Brigade

In brigade (fan it Frânske brigade) is in wichtige militêre ienheid of formaasje fan 'e lânmacht en it marinierskorps, dy't bestiet út tusken de 3.000 en 11.000 manskippen.

Yn 'e measte legers wurde brigades opmakke út trije oant seis bataljons en ferskate ûnderstypjende ienheden. Twa oant fjouwer brigades foarmje in difyzje. De rol dy't de brigade no spilet op it mêd fan 'e oarlochfiering waard foar de ein fan 'e achttjinde iuw ferfolle troch it rezjimint. In brigade is likernôch ekwivalint oan in fergrutte of fuortsterke rezjimint. It befel oer in brigade is yn 'e regel yn 'e hannen fan in brigadegeneraal, bystien troch in luitenant-kolonel of in kolonel.

Brigade
Standertsymboal brûkt troch de NATO om in brigade oan te jaan.

Soms wurde lytsere eleminten artillery, sjeny en logistike ienheden oan brigades tafoege. Histoarysk waarden sokke mingde brigades soms 'brigadegroepen' neamd. Tsjintwurdich komt it lykwols mear foar dat brigades opboud binne út ien inkeld lânmachtwapen, lykas kavalery, ynfantery (meganisearre ynfantery of pânserynfantery), artillery, loftdoelgeskut of sjeny. Guon brigades wurde klassifisearre as 'selsstannich' en operearje dan bûten de gruttere struktuer fan in difyzje om. Yn 'e legers fan 'e lannen dy't ta de NATO hearre, omfiemet in brigade likernôch 3.200 oant 3.500 manskippen, mar yn 'e legers fan Switserlân en Eastenryk kin dat oprinne oant wol 11.000 man.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.

Tags:

Achttjinde iuwBataljonBrigadegeneraalDifyzje (militêre ienheid)FrânskKolonelLeger (lânmacht)Luitenant-kolonelLânmachtManskipMarinierskorpsOarlochRezjimint

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Comité flamand de FranceYrreligyNigeariaJapan25e iuw1945OarlochNegevOlaf ScholzAstronomyMerknammeDelotta BrownSkiednisFriezenHarmony Wonder8 desimberSensual JaneKatee OwenBeierenBurj KhalifaProaiSwierwêzenIt Dronkene SkipJustin SlayerGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008Atletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996Persia MonirHûntsjeshâldingWurdspulOflûken (seksualiteit)Zevenhuizen (Westerkertier)Feriene Steaten1993Krystal Swift23 maaieKoeweit (stêd)Persia PeleIngelskRommert de BreeFrysk hynderMarianna MadiaBistCarmel MooreVanessa PrideSwartnoasklapperiikhoarntsjeShalina DevineMount RushmorePreeti en Priya YoungJimmy WalesWrâldsûnensorganisaasjeFrankrykItalyske talenJ. MacLeilani VegaGeert van TuinenGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Sherlock HolmesOarlochsmisdieHylke SpeerstraMuskusrôtJ.K. Rowling197524 julyUnderwiisFranklin D. RooseveltKya TropicTiidsôneNikki AndersonRain ManNoard-Amearika🡆 More