Cornelis Reisma

Cornelis (Cor) Reisma (Stienwyk, 9 desimber 1902 - Ljouwert, 17 maaie 1962) wie in Frysk keunstskilder, yllustrator en glesker út Ljouwert.

Libben en wurk

Reisma bedarre mei 11 jier, nei't syn heit stoarn wie, yn Fryslân. Hy wenne in skoft by syn pake en beppe yn Stiens. Nei de ulo waard er ynearsten oplaat ta wetterboukundige oan de mts yn Ljouwert.

Reisma makke yn jierren tritch de oerstap nei de keunst, joech syn baan op folge dêrnei in oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam (1931-1933). Dêr krige er ûnderrjocht fan ûnder oarer perfester Jurres. Hy wie yn it earstoan in frij tradisjonele realist en dêrnei in jier of wat fynskilder. Hy wûn de Cohen Gosschalkpriis (1933) en de Willink van Collenpriis (1935).
Under syn oplieding oan de Akademy fan Antwerpen (1938-1939), ûnder Isidore Opsomer, krijt syn wurk in wat gruttere toets en in rike kleur. Der is bytiden in ekspresjonistysk aksint en noch letter hast abstrakt. Reisma wie net allinne skilder, mar joech ek les en skreau keunstresinsjes foar Het Vrije Volk.

Syn wurk bestiet út lânskippen, stillibbens en portretten. Ek wandskilderingen, brânskildere ramen en mozaïken hearre ta syn wurken. In stillibben mei 'stienen kruken in tinnen skaal jirpels' út 1943 is oankocht troch de Friesland Bank.

Reisma hie graach in grutter oeuvre neilitten, mar perioaden fan sykwêzen behinderen him om te arbeidzjen. Hy stoar yn de âldens fan 59 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert.

Inkele wurken

Cornelis Reisma 
Rút yn it stedhûs fan Boalsert

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Reisma, Cornelis.
  • Ljouwerter Krante, 19 septimber 1942
  • Kroanyk fan Keunst en Kultuer, oktober 1949
  • J.J. Kalma, Repertorium Frieslands Verleden ( Ljouwert, 1955 )

Noat:

Tags:

17 maaie190219629 desimberKeunstskilderLjouwert (stêd)StienwykYllustrator

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Carles PuigdemontGina GersonSydneyDjango UnchainedJeropa6409 novimberAlgerynske mûsAldfryskEkwatoriaal-GuineeFideospultsjeOktoberrevolúsjePylksturtpappegaaidoKatedraalHeipealhâldingGielnoaswrotmûsMongoalenFloaridaDeputearre SteatenHoutkapWebsteeMinosMalyU8 maartAlbum (muzyk)HelpVienna Black1838Moanne (tiid)ParkJane LindskoldThe Fens2014Nikolaastsjerke (Obergum)2007YndoneezjeAmerikaansk-IngelskLexi DiamondAafke BijlsmaRjochtCriss StrokesUrkReality KingsGetalNovialGrutte-boarstesjenreCowgirlhâldingOranjerivier30 novimberArmeenjeOrale seksNijverdalPolitikusLapdance1968MilitêrModel (berop)Microsoft24 augustusWringeleazenHongarijeDeepwater Horizon (boarplatfoarm)AuteursrjochtMarina ViscontiBelgjeOarehelteGreefskip Bentheim (Landkreis)MakauSean Lawless🡆 More