Coca-Cola is de namme fan in alkoholfrij drinken dat makke is fan sûkersjerp en bestândielen fan kolabeammen, oanfolle mei kafeïne en koalsoergas.
Coca-Cola wie it earste Cola-merk. Hjoed-de-dei is Coca-Cola it grutste Cola-merk. De Coca-Cola Company húsmannet yn de Amerikaanske stêd Atlanta, en is de grutste frisdrinkenûndernimming op de wrâld. It 'Coca-Cola logo' is ien fan de bekendste merklogo's en wurdt faak besjoen as it symboal foar de westerske wrâld.
Coca-Cola | ||
Lân fan oarsprong | Feriene Steaten | |
Regio fan oarsprong | Georgia | |
Type | Cola | |
Fabrikant | Coca-Cola Company | |
Op de markt brocht | 8 maaie 1886 | |
Kleur | karamel | |
Farianten | Coca-Cola (1886), Coca-Cola light, Coca‑Cola zero sugar, Coca-Cola zero sugar zero caffeine, Coca-Cola zero sugar raspberry, Coca-Cola cherry, Coca-Cola zero sugar cherry, Coca-Cola vanilla, Coca-Cola zero sugar vanilla, Coca-Cola zero sugar lemon | |
webside | cocacolanederland.nl coca-colacompany.com | |
Coca-Cola |
Coca-Cola is útfûn yn 1886 troch de apteker John Pemberton, dy't it drankje as in medisyn en genotmiddel ûntwikkele tsjin ûnder oaren pineholle en wurgens. It idee om it drinken Coca-Cola te neamen komt fan syn sakepartner Frank Robinson. De sierlike letters op de ferpakking fan dit Colamerk binne ek fan Robinson. It logo, de flessen (mei froulike foarmen), de merkstrategy en de drank hawwe der mei-inoar foar soarge dat it merk yn ’e hiele wrâld bekend waard.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Coca-Cola, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.