Boko Haram

Jamāʿat Ahl al-Sunnah li-l-Daʿawah wa al-Jihād (ôfkoarte: JAS; Arabysk: جماعة اهل السنة للدعوة والجهاد), fral bekend ûnder de namme Boko Haram, is in terroristyske organisaasje, dy't stribbet nei in strikte tapassing fan de sjaria yn Nigearia.

De organisaasje is fral aktyf yn it noarden en noardeasten fan Nigearia, mar ek oer de grins yn Kameroen, Niger, Tsjaad en Maly en makket him skuldich oan oanslaggen op kristenen en tsjerken, moslims dy't mei kristenen gearwurkje, skoallen, oerheidsgebouwen, politisy en feilichheidsynstânsjes en alles wat neffens Boko Haram de westerske ynfloed fertsjintwurdiget.

Boko Haram
Flagge Boko Haram

De op in ekstremistyske soennistyske ideology bassearre beweging is ferantwurdlik foar kriichsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom en wurdt troch de Feilichheidsried fan de Ferniene Naasjes as in terroristyske organisaasje beskôge. De groep is yn de media fral bekend woarn as “Boko Haram”, itjinge "Westersk ûnderwiis is ferbean" betsjut (it wurd "Boko" is in relyk út de koloaniale Ingelske tiid, dat "boek" bestjut.

Boko Haram krige help jild en training fan "Al-Qaida yn de islamityske Maghreb" (AQIM).

Stifting

Boko Haram ûntstie tsjin it ein fan de jierren 1990. Doel fan Boko Haram wie ynearsten om de islaam yn Noard-Nigearia te suverjen en in jihad te begjinnen as de groep sterk genôch woarn wie om it Nigeariaanske regear omfier te smiten. De groep waard sûnt 2002 laat troch Mohammed Yusuf.

De jimmeroan tanimmende radikalisaasje fan Boko Harma sûnt de stifting late ta in reäksje fan it regear en de eksekúsje fan Mohammed Yusuf yn july 2009. In ûnferwachtse oplibbing fan de organisaasje nei in finzenisútbraak yn septimber 2010 yn Bauchi feroarsake in taname fan it tal oanfallen. Ynearsten op maklike doelen, mar sûnt 2011 ek op doelen dy't mear tarieding easken, lykas selsdeadingsaksjes op plysjegebouwen en it gebou fan de Feriene Naasjes yn Abuja. It ynstellen fan de needtastân yn 2012 troch it regear, dat in jier letter fan tapassing brocht waard op it hiele noardeasten fan Nigearia, late lang om let wer ta mear militante oanfallen. Troch it net goed funksjonearjen fan de feilichheidstsjinsten en it misbrûken fan minskerjochten slagge it lân der net yn de ûnrêst del te bêdzjen. Nei de dea fan Mohammed Yusuf yn 2009 folge Abubakar Shekau him op.

Terreur

Boko Haram 
Gebieten fan Islamityske Steat yn de West-Afrikaanske Provinsje en Boko Haram (begjin 2019)

Yn 2014 krige Boko Haram grutte dielen fan it Nigeariaanske distrikt Borno yn hannen. Yn jannewaris wie it gebiet dêr't Boko Haram foar master opsloech al útwreide ta 50.000 km². It slagge de organisaasje lykwols net de haadstêd fan it distrikt, Maiduguri, yn te nimmen, dêr't Boko Haram oant 2009 syn basis hie.

Sûnt de wapene opskuor tsjin it regear begûn yn 2009, hat Boko Haram tsientûzenen slachtoffers makke by oanfallen op de plysje, striidkrêften en boargers. Boko Haram feroarsake de dea fan hûnderttûzenen en in ûnbidich grutte stream flechtelings. Likernôch 2,3 miljoen ferlieten sûnt maaie 2013 hûs troch it geweld; sa'n 250.000 minsken sochten harren taflecht yn oanbuorjende lannen lykas Kameroen, Tsjaad en Niger. De organisaasje is ferantwurdlik foar ûntfierings fan grutte groepen minsken. Yn april 2014 waarden bygelyks 276 skoallefamkes yn Chibok yn it distrikt Borno ûntfierd. Boko Harmam feroarsake regionale tekoarten, dy't laten ta hongersneed, en stie foar in skoft op de meast deadlike terreurgroep fan de Global Terrorism Index.

