Dan Brown

Dan Brown (folút: Daniel Brown; Ekseter (Nij-Hampshire), 22 juny 1964), is in Amerikaansk skriuwer fan skrillers.

Weromkearende tema's yn syn boeken binne in skatjacht dy't binnen 24 oeren ta in goed ein brocht wurde moat, en fierders kryptology, kaaien, symboalen, koades en gearspanningsteoryen. Brown is fral ferneamd wurden troch syn bestseller The Da Vinci Code, út 2003. Syn boeken binne oerset yn 53 talen en der wiene oant en mei 2012 al mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Trije fan syn romans binne ferfilme yn it ramt fan 'e Robert Langdon-filmsearje, te witten: The Da Vinci Code, Angels & Demons en Inferno.

Dan Brown
Dan Brown skriuwer
Dan Brown
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daniel Brown
nasjonaliteit Dan Brown Amerikaansk
berne 22 juny 1964
berteplak Ekseter (Nij-Hampshire)
etnisiteit Dan Brown Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre detektiveromans, skrillers
bekendste
  wurk(en)
The Da Vinci Code
Inferno
útjouwer Luitingh-Sijthoff (yn Nederlân)
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
www.danbrown.com

Libben

Jonkheid

Dan Brown is hikke en tein yn Ekseter, yn 'e steat Nij-Hampshire. Hy wie de âldste fan trije bern yn it gesin fan Richard G. Brown, in wiskundelearaar oan 'e prestizjeuze Phillips Exeter Academy, dy't him fan 1968 oant syn pinsjoen, yn 1997, talei op it skriuwen fan skoalboeken, en dy syn frou Constance, in profesjoneel muzikante dy't teffens de oargeniste wie yn 'e pleatslike Episkopaalske tsjerke. As bern wie Brown faak al oeren deis dwaande mei koades, puzels en anagrammen dy't ferbân holden mei syn heite wiskunde en syn memme muzyk. Op jierdeis en mei de kryst waarden de presinten net gewoan oerlange of ûnder de krystbeam lein, lykas yn normale gesinnen, mar krigen de bern in skatkaart mei kryptyske oanwizings en moasten se sels mar útfigelearje wêr't de kado's ferburgen wiene.

Brown gie nei de legere skoalle yn Ekseter, foar't er fierder learde op syn heite wurkpak, de Phillips Exeter Academy, in eksklusive kostskoalle wêrfan't de learkrêften op 'e kampus wennen en dêr't tillefyzje net tastien waard en it sosjaal fermidden tige kristlik wie. Brown siet der op it tsjerkkoar, moast nei sneinsskoalle en gie mei op kamp fan 'e tsjerke. Nei't er yn 1982 syn middelbere skoaloplieding oan Phillips Exeter ôfrûne hie, gied er oant 1986 nei it Amherst College, te Amherst, yn Massachusetts, dêr't er Ingelsk en Spaansk as haadfakken hie en les krige fan û.o. de romanskriuwer Alan Lelchuk. Yn 1985 studearre er in jier skiednis oan 'e Universiteit fan Sevilla, yn Spanje.

Muzykkarriêre

Brown hie syn sinnen set op in karriêre as popmuzikant, en hy pielde wat om mei syntesizers. Hy brocht in album foar bern út mei as titel SynthAnimals, dat er sels produsearre en dêr't in pear hûndert eksimplaren fan ferkocht waarden. Dêrnei sette er útein mei syn eigen platemaatskippij ûnder de namme Dalliance, en yn 1990 joech er de cd Perspective út, dy't op in folwoeksen publyk rjochte wie en dêr't op 'e nij mar in pear hûndert eksimplaren fan oer de toanbank giene. Yn 1991 ferfear er nei Hollywood, mei as doel om in karriêre as singer-songwriter en pianist te begjinnen. Om yn syn ûnderhâld te foarsjen, joech er yn dy snuorje les oan 'e Beverly Hills Preparatory School, in middelskoalle yn Beverly Hills.

