Hynder Comanche

Comanche (yn 'e Feriene Steaten, ±1862 – Fort Riley (Kansas), 7 novimber 1891) wie in hynder fan mingd ras, dat bekend waard as de iennichste oerlibbene fan 'e fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dy't yn 1876 mei luitenant-kolonel George Armstrong Custer omkamen yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Hoewol't dy bewearing net alhiel stekhâldend wie, groeide Comanche út ta in leginde. Hy waard as maskotte oannommen troch it 7e Kavaleryrezjimint, en krige by in formele seremoanje sels de rang fan "plakferfangend befelfierend ofsier" fan it rezjimint.

Comanche
Hynder Comanche
bysûnderheden
soarte bist hynder (mingd ras)
berne ±1862
berteplak ûnbekend
Hynder Comanche Feriene Steaten
deagien 7 novimber 1891
stjerplak Fort Riley (Kansas)
Hynder Comanche Feriene Steaten
aktyf as kavaleryhynder
reden
  bekendheid
iennichste oerlibbene fan Custers
   detasjemint yn 'e Slach oan de
   Little Bighorn

Libben

Comanche wie in rún fan mingd ras, dy't yn 1866 yn St. Louis oankocht troch it Amerikaanske Leger, wêrnei't er nei de legerbases Fort Leavenworth, yn 'e Amerikaanske steat Kansas ta stjoerd waard. Oer syn berteplak en ôfstamming is neat bekend, mar men rûsde dat er doe sa'n fjouwer jier wie en dus yn 1862 berne wêze moast. Comanche wie in foks (hie readbrún hier), mei in skofthichte fan 1.52 sm, wêrmei't er fan middelgrutte wie. Hy hie in nommel uterlik en in tige freonlik karakter, mei in grut trochsettingsfermogen.

Yn Fort Leavenworth foel it each fan kaptein Myles Keogh, in ofsier fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, op it hynder. Dy kocht him oer om as syn persoanlike ryddier te tsjinjen. Sadwaande waard Comanche in striidhynder. Yn 1868, doe't de 7e Kavalery yn Kansas ûnder de Komantsjekampanje tsjin 'e Komantsjen (Comanche) focht, waard de rún yn 'e efterhân rekke troch in pylk, mar nettsjinsteande dy ferwûning droech er Keogh feilich troch de rest fan it gefjocht hinne. De kaptein besleat syn hynder neitiid 'Comanche' te neamen, ta oantins fan 'e moed fan it bist yn dat gefjocht.

Hynder Comanche 
Kaptein Myles Keogh, Comanche syn eigner, dy't omkaam yn 'e Slach oan de Little Bighorn.

Op 15 juny 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, beried Keogh Comanche yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't fiif kompanjyen fan it 7e Kavaleryrezjimint, ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ynsletten en alhiel útrûge waarden. Under de deaden wiene ek kaptein Myles Keogh en de hiele Kompanjy I, dêr't Keogh it befel oer fierde.

Nei de slach waard Comanche as iennichste hynder fan Custer syn detasjemint op it slachfjild fûn troch sersjant Milton J. DeLacey, dy't him slim ferwûne oantrof yn in ûndjip ravyn, dêr't er blykber hinne krûpt wie. Hy hie fjouwer skotwûnen efter syn lofterfoarskouder, ien troch in hoef en ien yn eltse efterpoat. Comanche waard werombrocht nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, dêr't er ûnder kundige fersoarging stadichoan wer opbettere. De lêste kûgel waard him pas yn april 1877 út it lichem helle. Comanche groeide út ta in leginde, mei't men fan him sei dat er de iennichste oerlibbene wie fan Custer syn fiif kompanjyen. Dat wie nei alle gedachten trouwens net wier, mei't der grif oare hynders wiene dy't it gefjocht oerlibben, mar dy't neitiid as oarlochsbút meinommen wiene troch de Yndianen.

