Blood Lite III: Aftertaste is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur Kevin J.
Anderson. It boek omfettet 30 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't fermaaklikens kombinearje mei it boppenatuerlike, benammen mei fampieren. De titel betsjut letterlik "Bloed Light" (yn 'e sin in produkt mei minder kaloryen as normaal). De tafoeging Aftertaste is it Ingelske wurd foar "neismaak". (Beide dielen fan 'e titel ferwize op komysk bedoelde wize nei fampieren.)
Blood Lite III: Aftertaste | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Kevin J. Anderson (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Gallery Books | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 45 16 36 239 |
De ferhalen yn 'e bondel binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Jim Butcher, Kelley Armstrong, L.A. Banks en Sherrilyn Kenyon. Alle ferhalen út Blood Lite III: Aftertaste waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Blood Lite III: Aftertaste waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Blood Lite III: Aftertaste, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.