Teffens sleat er him oan by de National Academy of Songwriters, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Blythe Newlon, in frou dy't tolve jier âlder wie as hy. Hja holp him by syn karriêre yn 'e muzyk, en se krigen in relaasje dy't se lange tiid geheim holden foar harren om-en-by. Pas yn 1993, doe't Brown weromferhuze nei Nij-Hampshire en Newlon meigie, kaam de moard út. Yn 1997 trouden se te Conway, yn Nij-Hampshire. Nei syn weromkear yn it noardeasten brocht Brown noch in pear cd's út: Dan Brown, yn 1993, en Angels & Demons, yn 1994. (De foarkant fan it album Angels & Demons wie sabeare makke troch in John Langdon. Dy efternamme soe Brown letter ek brûke foar syn haadpersoan yn 'e roman Angels & Demons.) Tsjin 1994 wie de muzyk lykwols al mear in hobby as in karriêreset foar Brown. Ynstee waard er learaar Ingelsk oan Phillips Exeter, wylst er dêrnjonken Spaanske les joech oan in legere skoalle yn Hampton Falls.

Skriuwkarriêre

Doe't er yn 1993 op fakânsje wie op Tahity, lies Brown de roman The Doomsday Conspiracy, fan Sidney Sheldon, dy't him ynspirearre om sels ek skrillers te skriuwen. Hy sette útein mei syn earste roman, Digital Fortress, dat foar in grut part spilet yn Sevilla, dêr't er goed bekend wie fanwegen it stúdzjejier dat er dêr trochbrocht hie. Underwilens skreau er yn 1995 tegearre mei Newlon ûnder it pseudonym Danielle Brown it koartswilige boek 187 Men to Avoid: A Guide for the Romantically Frustrated Woman ("187 Manlju om te Mijen: In Gids foar de Romantysk Frustrearre Frou"). Inselde soarte publikaasje, The Bald Book (dat er ek tegearre mei syn frou skreau) ferskynde yn 1998, itselde jiers dat Digital Fortress útkaam. Sûnt 1996 lei Brown him foltiids op syn wurk as skriuwer ta. Yn dy nije karriêre krige er folop stipe fan syn frou, dy't njonken de beide boeken dy't se tegearre skreaune, ek de promoasje foar Digital Fortress op har naam en fierders bydroech oan it skriuwen fan Brown syn tredde roman, Deception Point, dy't yn 2001 útjûn waard (Brown betanke har yn it foarwurd foar har kreätive ynset).

Brown syn earste boeken diene it goed, mar net útsûnderlike goed; minder as 10.000 ferkochte eksimplaren wie foar syn dwaan normaal. Mar yn 2003 briek er troch doe't er in klapper fan in boek skreau, The Da Vinci Code, dat fuortborduere op it yn 2000 ferskynde Angels & Demons, mei symbolykekspêr Robert Langdon yn 'e haadrol. Al nei ien wike stie The Da Vinci Code boppe-oan op 'e ferkeapranglisten, en yn 2005 kaam Dan Brown yn 'e top 100 list foar as ien fan 'e meast ynfloedrike minsken op 'e wrâld. The Da Vinci Code is no ien fan 'e populêrste boeken aller tiden, mei yn totaal 81 miljoen ferkochte eksimplaren wrâldwiid. Troch dat súkses waarden Brown syn trije eardere romans ynienen ek populêr. Yn 2006 is de The Da Vinci Code ûnder deselde namme ferfilme, mei topakteur Tom Hanks yn 'e haadrol as Robert Langdon. In diel fan 'e filmmuzyk waard troch Dan Brown sels spile. Yn 2009 folge de ferfilming fan Angels & Demons, ek wer ûnder deselde namme, en op 'e nij mei Tom Hanks yn 'e haadrol.

Yn 2009 kaam it trêde boek yn 'e searje oer Langdon út, The Lost Symbol, dêr't op 'e earste dei al mear as in miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Grut-Brittanje allinnich. Dêrop waard yn 2021 de tillefyzjesearje The Lost Symbol basearre. Yn in fraachpetear yn 2006 hat Brown sein dat er plannen hat foar in rige fan yn totaal tolve boeken oer Langdon, dat hy kin noch even foarút. Yn maaie 2013 kaam diel 4 út, Inferno, dat ek fuortendaliks in bestseller waard en yn 2016 ferfilme waard as Inferno. De roman waard troch Abe de Vries yn opdracht fan útjouwerij Luitingh-Sijthoff yn it Frysk oerset waard, ûnder de titel Ynferno.

