De film De Gouden Swipe is in Frysktalige film fan Steven de Jong, nei it boek De Gouden Swipe (1941) fan Abe Brouwer.
De rjochten op it boek wienen earst kocht troch Joop van den Ende, dy’t der in telefyzjesearje fan meitsje woe, mar nettsjinsteande it krewearjen fan Hans Wiegel woe it bedriuwslibben him net stypje.
Steven de Jong fan Snits hat foar it meitsjen fan dizze Frysktalige film lotten ferkocht. Friezen koenen helpe troch lotsjes te keapjen en makken sa kâns op de haadpriis: in echt hynder. Der waard in hynsterees mei bekende Nederlanners organisearre en elk fûns waard oanskreaun dat mar in gûne oer hie foar it meitsjen fan De Gouden Swipe. It NOB stuts de helpende hân ta troch tsjin redusearre taryf fasiliteiten beskikber te stellen.
Nei acht jier koe de film makke wurde. Opnaam yn 24 dagen, mei een budzjet fan acht ton ( stipe troch it CoBo Fûns en de TROS) yn Nijlân, Allingawier, De Jouwer, Húns, Hichtum en Parregea. Rense Westra soe yn it earstoan eins in byrol krije, mar krige de haadrol troch it ôfsizzen fan de bedoelde haadrolspiler.
De kritiken wiene tige ûngelyk, mar it Fryske publyk wie entûsjast. It Filmhûs yn Ljouwert (Stifting Filmsintrum foar Film yn Fryslân) hat sels ekstra foarstellings ynlaske. De film hat allinnich yn de Fryske bioskopen draaid.
Yn desimber 1996 hienen der al 11.000 minsken nei sjoen. Nei mear as 170 foarstellings bûten de gewoane distribúsjekanalen om stie de teller boppe de 20.000. En dêr wie it net mei oer: mear as 50.000 minsken seagen de film.
In 1997 waard De Kast mei it sjongstik út de film, In nije dei, bekend yn Nederlân. Op 1 desimber 1997 ferskynde de film op keapfideo, mar in oanfraach by it Nederlânsk Fûns foar de Film rûn doe noch.
De Gouden Swipe fertelt it ferhaal út de tritiger jierren fan de Fryske boer Douwe Walinga. Dy is lykas syn soan Ate gek op hurddraverijen. In gefjocht mei syn buorman Wilco Heerenga feroaret harren omgong. Douwe mient dat it letter wer goed is, mar Wilco bliuwt fijannich. Douwe syn grutte pasje foar hynders giet lykwols ten koste fan it buorkjen. Op in dei moat Douwe dêrtroch jild liene by syn buurman Wilco. Wilco slacht letter my Douwe syn frou Liesbeth om. Ate fernimt dat syn mem fertuteazet, beskuldiget Wilco fan oerspul en sjantaazje. Douwe kiest de kant fan de buorman en jout syn soan in pak op 'e bealch. Breinroer naait Ate út. De fete tusken heit en soan wurdt beslechte op 'e drafbaan, dêr’t beide stride om de begearde Gouden Swipe.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article De Gouden Swipe (film), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.