Cornelis Ekama

Cornelis Ekama (Peazens, 31 maart 1773 - Leien, 24 febrewaris 1826) wie in Frysk astronoom en wiskundige.

Libben

Cornelis wie de soan fan Jehannes Cornelis Ekema en Hendrikje Postma. Yn 1818 troude de 45 jierrige Ekama mei Suzanne Cornelia Le Poole (Leien, 1794) út Leien.

Ekama wie dûmny yn Elkersee (1796) en waard yn 1803 lektor yn de natuerkunde en seefeartkunde yn Sieriksee. Yn 1806 waard er heechlearaar wiisbegearte en astronomy yn Frjentsjer. Yn 1812 gie Ekema nei Leien en waard dêr heechlearaar astronomy en wiskunde.

Hy wie lid fan it Zeeuwsch Genootschap der Wetenschappen (1804 - 1826), de Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen (1808) en it Bataafsch Genootschap der Proefondervindelijke Wijsbegeerte.

Ynternasjonaal besjoen wie Ekama syn bydrage oan de wiskunde beskieden, mar syn boek oer Gemma Frisius wie de earst yngeande biografy oer Frisius.

Wurk

In kar:

  • Nieuwe antwoorden op de rekenkundige vraagen van H. Aeneae. Leien, Dimter en Grins, 1804
  • Oratio de Frisa, ingeniorum mathematicorum imprimis fertilli. Ljouwert 1809, (Hjir online).
  • Oratio de insignium, qui in scientia astronomica facti sunt progressuum fundamentis, a summis in re mathematica et astronomica viris ; partim decimo sexto, maxime decimo septimo seculo, jam praecipue jactis. Leien 1823
  • Verhandeling over Gemma Frisius, den eersten grondlegger tot het bepalen van de Lengte op zee. 1825

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J. H. Brouwer, Encyclopedie van Friesland, 1953.
  • Dr. G. A. Wumkes, Stads en dorpskroniek van Friesland (it jier 1809).
  • Joseph Warren Dauben, Christoph J. Scriba, Writing the history of mathematics, New York, 2001.
  • Genealogy Le Poole

Tags:

1773182624 febrewaris31 maartAstronoomFryslânLeienPeazens (doarp)Wiskundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HelpAndamanenpappegaaidoJoo Min LeeSaûdy-AraabjeKatee OwenVideo Art HollandJapanOanslachMozilla FirefoxArabyskTon Baas1915NijverdalPy (wiskunde)Tehmeena AfzalGenêsmiddelArûbaFeneesje (stêd)18 febrewarisLouis PasteurList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânNoarskFotosynteze2018DierenJayden LeeRûandaLongûntstekkingWittenskiplike nammeSeksKolombiaSarah Young10 jannewarisNatuerkundeYby PotlatchJohn Adams16 febrewarisAafke BijlsmaMarijn Kuipers12 desimber16 aprilPenisKatalaanskDaphne RosenHûneftigenAngelica Raven2010-er jierrenCJ MilesVina SkyEster (skiekunde)Abbey BrooksPornografy10 desimberEast-JeropaHûnKompjûterkloftFrysktalige WikipedyRaerdMarilyn CrystalFûgelsGrutte-boarstesjenreVologda (oblast)2009Marksisme$31 desimberTransportHûntsjeshâldingMasturbaasjeJoegoslaavjeGokkenFal fan it Westromeinske RykFuotbal🡆 More