B-24 Liberator | |
Rol | Swiere bommesmiter |
Makker | Consolidated Aircraft |
Earste flecht | 19 desimber 1939 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | 1968 (Yndiaaske Loftmacht) |
Farianten | Consolidated PB4Y-2 Privateer, Consolidated C-87 Liberator Express, Consolidated Liberator I |
Tal makke | 19.256 fan 1940–1945 |
Grutste brûkers | United States Navy, Royal Australian Air Force, USAAF, RAF |
De Consolidated B-24 Liberator wie in swiere Amerikaanske lange-ôfstans bommenwerper dy't makke waard troch Consolidated Aircraft. Der waarden goed 18.000 B-24's produsearre sadat de B-24 de meast produsearre Amerikaanske gefjochtsfleanmasine fan de Twadde Wrâldkriich is. De B-24 waard, neist hast alle Amerikaanske loftmachtienheden, brûkt troch ferskate alliearde loftmachten en marines, en wie operasjoneel op de fronten fan West-Jeropa, de Pasifyk, it Mediterrane gebiet en Sina-Burma-Yndia.
De B-24 wurdt faak fergelike mei de mear bekende B-17 'Flying Fortress'. It B-24-ûntwerp wie moderner, hy koe hurder en fierder fleane mei in gruttere bommelading; mar,hy wie moeiliker te fleanen en swier yn it betsjinjen en mindere eigenskippen wat formaasjefleanen oanbelange. Yn it generaal hinge de foarkar fan bemanning en legerlieding yn West-Jeropa oer nei de rûch-deeglike B-17. De pleatsing fan branjetanks boppe yn de romp en syn lichte bou, ûntwurpen om it fleanberik te fergrutsjen en him te optimalisearjen foar rinnende-bânproduksje, makke it tastel kwetsber foar skea yn in gefjocht. Fierders wie de B-24 berucht ûnder de Amerikaanske bemanningen út reden dat er sa maklik yn de brân te sjitten wie. Boppedat sieten de Davis-wjukken heech oan de romp fêstmakke wat by in búklâning in neidiel wie om't de romp sa gau briek. Nettsjinsteande dizze neidielen hat de B-24 yn tal fan rollen goed tsjinje kind troch syn grutte fleanberik en hegere rendemint wat bomlading oangiet.
De meast ferneamde misje mei B-24's wie Operation Tidal Wave, in oafal op lege hichte op de oaljefjilden fan Ploesti, yn Roemeenje op 1 augustus 1943, dy't lykwols jammerlik mislearre.
XB-24, B-24, B-24A, XB-24B, B-24C, B-24D, B-24E, XB-24F, B-24G, B-24G-1, B-24H, B-24J, XB-24K, B-24L, B-24M, XB-24N, YB-24N, XB-24P, XB-24Q, XB-41, LB-30A, YB-24, B Mk II, B Mk III, B Mk IIIA, Mk V, B Mk VI, GR Mk V, Mk VIII, C Mk VI, Mk VIII, PB4Y-1, PB4Y-1P, PB4Y-2, AT-22, TB-24, RB-24L, TB-24L, C-87, C-87A, C-87B, C-87C, RY-1, RY-2, RY-3, XF-7, F-7, F-7A, F-7B
Alle siden (in) ;
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory B-24 Liberator fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Consolidated B-24 Liberator, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.