Boergonje-Franche-Comté

Boergonje-Franche-Comté (Frânsk: Bourgogne-Franche-Comté, Arpitaansk: Borgogne-Franche-Comtât) is in regio yn it easten fan Frankryk dy't yn jannewaris 2016 ûntstie nei in weryndieling fan de Frânske regio's.

Boergonje-Franche-Comté
Bourgogne-Franche-Comté
Boergonje-Franche-Comté
([[|Details]])
Boergonje-Franche-Comté
Lizzing fan it Grutte Easten yn Frankryk
Haadstêd Dijon
Arrondisseminten 24
Kantons 152
Gemeenten 3831
Departeminten Côte-d'Or (21),
Haute-Saône (70)
Jura (39)
Haute-Marne (52)
Nièvre (58)
Saône-et-Loire (71)
Territoire-de-Belfort (90)
Yonne (89)
Oerflakte 47.783 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

2.801.695 (jannewaris 2020)
59 ynw/km²
Folksliet '
webstee www.bourgognefranchecomte.fr

De regio ûntstie nei in fúzje fan de eardere regio's Boergonje en Franche-Comté. Yn desimber 2015 wiene de earste ferkiezings fan de 100 leden fan de Regionale Ried (Conseil Régional).

De regio beslacht in gebiet fan 47.783 km² en omfiemet acht departeminten mei in befolking fan likernôch 2,8 miljoen ynwenners. De haadstêd (prefektuer) en grutste stêd is Dijon, dochs it sit fan de Regionale Ried is yn Besançon. Dêrby is Boergonje-Franche-Comté, njonken Normandje de regio dêr't de prefekt net yn deselde stêd as de Regionale Ried is.

Namme

Neffens de wet oangeande weryndielings besteane de nammen fan fúsearjende regio's út ynterim-nammen. Dy ynterim-nammen binne in kombinaasje fan de fusearjende regio's skaat troch in keppelstreekje. Fêste nammen wurde troch de nije regionale rieden útsteld en dêrnei troch de Conseil d'État foar 1 oktober 2016. De regio besleat de ynterium-namme as de fêste namme oan te hâlden en waard op 28 septimber 2016 offisjeel fêststeld.

De fúzje betsjutte de weriening fan de histoaryske regio's fan it hartochdom Boergonje en it frijgreefskip Boergonje (Franche Comté de Bourgogne) dy't ûntstiene nei it Ferdrach fan Verdun yn 843.

Skiednis

Midsiuwen

It gebiet fan wat hjoed-de-dei Boergonje en Franche-Comté wie earder feriene ûnder it keninkryk Boergonje dy't fan de fyfde oant de achtste iuw bestie. Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 waard it ferparte yn twaen: it hartochdom Boergonje ûnder it keninkryk Frankryk en it greefskip Boergonje ûnder it Hillige Roomske Ryk. It greefskip waard yn de santjinde iuw as in frije provinsje yntegrearre yn it keninkryk Frankryk, mar skaat fan it hartochdom dat in fazalprovinsje fan Frankryk bleau. Dy twa provinsjes waarden nei de Frânske Revolúsje opheft.

Moderne tiid

It gebiet fan Boergonje-Franche-Comté beslacht de eardere provinsjes Boergonje en Franche-Comté, allyk grutte parten fan de eardere provinsjes Nivernais (hjoed-de-dei Nièvre), Sjampanje (hjoed-de-dei noardlik Yonne, Orléanais (hjoed-de-dei súdwestlik Yonne), de Territoire de Belfort (it part fan de Elzas dy't nei 1871 part fan Frankryk bleau en in lyts part fan it Île-de-France (hjoed-de-dei noardwestlik Yonne).

Fan 1941 oant 1944 waarden Boergonje en Franche-Comtê ûnder it Vichy-bewâld weriene. Nei it foarmjen fan de regio's fan Frankryk yn 1964 waarden Boergonje en Franche-Comté fannijs skate ienheden.

Op 14 april 2014 sprutsen de foarsitters fan de Regionale Rieden fan Boergonje en Franche-Comté de winsk út foar in fúzje fan de twa regio's nei't de Frânske premier Manuel Valls buorkundich makke hat dat der in weryndieling fan de Frânske regio's komme soe. Op 2 juny dat jiers liet de Frânske presidint François Hollande in kaart sjen dêr't de twa regio's as ien oanjûn stiene. Dy twa regio's wiene de iennigen dy't frijwillich in fúzje besprutsen hiene, en wie dusdanich de iennige dy't net troch de Nasjonale Gearkomste of de Senaat op 'e nij besjoen hoegde te wurden.

De fúzje waard op 17 desimber 2014 offisjeel oannommen en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2016 yn.

Geografy

De regio grinzget it Grutte Easten yn it noarden, Île-de-France yn it noardwesten, Sintrum-Loiredelling yn it westen, Auvernje-Rône-Alpen yn it suden en Switserlân yn it easten.

Departeminten fan de regio

Regio's oant 2015 Wapen Departemintsnû.: Departeminten Ferdieling sitten
Boergonje
Bourgogne
Boergonje-Franche-Comté  21 Côte-d'Or 18
Boergonje-Franche-Comté  58 Nièvre 8
Boergonje-Franche-Comté  71 Saône-et-Loire 10
Boergonje-Franche-Comté  89 Yonne 11
Franche-Comté Boergonje-Franche-Comté  25 Doubs 20
Boergonje-Franche-Comté  39 Jura 9
Boergonje-Franche-Comté  70 Haute-Saône 10
Boergonje-Franche-Comté  90 Territoire de Belfort 4
Tal sitten yn 'e Regionale Ried: 100

Histoaryske provinsjes

Boergonje-Franche-Comté 

██ Boergonje

██ Sjampanje

██ Elzas

██ Franche-Comté

██ Île-de-France

██ Montbéliard

██ Nivernais

██ Orléanais

██ Oaren

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Boergonje-Franche-Comté  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bourgogne-Franche-Comté fan Wiki Commons.
 
             Frankryk
Boergonje-Franche-Comté 
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen

Tags:

Boergonje-Franche-Comté NammeBoergonje-Franche-Comté SkiednisBoergonje-Franche-Comté GeografyBoergonje-Franche-Comté Departeminten fan de regioBoergonje-Franche-Comté Histoaryske provinsjesBoergonje-Franche-Comté Keppeling om utensBoergonje-Franche-Comté20152016Boergonje (regio)Franche-ComtéFrankrykFrânskRegio's fan Frankryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Dûbele penetraasjeKrystal SwiftCJ MilesCody Bryant2017Jayden LeeLaura LionHeather LeePortegalJacques MonaschRae Lil BlackWikipedyKryptogramYves BaillatSavana GingerLady GagaDresden11 aprilMoslim1941TechnologySauwerdFingerjenFreeska LandriuchtISO 3166HoiSúd-KoreäWedaMarijn KuipersNoard-WillemskanaalFetisjÉcole polytechniqueAbel TasmanPieter BreukerEjakulaasjeShae SummersMisjonarishâldingBank (finansjele ynstelling)Volie Schermer-de JongVina SkyReligyBordeelSensual Jane69 (sekshâlding)MasturbaasjeNoardfryskMinnie BeetsAlice RomainLychtensteinYnternasjonale Kynologyske FederaasjeHessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715)1 septimber9 septimberKoöperaasjeReidsjongersStimakteurBeverrôtHôfdowenHarmony WonderGrykskLuna SilverNoarskAda SanchezAfro-AmerikanenOkke Hel (sêge)Megan SalinasBeropAfro-Aziatyske woastynsliepmûs🡆 More