Bunschoten (Nedersaksysk: Bunsjoten) is in gemeente yn de provinsje Utert.
De gemeente hat likernôch 22.321 ynwenners (2022) en hat in oerflak fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter). De gemeente waard oprjochte yn 1811.
Bunschoten | |
---|---|
Gemeentehûs Bunschoten | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Melis van de Groep (KristenUny) |
sifers en geografy | |
haadplak | Bunschoten-Spakenburch |
grutste plak | Bunschoten-Spakenburch |
ynwennertal | 22.321 (31 jannewaris 2022) |
befolkingstichtens | 735 / km² |
oerflak | 34,81 km² |
● wêrfan lân | 30,38 km² |
● wêrfan wetter | 4,43 km² |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | , |
skiednis | |
oprjochte | 1811 |
oar | |
netnûmer | 033 |
postkoade | 3751-3754 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.bunschoten.nl |
De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunschoten, Eemdijk, Spakenburch en Zevenhuizen.
Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2021:
Bunschoten-Spakenburch * | 21.190 | (1 jannewaris 2021) |
Eemdijk | 820 | |
Zevenhuizen ** | 200 |
Bunschoten en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunschoten-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunschoten, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.
Karakteristyk foar Bunschoten en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.
Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2022:
Gemeenteriedsferkiezing 2006 | |||||
---|---|---|---|---|---|
Partij | Stimmen yn % | Sitten | |||
KristenUny | 32,4 | 6 | |||
VVD | 23,0 | 4 | |||
CDA | 19,0 | 3 | |||
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 10,6 | 2 | |||
Opkomst | 57,4 | 19 |
Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunschoten sûnt 1994:
Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezings | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | Stimmen yn % | Sitten yn de ried | ||||||
1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | |
KristenUny | (29,7) | (40,2) | 39,1 | 39,9 | (5) | (7) | 6 | 7 |
Betelber Bunschoten | - | - | 10,1 | 21,5 | - | - | 2 | 4 |
CDA | 17,1 | 22,3 | 22,2 | 20,8 | 3 | 4 | 4 | 3 |
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 23,4 | 20,9 | 17,8 | 17,8 | 4 | 4 | 3 | 3 |
VVD | 9,0 | 7,4 | 5,7 | - | 2 | 1 | 1 | - |
Progressyf-Politike Gearwurking (PPS) | 7,2 | 6,3 | 5,2 | - | 1 | 1 | 1 | - |
GPV | 29,7 | 29,6 | - | - | 5 | 5 | - | - |
RPF | - | 10,6 | - | - | - | 2 | - | - |
SGP | - | 2,9 | - | - | - | 0 | - | - |
Oare partijen (RPF-SGP) | 13,6 | - | - | - | 2 | - | - | - |
Opkomst | 79,4 | 66,9 | 64,9 | 69,5 | 17 | 17 | 17 | 17 |
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2022) út leden fan de KristenUny en VVD (meiïnoar 12 fan de 19 sitten).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Bunschoten | ||
---|---|---|
Stêd: Bunschoten | ||
Doarpen: Eemdijk • Spakenburch | ||
Buorskip: Zevenhuizen | ||
wizigje |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
wizigje |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Bunschoten (gemeente), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.