Cnn Usa

CNN USA is in Amerikaanske kabel- en sattelyttillefyzjestjoerder dy't yn 'e Feriene Steaten Ingelsktalige nijsprogramma's en eftergrûnrubriken útstjoerd.

De offisjele namme is sljochtwei CNN, dat foar Cable News Network ("Kabeltillezyzje-nijsnetwurk") stiet, mar bûten de Feriene Steaten wurdt ornaris fan CNN USA (of ek wol fan CNN/U.S.) sprutsen om betizing foar te kommen mei de susterstjoerder CNN International, dy't yn 'e rest fan 'e wrâld bekend stiet as "CNN". CNN USA waard yn 1980 oprjochte troch tillefyzjeprodusint Ted Turner, as de earste foltiidsnijsstjoerder fan 'e wrâld. De stjoerder is eigendom fan 'e Turner Broadcasting System-difyzje fan 'e mediagigant Time Warner.

CNN USA
Cnn Usa
medium tillefyzje
nasjonaliteit Cnn Usa Amerikaansk
taal Ingelsk
oprjochte 1980
haadkertier Atlanta (Georgia)
ûntfangstgeb. wrâldwiid
eigner Warner Bros. Discovery
webside www.cnn.com

Beskikberens en susterkanalen

Yn augustus 2010 wie CNN USA beskikber yn mear as 100 miljoen Amerikaanske húshâldings en 890.000 Amerikaanske hotelkeamers. De stjoerder is ek fia kabel en satellyt beskikber yn Kanada. It haadkertier is it saneamde CNN Center, yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. CNN USA hat ferskate susterkanalen, wêrfan't CNN International fierwei de bekendste is. In folsleine opsomming is:

  • CNN Airport (in nijsstjoerder dy't him spesifyk rjochtet op fleanfjilden en lofthavens yn 'e Feriene Steaten; bestiet sûnt 1992)
  • CNN Chile (in Sileenske nijsstjoerder; sûnt 2008)
  • CNN en Español (in Spaansktalige stjoerder dy't him rjochtet op sawol Latynsk-Amearika as de Latino-mienskip yn 'e Feriene Steaten; sûnt 1997)
  • CNN International (in ynternasjonale nijsstjoerder; sûnt 1985)
  • CNN-IBN (in Yndiaaske nijsstjoerder; sûnt 2005)
  • CNNj (in Japanske nijsstjoerder; sûnt 2010)
  • CNN Türk (in Turkske nijsstjoerder; sûnt 1999)
  • HLN (Headline News, in Amerikaanske nijsstjoerder mei in ferlykbere programmearing as CNN USA; bestiet sûnt 1982)
  • n-tv (in Dútsktalige nijsstjoerder dy't eigendom is fan 'e RTL-groep, mar nau gearwurket mei CNN; sûnt 1992)

Ophefte susterkanalen

Susterkanalen dy't ûnderwilens net mear besteane, wiene:

  • CNN+ (1999-2010; Spaansktalige nijsstjoerder rjochte op Spanje)
  • CNN Checkout Channel (1991-1993; in nijsstjoerder dy't him spesifyk rjochte op supermerken en oarsoartige winkelbedriuwen om 'e klanten yn 'e rige foar de kassa wat te jaan om nei te sjen)
  • CNN.com Live (?-2005; Ingelsktalige online nijsstjoerder)
  • CNNfn (1995-2004; Ingelsktalich finansjeel nijskanaal)
  • CNN Italia (1999-2003; Italjaansktalige online nijsstjoerder)
  • CNN Pipeline (2005-2007; Ingelsktalige online nijsstjoerder, ferfong CNN.com Live)
  • CNN Sports Illustrated (CNNSI; 1996-2002; Ingelsktalich sportkanaal y.g.m. it toanoanjaande tydskrift Sports Illustrated)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Cnn Usa Beskikberens en susterkanalenCnn Usa Ophefte susterkanalenCnn Usa1980CNN InternationalFeriene SteatenIngelskTed TurnerTillefyzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Echte fazantfûgelsISO 3166FriezenJurassic Park IIIBoerjatiëSlowaakskNikola TeslaBorneroordKrypetski-kleasterOsmaanske RykPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Kurt GödelRome (stêd)SinaLisa Ann6 febrewarisWikipedyAlaskaNoardwestgermaanske talenFormule 1 yn 2018Eastersk SkismaSpoar fan Grins nei de EemshavenAndrej RûbljovJohan Rudolph ThorbeckeChakassië923GNU/FDLDurrës1979Fedde SchurerJacobus Henricus van 't HoffAshley OceanAustraalje (lân)SylviaHoratio NelsonTechnology1169RunenBroeinettelLos Angeles1989Grut-BrittanjeDûbele penetraasjeStalkingList fan planetoïden 47001-480002021Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)OekraïneSûmearjeKubaTomas fan AkwinoReklamespotsjesKoördinearre WrâldtiidGitaarKunnilingusBaptismeRomeinenNâleProvinsjes en territoaria fan KanadaNederlânsk Kanker YnstitútHichtefreesNitraatList fan planetoïden 5001-6000Abdij fan CorveyHilligeShalina DevineAmarins Geveke1945AC/DCIvan IV fan Ruslân🡆 More