Op útnûging fan Ids Hellinga, direkteur stamboeksaken fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek, brochten Brown en de frou mids jannewaris 2014 in besyk oan Nederlân. Dêrby diene se yn Amsterdam û.m. it Ryksmuseum oan, dêr't se nei slutingstiid in priveerûnlieding krigen, besochten se yn Fryslân de hynstekeuring fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek, en die Brown in synjearsesje yn Boekhannel Van der Velde, oan 'e Ljouwerter Nijstêd. Yn septimber 2018 wie Brown op 'e nij yn Fryslân, diskear om 'e hynstemuzykteätershow De Stormruiter yn it WTC Expo te sjen, dêr't er boppedat de offisjele ambassadeur fan makke wie. Hy waard op dy reis beselskippe fan syn heit Richard, de wiskundelearaar, mei wa't er ek de tentoanstelling Escher op Reis yn it Frysk Museum en it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer besocht.

Wurk

Diskografy

  • 198? - SynthAnimals (album foar bern)
  • 1990 - Perspective
  • 1993 - Dan Brown
  • 1994 - Angels & Demons
  • 2003 - Musica Animalia

Bibliografy

    humoristyske wurken
  • 1995 - 187 Men to Avoid (tegearre mei syn frou Blythe Newlon Brown skreaun ûnder de skûlnamme Danielle Brown)
  • 1998 - The Bald Book (tegearre mei syn frou Blythe Newlon Brown skreaun)
    op harsels steande romans
  • 1998 - Digital Fortress
    • Dan Brown  Nederlânske oersetting: Het Juvenalis Dilemma (fert. Josephine Ruitenberg, 1998)
  • 2001 - Deception Point
    • Dan Brown  Nederlânske oersetting: De Delta Deceptie (fert. Josephine Ruitenberg, 2001)
    Robert Langdon-romans
  • 2000 - Angels and Demons
    • Dan Brown  Nederlânske oersetting: Het Bernini Mysterie (fert. Josephine Ruitenberg, 2000)
  • 2003 - The Da Vinci Code
    • Dan Brown  Nederlânske oersetting: De Da Vinci Code (fert. Josephine Ruitenberg, 2003)
  • 2009 - The Lost Symbol
    • Dan Brown  Nederlânske oersetting: Het Verloren Symbool (fert. Marion Drolsbach, Erica Feberwee, Pieter Janssens en Yolande Ligterink, 2009)
  • 2013 - Inferno

Filmadaptaasjes

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar algemiene boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Dan Brown LibbenDan Brown WurkDan Brown Keppeling om utensDan Brown19642003201222 junyAngels & Demons (film)BestsellerFeriene SteatenInferno (film út 2016)Nij-HampshireRobert Langdon (filmsearje)RomanSkrillerSkriuwerThe Da Vinci Code (film)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OmanAlgemien direkteurKristina LionDouwe van der MeulenOekraïneAnargismeKanadaTeanOlympyske Simmerspullen 1956LatynArabyskWebcam16e iuwTsjechjeKoördinearre WrâldtiidKjifdierenGokkenEtiopysk-Otterdokse TsjerkeJohan FrieswijkWetterstof14e iuwMoriah MillsMFerkundigingskatedraal (Kazan)Veronica RodriguezIvanovski-kleaster (Pskov)Vienna BlackSuffolkMaya BijouHendrik ConscienceAudulfLetlânUntsliepeniskatedraal (Vladimir)Lexi DiamondJulie SkyhighSêfte BroeierFryske RykNâleMeksikoPippi LanghoasArcheologyLucy LawlessDûnsList fan spoarlinen yn NederlânWite BrânnettelEva Karera1 julyEpifanykatedraal (Tomsk)Pepyn fan HerstalYonkers (New York)Aartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)Nikola TeslaTony Beets24 maartWeimarrepublykHenk van der VeerRussyskMarokkoMarijn KuipersHouwerzijlSwierwêzenMe Before You (film)Osmaanske RykFryslân BoppeSylviaKalkulatorGolf fan Riga🡆 More