Doe't er einings en te'n lêsten syn ferwûnings te boppe kommen wie, waard Comanche op 10 april 1878 út aktive tsjinst ûntheft troch de rezjimintskommandant, kolonel Samuel D. Sturgis. Dyselde furdige by dy gelegenheid ek oarders út dat de freonlike behanneling en goede fersoarging fan Comanche tenei in saak fan spesjale grutskens en ynset wêze soe foar elts lid fan it 7e Kavaleryrezjimint. Fierders soe nimmen him ea wer beride, en soed by eltse militêre parade dêr't it 7e Kavaleryrezjimint oan dielnaam, meifierd wurde yn militêre taris. Dy befellen ynspirearren in sjoernalist fan 'e krante de Bismarck Tribune om nei Fort Abraham Lincoln te gean foar in fraachpetear mei it hynder. Hy "stelde de gewoanlike fragen, dêr't syn petearspartner op reägearre troch de holle te skodzjen, in hoef te stampen en mei de sturt te swaaien." Syn offisjele oppasser, hoefsmid John Rivers fan Kompanjy I (Keogh syn âlde ienheid), "rêde Comanche syn reputaasje troch wat wiidweidiger te antwurdzjen."

Yn juny 1879 waard Comanche oerbrocht nei Fort Meade, dêr't er as God yn Frankryk libbe oant er yn 1887 op 'e nij ferhuze waard, diskear nei Fort Riley, yn Kansas, dêr't er de rest fan syn libbensdagen sliet. By dy gelegenheid waard er offisjeel beneamd ta "plakferfangend befelfierend ofsier" fan it 7e Kavaleryrezjimint. Tsjin dy tiid wie Comanche syn posysje as maskotte fan it rezjimint ûnoantaastber. Yn Fort Riley waard er leafdefol fersoarge, rûn er út en troch mei yn parades, en koed er syn foarleafde foar it drinken fan bier mar útlibje.

Comanche stoar op 7 novimber 1891 oan kolyk, doe't er 29 jier wie. Hy wie ien fan mar twa hynders út 'e Amerikaanske skiednis dy't in militêre útfeart mei folsleine militêre eare krigen (it oare hynder wie Black Jack). Syn stoflik omskot waard lykwols net begroeven, mar nei de Universiteit fan Kansas ta stjoerd, dêr't er opset waard. Sûnt stiet Comanche te pronk yn it Natuerhistoarysk Museum fan dy universiteit, dêr't er yn 2005 restaurearre waard troch museumtaksidermist Terry Brown.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

1862187618917 novimberAmerikaanske 7e KavaleryrezjimintFeriene SteatenFort Riley (Kansas)George Armstrong CusterHynderKansasKompanjy (militêre ienheid)LegindeLuitenant-kolonelOfsierRezjimintSlach oan de Little BighornÛndersoarte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GoudISO 3166Fal fan it Westromeinske RykYnternasjonaal Systeem fan Ienheden22 juny19411925Eva WiessingYouTubeSekshâldingPornografyske film2022IngelskItaljaanskBefallingHeechlearaarPappegaaidowenTopografyske Wurkgroep FryslânSpaanske grypGeslachtsmienskip12 maartFilipynske pappegaaidoHûneftigenISO 3166-1kuiersport3 aprilHellendoornSlavernijArgentynjeFuotbalArtefakt (archeology)Kartaachske RykSkiednisBitcoinAmerikaanske dollarShalina DevineNovialReligySomme (rivier)Tehmeena AfzalÛndersoarteHolon (plak)Sensual JaneKunnilingusKatolisismeTelefyzjeSûmbapappegaaidoSjapoer IHammetjeMontanaAngelica Raven2001Twadde Wrâldkriich11 maart1915Sjiïsme1996Austraalje (lân)El NiñoGenêsmiddel1671PornografySalomonseilannenRidel31 desimberKeatsen20181431AstronoomAjaks (mytology)1889Tiisdei🡆 More