In dak is it boppeste diel fan in gebou of in oar bouwurk (lykas in carport of in weranda), dat bedoeld is om beskutting te bieden tsjin fleanend dierte en tsjin waar (yn 't bysûnder tsjin delslach, wyn, kjeld en sinneljocht).
Under de term 'dak' wurdt ornaris sawol ferstien de eigentlike ôfdekking fan in bouwurk as it ramtwurk dat dy ôfdekking ûnderstipet. It krekte arsjitektoanyske ûntwerp fan in dak ferskilt fan gebiet ta gebiet, en hinget net inkeld fan 'e yn sa'n regio tradisjonele boustyl ôf, mar wurdt ek sterk beynfloede troch de pleatslike klimatologyske omstannichheden en de beskikbere boumarialen.
Der besteane ferskate soarten dakken, dy't yn it foarste plak yndield wurde kinne nei foarm:
koepeldak: in dak yn 'e foarm fan in heale bol
plat dak: in horizontaal ôfplatte dak, dat faak berikber is fia in treppen en yn gebrûk is foar it drûgjen fan wask, sinnebaaien of it oanlizzen fan in daktún
sealdak (of seal): in dak besteande út twa skeane flakken (of dakskylden), dy't yn 'e midden op it heechste punt (in line: de naal) gearkomme
skylddak (of wulfdak, wolvedak): in dak besteande út fjouwer skeane flakken (of dakskylden), dy't op it heechste punt gearkomme
Dakken kinne ek yndield wurde nei dakbedekkingsmateriaal:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roofs fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Dak, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.