko's19692013FryslânKobus AlgraMenaamNederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Adam en Eva (plant)Sicario (film út 2015)Bob DylanSpienBruorren GrimmDollarRussysk2020Jaylene RioTwadde WrâldkriichOpstanningstsjerke (Tomsk)Noardlike NjonkenlinenReklamespotsjeKai NobelFerkundigingskatedraal (Kazan)Bedum (plak)FryslânFrankrykGeorge W. BushNoard-IerlânReklamefilmkeMidslânskJuliaanske kalinderPrins EdwardeilânArabyskGeorgje6 augustus5 desimberFroukje AnnemaHelpMoriah MillsGoldbandAudree JaymesAlgerijeList fan planetoïden 6001-7000Trio (seksualiteit)Karelië (dielrepublyk)Golf fan RigaYves BaillatSkiednisList fan planetoïden 88001-89000AmmoniakGokkenFormule 1 yn 201828 febrewarisSkearmês fan OckhamPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Joost van den Vondel2021Ricki RaxxxBernepornografyPaleokontinintDanijel DizdarevicSandy MilzAlde EgypteAartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)AsteroïdeOsmaanske RykNoarwegenDominion NijfûnlânHêgelânspoarHaadsidePeléSingapoerPornografysk aktriseTransportAppingedamSinaNikola TeslaSylviidaeJierEnsyklopedy🡆 More