Christiaan Moll

Christiaan Hendrik Moll (Harderwyk, 1 juny 1923 – 28 febrewaris 1998) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.

Hy waard berne as soan fan dr. Jakob Moll (1889-1952), rektor fan it Kristlik Lyseum yn Hurderwyk, en Jolina Wielinga (1894-1955). Hy studearre ôf yn de rjochten en gie yn 1956 oan't wurk by de gemeente Ljouwert. Yn 1959 ferruile er dy gemeente foar de gemeente Utingeradiel dêr't er it ta kommys brocht. Yn oktober 1961 waard er boargemaster fan de gemeenten Kwadijk, Middelie en Warder yn Noard-Hollân en fan 1970 ôf wied er boargemaster fan Callantsoog. Ut reden fan sûnens waard him yn maaie 1976 ûntslach jûn. Dêrnei ferhuze er nei Fryslân.

Yn 1998 stoar Moll yn de âldens fan 74 jier en waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.

Tags:

1 juny1923199828 febrewarisHarderwykPartij fan de ArbeidPolitikus

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

UnderwiisList fan spoarlinen yn NederlânRoarikGrutte-boarstesjenreKâlde KriichHoratio NelsonShae SummersPetrus- en Paulustsjerke (Pskov)Alexander Graham BellMay ThaiMegan VaughnKristendomInes RidereWyfke BrânnettelNoardlike NjonkenlinenTsjoevasjië19602011SeksualiteitNoard-IerlânAlfred HitchcockImerkesjongerfûgelsWordPressEtiopysk-Otterdokse TsjerkeNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)Artefakt (archeology)BefolkingList fan planetoïden 6001-7000EgypteList fan planetoïden 24001-25000RoemeenskDouwe van der MeulenFryslânDOK802Audulf1 julyJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Bouke OldenhofEastersk SkismaScilly-eilannenTreblinka (konsintraasjekamp)Sean LawlessFedde SchurerMeksikoList fan Romeinske steatshadenLolita (pornografysk aktrise)List fan planetoïden 46001-47000KubaReklamespotsjesTelefyzjeHerbert HooverIt JiskelânKarelië (deelrepubliek)DútslânDôve BroeierGoldband5 septimber600Africa SexxIvanovski-kleaster (Pskov)MossadLudwig van BeethovenLexxxi LockhartOpstanning fan JezusElektron11e iuwReklamespotsjeFoarbeatsjerke (Tomsk)FingerjenPepinidenAmarins GevekeSpoar fan Grins nei Delfsyl🡆 More