Chris Fokma

Christiaan Willem (Chris) Fokma (It Oranjewâld, 27 maart 1927 - Charaix-Plouguer, 12 desimber 2012) wie in Fryske byldhouwer en keramist.

Chris Fokma
Hannen (1970) yn Ljouwert
Chris Fokma
Swaan mei wapenskylden (1970), Ljouwert

Fokma folge nei de hbs in jier de oplieding boukunde oan de universiteit yn Delft, mar stapte doe oer nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.. Hy krige les fan Piet Esser. Neist frijsteande skulptueren, makke Fokma meerdere gevelreliëfs, meastentiids útfierd yn keramyk.
Hy wie neist keunstner ek learaar oan de Fryske keunstnijverheidsskoalle en om 1960 in tal jierren tekenlearaar oan de Ryks-HBS, beide yn Ljouwert. Begûn yn 1965 mei it ûntwikkeljen fan in eigen technyk troch it baarnen fan kleur yn glês yn elektryske ovens by hege temperatuer. Wie oant de opheffing yn 1965 bestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Keunstners.

Wurken

Burgum

  • sûnder titel, reliëf blom mei flinters (1967)
  • monumint yn de Krústsjerke (1967)
  • sûnder titel, keramiken gevelfersiering oan mavo (1971)

Beilen

  • Blomkesykjend famke (1964)

Grou

  • Fisken, Dokter Schoustrastrjitte
Chris Fokma 
Boarstbyld fan Waling-om yn Hallum

Hallum

Ljouwert

  • Fûgels (1964), fontein oan it Europaplein
  • Libbenswille (1965) Cornelis Trooststrjitte
  • Boartsjend hûntsje (1966), by 'De Beukeboom' Jelsumerstrjitte
  • Hannen (1970)
  • Betinkingsmonumint Burmaniahûs (1995)

Mitselwier

  • Oarlochsmonumint (1968)

Easterwâlde

  • It Skip (1962), keramiken reliëf, eartiids oan de Buttingasingel (wurdt werpleatst)
  • Famke mei bal (1962), Buttingasingel

Snits

  • Bear (1965), Koningin Wilhelminastrjitte
  • Klok mei piken (1965), gevelreliëf oan de Napjusstrjitte. Weihelle by sloop.

Starum

Wâldsein

  • Seinefiskjen (1992), Op 'e Romte (gevel doarpshûs)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

12 desimber1927201227 maartIt OranjewâldKeramyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PappegaaidowenOpera (browser)Soarte7 aprilArp HiemstraJezabel VessirDniproTiisdeiIrakMassachusettsEkshibisjonismeJoegoslaavjeBitcoinLibrary of CongressAlawitenYves BaillatWurdlidProstitúsjeFal fan it Westromeinske RykTongaTermodynamika31 desimberCrossover1671Lybje6 augustusSalomonseilannenSkiednisPoalenAzerbeidzjanAkenYby PotlatchVictoria CakesMoskou2006SjiïsmeKompjûterkloftFilmprodusintTekenteltsjeHaadsideNASALiterIslamisme9 septimberSkaai (taksonomy)Bûdapest20081946kuiersport1980Vienna BlackEjakulaasjeKrêftMagy1971Rocco SiffrediLetlânGreefskip Bentheim (Landkreis)2019Candy Manson25 maartLarruak eta IzurrakToskedokterArûba16 febrewarisWeenske oesterMerknammeEeltsje Boates Folkertsma🡆 More