Doarp De Bilt

De Bilt is ien fan de seis doarpen of doarpskearnen yn de gemeente De Bilt yn de provinsje Utert.

Op 1 jannewaris 2020 hie De Bilt 10.870 ynwenners.

Doarp De Bilt
Lizzing yn de gemeente De Bilt
Doarp De Bilt
Winkelstrjitte De Bilt
Doarp De Bilt
Utertskewei De Bilt
Doarp De Bilt
Doarpstsjerke De Bilt

De namme fan it doarp komt fan 'belt'. In belt is in heuveltsje, wat fergelykber is mei it hjoeddeiske bult. It plak is ûntstien op ien fan de útrinners fan de Utertske Heuvelrêch.

Skiednis

De ûntsteansskiednis fan De Bilt giet werom oant de 12e iuw en hinget ûnder mear gear mei it ôfdamjen fan de Kromme Ryn yn 1122. Troch de mear en mear weromkommende oerstreamings fan de Kromme Ryn wie it gebiet sompich en min tagonklik. De ôfdaming, dien yn opdracht fan biskop Godebald, makke de ûntginning fan it gebiet mooglik.

By akte fan 14 maart 1122 skonk Mathildis, frou fan de Dútske keizer Hindrik V, oan it krekt oprjochte dûbelkleaster Oostbroek, dat letter in Benediktinenkleaster waard. Dit kleaster krige in ivichduorjend besit fan it heule moerasgebiet Oostbroek en it oangrinzjende grûngebiet, dat nefens bedoelde akte yn it spraakgebrûk 'vene' neamd waard. Net allinnich waard it grûngebiet skonken, mar ek inkele hearlike rjochten lykas it rjocht fan tijnsheffing (greeflike erfpacht) en it ynjen fan tsienden, krektas it rjocht ta wetjouwing, rjochtspraak en bestjoer.

De datum fan dizze skinkingsakte wurdt dêrom ek beskôge as it begjin fan it lokale oerheidsgesach. Sûnt 1997 wurdt 14 maart yn de gemeente De Bilt offisjeel Mathildedei neamd. Fierders wurdt De Bilt neamd yn 1372, as ien fan de plakken dy't ferwoaste is troch de Geldersken.

Yn 1644 waard de Biltse Grift oanlein, in kanaal. Yn de 17e en 18e iuw ferkochten Steaten fan Utert grutte stikken grûn (dy't ûnder oare yn eigendom west hiene fan de kleasters) oan fermogende boargers, dy't der in soad bûtens setten. De Bilt is sûnt lange tiid trochgongsplak fan it easten nei Utert, wêrtroch't der herbergen en byhearrende ambachten ûntstienen oan de Doarpsstrjitte.

Foarsjennings en it besjen wurdich

  • It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút (KNMI)
  • It atelier en byldetún fan Jits Bakker, te finen neist it doarp.
  • Ferskate bûtenpleatsen en lângoeden fan de Stichtse Lustwarande:
    • Lângoed Vollenhoven → ien fan de âldste lângoeden yn de streek
    • Lângoed Houdringe
    • Lângoed Beerschoten
    • Lângoed Sandwijck
  • Van Boetzelaerpark
  • De âlde skoalle. Yn orizjinele steat ferkearend gebou út 1652.
  • Doarpstsjerke oan de Doarpsstrjitte út 1652.
  • Tusken De Bilt en Utert leit it Fort de Bilt.

Berne yn De Bilt

  • Jits Bakker, keunstner
  • John Blankenstein, skiedsrjochter en homoaktivist
  • Berend Boudewijn, akteur, presintator, teaterdirekteur en tv-regisseur
  • Gerard Ekdom, radio-diskjockey
  • Bas Haring, filosoof, skriuwer en tv-presintator
  • Coen Swijnenberg, radio-diskjockey
  • Jan Waaijer, politicus

Keppeling om utens

Doarp De Bilt 
De Bilt
Doarp De Bilt 
Doarpen:
BilthovenDe BiltGroenekanHollandsche RadingMaartensdijkWestbroek
Buorskippen:
Achttienhoven
wizigje

Tags:

Doarp De Bilt SkiednisDoarp De Bilt Foarsjennings en it besjen wurdichDoarp De Bilt Berne yn De BiltDoarp De Bilt Keppeling om utensDoarp De BiltDe Bilt (gemeente)Utert (provinsje)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RivierKartaachske RykMinnie BeetsMarilyn CrystalPûn sterling15 aprilIstanbûlAstronoomLongûntstekkingKirgyzjeCarles PuigdemontFryskKaliningradMolePearsRaerd1963Skaai (taksonomy)20e iuwStar WarsGroubekpappegaaidoSiblingItaljaanskEva Wiessing18 febrewarisFrankrykUraniumEl NiñoEmiraat DûbaiAjaks (mytology)Minsklike seksuele aktiviteitGrutte-boarstesjenreTechnykBeauty DiorLeafde6 augustusLetlânMartelder1200KunnilingusJeraazjeAnita Blond29 desimberOrale seksBalletFal fan it Westromeinske RykEast-JeropaHans Vredeman de Vries30 novimberRob FordKontraktKeninkryk Grut-BrittanjeGazastripeSaûdy-AraabjeMarksismeYnternasjonaal Systeem fan IenhedenKarnivoarBiskopKya TropicLarruak eta IzurrakPinguïns19521945DierenTurkskFeriene Arabyske Emiraten2003Kagney Linn KarterHûneftigenLuna SilverKwame NkrumahMontana🡆 More