Cees Greuter

Cees Greuter (Ljouwert, 19 oktober 1950 – dêre, 5 jannewaris 2015), wie in Frysk folkssjonger, dy't fanwegen syn wurk as kontroleur ynsammeling by ôffalferwurker De Omrin ek wol bekend stie as de Sjongende Jiskeman.

Hy song meast yn it Ljouwerterske Stedfrysk, mar ek wol yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Greuter wie bekend fan nûmers as Ik Bin Sú As Ik Bin, Jouw Stem en Leeuwarder Kroegje.

Cees Greuter
Cees Greuter sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cees Greuter
nasjonaliteit Cees Greuter Nederlânsk
berne 19 oktober 1950
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 5 jannewaris 2015
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Cees Greuter Frysk
wurkpaad
sjenre libbensliet
sjongtaal Ljouwertersk, Nederlânsk
grutste hit(s) Ik Bin Sú As Ik Bin
Jouw Stem
Leeuwarder Kroegje
jierren aktyf ±19852015
offisjele webside
www.ceesgreuter.nl

Libben en karriêre

Cees Greuter waard yn 1950 berne yn in Ljouwerter arbeidersfermidden, en die as jongfeint in protte oan sport. Sa mocht er graach keatse, en ek fuotballe er by de Ljouwerter klub Nicator. Lykas sa'n soad jonges dreamde er fan in karriêre as proffuotballer, mar dat waard him net. Nei't er de ambachtsskoalle dien hie, folge er ynstee in ôfwikseljend wurkpaad as frachtweinsjauffeur, rydynstrukteur en konsjerzje, wêrnei't er yn 'e jierren tachtich by de gemeentereiniging bedarre. Yn dy tiid siet er oerdeis op de jiske-auto, en stied er jûns as barkeeper yn in kafee oan it Skavernek. Dêr sette er útein mei te sjongen, en al rillegau rjochte er mei in pear maten de Leeuwarder Horecaband op.

Greuter syn stadichoan úttynjende repertwaar bestie út libbenslieten en ballades, en om't er in grutte fan fan Elvis Presley wie ek rock 'n roll-ferskes. Hy song yn it Ljouwertersk, it Nederlânsk en it Ingelsk. Geregeldwei trede er op yn it Cambuurstadion, kafee De Prins en it Oranje Bierhuis, en teffens song er ferskate kearen nei ôfrin fan 'e PC, yn Frjentsjer, en by it skûtsjesilen, yn Grou. Yn 2011 wied er ien fan 'e dielnimmers oan it Fryske Cash-projekt, wêrby't Fryske sjongers de lieten fan countryleginde Johnny Cash opnommen yn it Frysk of streektalen út Fryslân. Greuter naam dêrby it nûmer Dinie Is Doad foar syn rekken. Hy wie troud en hie fiif bern en (by syn dea) seis pakesizzers. Begjin 2015 ferstoar er hommels oan in hertstilstân, yn 'e âlderdom fan 64 jier.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jonker, Ines, Cees Greuter maakte overal een feestje van, yn: de Ljouwerter Krante (rige In Memoriam), 9 jannewaris 2015.
  • 'Zingende Vuilnisman' Greuter overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 7 jannewaris 2015.

Tags:

19 oktober195020155 jannewarisFryslânIngelskLjouwert (stêd)LjouwerterskNederlânskSjongerStedfrysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tony van der Meulen26 augustusMeso-AmearikaYnternasjonale Kynologyske FederaasjeAmerikaansk fuotbalMadagaskarHTMLSúdlaren4 aprilBachreinBistMarianna MadiaNoelle EastonPenisWûnseradielKya TropicPornografyMount Rushmore1977Bang BrosItalyske talen2012NigeariaMidsiuwen1482OezbekistanAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996SkotskErotykSkilderijVanessa SkyOanslachFerstjerrenLetterNeakenmodelNoard-Amearika1 febrewarisEreksjeGrikenRae Lil BlackFrysktalige WikipedyList fan geiterassenKroandowenFerspriedingsgebietBurj KhalifaList fan sterke tiidwurden yn it FryskSarah YoungAsa fan JudaEuropean Girls Adult Film Database1 augustusPortegalTaeke Jitze BotkeMuseum Martena8 febrewaris1945Mia KhalifaBommesmiterUnderwiisSavannah GoldWolf1 maartFêsteljûnSteatsfoarmUbbenaMichiganMerknammeHelen Duval23 maaieSaritha Olivieri🡆 More