Boat

In boat is in fartúch dat ûntwurpen is om te driuwen op in oerflaktewetter lykas in sleat, feart, kanaal, mar of see.

By sokke fartugen wurdt faak ûnderskie makke tusken in boat en in skip, wêrby't in boat behindiger is en in skip grutter. It is lykwols ûndúdlik wêr't krekt de grins lutsen wurde moat. In kotter kin dêrom sawol in 'fiskersboat' as in 'fiskersskip' neamd wurde. De oantsjutting boat wurdt tsjintwurdich lykwols faak beheind ta fartugen dy't foar de plezierfeart yn gebrûk binne. Yn marinejargon is in boat in fartúch dat lytsernôch is om oan board fan in oar fartúch mei te fieren, hoewol't omreden fan tradysje grutte ûnderseeërs dan wol wer oantsjut wurde as dûkboat. Boaten wurde faak oandreaun troch spierkrêft (mei roeirimen of in kloet) of troch in bûtenboardmotor.

Boat
In rêdingsboat.

Soarten boaten

  • bierboat
  • boatfyts
  • dhow
  • draachwjukboat
  • drakeboat
  • dûkboat of ûnderseeër
  • fearboat of fear
  • flit
  • flústerboat
  • jôl of jol
  • kajak
  • kano
  • kotter
  • kylboat
  • lark
  • loadsboat of tender
  • motorboat
  • opblaasboat
  • paviljoenboat of paviljoenskip
  • platboaiem boat
  • plechtboat of plechtskip
  • plezierjacht
  • prau
  • pream of preamskûte
  • rêdingsboat
  • roefskûte of roefskip
  • roeiboat of roeiskou
  • sylboat
  • skûtsje
  • sleepboat
  • sloep
  • speedboat
  • steamboat of steamskip
  • triuwboat
  • tsjalk
  • tsjotter
  • U-boat
  • wenboat of wenarke
  • wetterstofboat

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

DûkboatFeart (wetterwei)JargonKanaal (wetterwei)MarMarineOerflaktewetterSeeSkipSleat (wetter)SpierÛnderseeër

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gregoriaanske kalinderWittenskiplike nammeNovial18521952Priya PriceTekenteltsjeSitaatHaadsideTelefoanMilfpornografyFamylje (taksonomy)IranOera Linda Boek1989Yndustriële RevolúsjeList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânKoördinearre WrâldtiidLexxxi LockhartMerknammeSekshâldingEnsyklopedyFolksmuzykHellendoornKompjûterkloftSiblingBostonMozilla FirefoxHolon (plak)HTMLArabyskSaûdy-Araabje1904Frysk1927LetlânYvette BovaFeriene KeninkrykTermodynamikaPoalenPenisIerdbevingSinne-enerzjy30 novimberHûnBill GatesAzerbeidzjanLannen en territoaria16 aprilCassidy BanksDeastrafPornhub1980Koen EekmaSlavernijSotterum (Koarnwert)KoloanjeMediaWikiHarmony WonderGazastripeAntonie Frederik ZürcherBernemisbrûkDouglas DC-31983Jeropa66 f.Kr.Kirgyzje2003Japan10 desimber🡆 More