Coulonhûs

It Coulonhûs is in steatlik pân en ryksmonumint op de hoeke fan de Doelestrjitte/Grienewei yn Ljouwert.

It is mei de keppele gebouwen oan de Doelestrjitte it ûnderkommen fan de Fryske Akademy. It hoekpân is yn 1713 set. Ferskate keamers binne ynrjochte yn 'Hollânske' Loadewyk XIV-styl, mei bysûndere skilderijen en houtfykwurk.

Coulonhûs
It Coulonhûs yn 2013

Anthonius Coulon

It hûs is neamd nei de earste bewenner Anthonius Coulon, dy't it hûs yn de 18e iuw sette liet. Anthony waard yn 1682 berne yn Frankryk. Hy flechte as hugenoat mei syn famylje ein 17e iuw nei Amsterdam. Oan it begjin fan de 18e iuw fêstige hy him yn Ljouwert as boumaster fan de Fryske steedhâlders. Coulon wurke as boumaster foar steedhâlder Johan Willem Friso, syn widdo 'Marijke-Meu' en harren soan, dy't letter, as Willem IV, de earste algemien steedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen waard.

Anthonius Coulon ferstoar yn 1749. De grêfstien fan Coulon stiet yn de tún fan de Akademy. Syn wurk waard fuortset troch ien fan syn soannen, dy't as boumaster foar steedhâlder Willem V wurke. In oare soan wurke as útjouwer by de Frjentsjerter Universiteit.

Fryske Akademy

Yn it oprjochtingsjier 1938 beluts de Fryske Akademy twa keamers yn it Coulonhûs. Wyls brûkt de Fryske Akademy ek de neistlizzende pânen. Op de hoeke fan it gebou sit in rige wapenstiennen fan Fryske gemeenten, fan de provinsje Fryslân, de Dútske Fryslannen en de Ottema-Kingma Stichting. Dy hawwe allegear in soad bydroegen oan de ferbouwing fan it hoekpân yn de jierren fyftich fan de foarige iuw. It grutte brûnzen wapen fan de Fryske Akademy wurdt beskerme troch in swan dy't de provinsje Fryslân foarstelt. Dit gehiel is in geskink fan 'Den Haag'. Yn 1959 waard it ferboude Coulonhûs iepene en krigen alle keamers yn it pân nammen, wêrûnder dy fan de Nederlânske, East-Fryske en Noard-Fryske Waadeilannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Fryske AkademyLjouwert (stêd)Ryksmonumint

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lulu ChuSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976Penric's FoxSpanjePriya PriceDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)Austraalje (lân)FryslânHabytBûkarestList fan planetoïden 58501-58600Joaris mei it BurdYnternetList fan planetoïden 75201-75300Claudia CardinaleISBNSwarte Mar (mar)MediaWikiShae SummersMinsklike seksuele aktiviteitLexxxi Lockhart2001Tony van der MeulenSUP 11 City TourJayden LeeHelpBeand Baas en Smarige SkepJosy BlackCassandra WildeSjikokûTreron florisKeatsenFegetarismeLykstivensYves BaillatWikidataYndiaaske pappegaaidoPake- en beppesizzerCornelis over de LindenRiviermûningEchte mûzenNoarwegenArwen GoldMinskeGreveslot DiezArmie FieldLexi DiamondLyts-Fryslân (Ommelannen)LowbudgetfilmGolf op de Olympyske SimmerspullenJeropaAct of Settlement's-HeerenbroekHasmoneeërsVictoria GivensCéline Dion🡆 More