Boko Haram sette foar de organisearre selsmoardoanslaggen mei foarkar froulju en bern yn. Guon bern wiene noch ûnder de tsien jier.

Skisma

Al gau ûnstie der krityk op de opfolger Mohammed Yusuf's opfolger Abubakar Shekau. Yn 2010-2011 ynformearren oanhingers fan Boko Haram AQIM oer de lieding en de ekstremistyske stânpunten fan Shekau. It skeel tusken Shekau en syn kommandanten late ta in skisma yn Boko Haram; AQIM briek mei Shekau en beheinde syn kontakten ta de ôfskate groep "Jama'at Ansari Al-Muslimin fiBilad Al-Sudan" (Ansaru). No't er de stipe fan AQIM brek wie socht Shekau syn taflecht ta al-Qaida's rivaal Islamityske Steat. Yn maart 2015 swarde Shekau trou oan de selsberneamde kalyf Abû Bakr al-Bagdadi, dy't Shekau dêrnei beneamde ta lieder ("waly") fan de "Islamityske Steat yn de West-Afrikaanske Provinsje" (ISWAP), mar ek Al-Baghdadi krige klachten oer Shekau's tiranike lieding, syn ideologyske ekstremisme en syn brek oan operasjonele feardichheden. Yn augustus 2016 beneamde Al-Baghdadi Abu Musab Al-Barnawi ta de nije lieder fan ISWAP. Al-Barnawi wie de soan fan de stifter fan Boko Haram, Muhammed Yusuf.

De oanhing fan Shekau naam de âlde namme JAS wer oan, mar wie sûnder de stipe fan Islamityske Steat en minder mankrêft folle swakker woarn. Dat late ta in oare strategy fan JAS troch it mijen fan militêre of ekonomyske doelen en it fral oerfallen fan warleaze doarpen, froulju en bern.

Delgong

Sûnt it skisma ferlieten hûnderten terroristen Boko Haram; de organisaasje ferlear de kontrôle oer grutte dielen fan Nigearia en hold him sûnt skûl yn 'e bosken. Fan offisjele kant waard yn septimber 2015 ferklearre dat alle kampen fan Boko Haram ferneatige wiene, mar de oanfallen fan de organisaasje gyngen troch.

Yn 2019 sei president Muhammadu Buhari dat Boko Haram technysk ferslein wie. Dochs bleau Boko Haram in grutte driging. Yn maaie 2021 ornearren Nigeariaanske funksjonarissen en in ûnôfhinklik ûndersyk fan de The Wall Street Journal dat de lieder fan Boko Haram net mear libbe. Shekau soe himsels by in oanfal fan rivalisearjende jihadisten opblaasd ha om tefoarren te kommen dat er yn hannen fan Islamityske Steat foel. Neffens it Nigeariaanske leger hawwe nei de dea fan Shekau tûzenen oanhingers fan Boko Haram harren oerjûn oan it leger. De Nigeariaanske topgeneraal Lucky Irabor sei dat ek Abu Musab al-Barnawi, de lieder fan de mei Boko Haram rivalisearjende ISWAP, sûnt augustus 2021 net mear libbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Boko Haram StiftingBoko Haram TerreurBoko Haram SkismaBoko Haram DelgongBoko HaramArabyskKameroenKristenenMalyMoslimsNigeariaNigerTerrorismeTsjaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Shalina DevineRommert de BreeGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 20088 desimberTruus PostmaFacebookZevenhuizen (Westerkertier)BeierenRachel AzianiBesibskipLos AngelesRegisseurSteatSensual JaneAchille Devéria24 aprilNasjonaal parkHûnGriis iikhoarntsjeMoskeftigenMemLycklama à Nijeholt9 maartMichiganMount RushmoreTynaarloGazastripeJulie SkyhighMaya BijouSasha BeartMya NicholeAmerikaansk fuotbalEreksjeJohann Wolfgang von GoethePornoakteurVVDHoutNijsPiet MiedemaYnternetMicrosoftFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952SúdlarenFrysktalige WikipedyJierDriuwdongAsia (pornografysk aktrise)Grutte-boarstesjenreSkamte (anatomy)JapanskHôfdowenPolitykGrykskPortegalSaya Song1977Dûbai8 junyPornhub5 desimberAnale seksRae Lil BlackGeorges SimenonGina GersonDomtsjerke fan ParmaInga RidereGymnomyza samoensisIan KershawMinnie Beets🡆 More