Carmel Moore

Carmel Moore, echte namme: Nasrin Danielle Alavi (Eastbourne, 19 juny 1985), is in rêstend Britsk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Iraansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Nasrin Carmel Moore.

Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 51 kg. Se hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien.

Carmel Moore
Carmel Moore persoan yn de seksyndustry
Carmel Moore
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nasrin Carmel Moore
echte namme Nasrin Danielle Alavi
nasjonaliteit Carmel Moore Britsk
berne 19 juny 1985
berteplak Eastbourne (Ingelân)
etnisiteit Carmel Moore Iraansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052011
offisjele webside
www.carmelmoore.co.uk

Libben

Moore is hikke en tein yn it stedsje Eastbourne, oan 'e Ingelske súdkust, yn it greefskip East-Susseks. Op har achttjinde sette se útein mei in karriêre as fotomodel, en doe't it dêrmei op 'e non rûn, begûn se earst te posearjen foar neakenblêden, en yn 2005, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Net folle letter krige se de kâns om mei te dwaan oan in realityprogramma oer Britske fammen dy't besochten troch te brekken yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Hja ferfear dêrfoar nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. It programma wie in flop, mar Moore wist yn Amearika yndie troch te brekken.

Yn har seisjierrige pornokarriêre spile se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 105 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Playground, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Pure Play Media en Third Degree Films. Ek wurke se wol foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en Muffia. Yn 2007 wûn se de UK Adult Film and Television Award, de wichtichste Britske pornografypriis, yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 UK Adult Film and Television Award wûn bêste aktrise Hug a Hoodie

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Carmel Moore LibbenCarmel Moore Prizen en nominaasjesCarmel Moore Keppelings om utensCarmel Moore19 juny1985BoarstfergruttingFotomodelGrut-BrittanjeIranNeakenmodelPornografysk aktriseStripper

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BoerûndyWestslavyske talenSasha BeartMáxima ZorreguietaKrystal SwiftPake- en beppesizzer1839CowgirlhâldingKoördinearre WrâldtiidComité flamand de FranceJake SteedVasco da GamaLykstivensJuliet E. McKennaJaylene Rio2024Georgia O'KeeffeBrühl1333Tony van der MeulenSwartewetterskleasterMos EisleySybren JansmaHidetoshi NakataJeropaMuorrekrûperDaisy SummersWikidataRestaurant1981Greveslot DiezFrankrykPornofilmWikipedyKacie CastleFlorespappegaaidoVideo Art HollandBoete (jildstraf)27 maartKommando geanAfrikaVictoria GivensJoos de MomperLexxxi LockhartVilfredo ParetoVáclav HavelList fan Belgyske keunstskildersOflûken (seksualiteit)Yuichi KomanoFeriene SteatenNeakenensAugust StrindbergEnerzjyAmbigramSieds LyklesSumatraanske pappegaaidoCJ MilesGenemuidenCircuito de Jerez🡆 More