Daasjers

De Daasjers (Latynsk: Daci, Gryksk: Dákai) wienen in Yndo-Jeropeesk folk dat yn Daasje (tsjintwurdich Roemeenje) en parten fan Moesja libbe hat.

De earste skreaune berjochten oer dit folk datearje út de Romeinske tiid. De Daasjers wienen besibbe mei de Geten en waarden sjoen as in Trasysk folk.

Daasjers
Leefgebiet fan de Daasjers

It wengebiet fan de Daasjers wie foaral yn Transsylvaanje en it westen fan Walachije. Yn East-Walachije en de Dobroedzja wennen mei de Daasjers ferwante Geten en yn Moldaavje libben de allyksa besibbe Karpen.

Befolking

It Dasyske folk soe likernôch 2.000.000 sielen grut west ha. Omrekkene dat it yn dy tiid gewoan wie dat 1/10 part fan de hiele befolking yn it leger tsjinne, kin sein wurde dat it leger likernôch 200.000 man grut wie. Hjirmei hie Daasje nei it Romeinske ryk it grutste tal ynwenners fan Jeropa.

Nei de oermastering

Yn 107 waard Daasje oermastere troch de Romeinen. In grut part fan de befolking kaam om yn de kriich. De Romeinske keizer Trajanus liet om-ende-by 150.000 Daasjers as slaven fuortfiere. De Daasjers dy't oerbleaune, fermongen harren mei de Romeinske kolonisten en namen de Latynske taal oer. Harren neisieten waarden iuwenlang oantsjutten mei de namme Walachen, dy't sy troch de Slavyske folken krigen. Pas yn de 19e iuw krige Daasje har hjoeddeistige namme Roemeenje.

Tags:

DaasjeRomeinske Ryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ljouwert (stêd)HaadsideSwartnoasklapperiikhoarntsjeWindhoekEjakulaasjeJ.K. RowlingGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004EeldeRiemkje Pitstra1935Moriah MillsSlach om BerlynEreksjeMuskusrôt2001Saya SongGrutte Heitelânske KriichMya NicholeIngelumToskdoPake en beppe26 augustusKarnivoar1 febrewarisJade KushKalifornjeTynaarloSavannah GoldAmstel (rivier)Meso-AmearikaSeksuele penetraasjeSamoähunningiterNoard-AmearikaAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996Amerikaansk fuotbalWikipediaGriken9 maaieRamon (pornografysk akteur)4 novimber22 novimberSkiednisHurde pornografyTony van der MeulenTamboraAnne Tjerk PopkemaWolkekliuwerJ.R. CarringtonBang BrosSkotskMoskeftigenGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007OezbekistanDo-eftigen1769JeropaSlowakijeLycklama à NijeholtMaya BijouMemPenisAnusSean Lawless25e iuwAudree JaymesSteatsfoarmKeltyske talenFriezen🡆 More