Blaise Pascal

Blaise Pascal (Clermont-Ferrand, 19 juny 1623 – Parys, 19 augustus 1662) wie in Frânske wis- en natuerkundige, kristlik filosoof, teolooch en apologeet.

Alhoewol't Pascal ta de Roomsk-Katolike Tsjerke hearde, hat hy ek fan grutte ynfloed west op it protestantisme.

Blaise Pascal
Blaise Pascal

Syn wichtichste prestaasjes binne:

  • hy lei de grûnslach foar de wierskynlikheidsrekkening (tegearre mei Fermat, dy't fûn dat Pascal willekeurich hokker wiskundich probleem oplosse koe).
  • Pascal lei ek de basis foar de yntegraallear en joech betsjutting oan it begryp ûneinichheid (wat Leibniz as ien fan de ienichsten begrypte).
  • hy boude ien fan de earste meganyske rekkenmasines (optelling en ôflûking) (1642), de pascaline
  • hy droech by oan de projektive mjitkunde (kegelsneden, stelling fan Pascal), hydrostatika, hydrodynamika en kombinatoryk (trijehoek fan Pascal). Isaac Newton skriuwt dat hy in soad oan Pascal hân hat.
  • hy ûntdekke de nei him neamde Wet fan Pascal: De druk dy't op in floeistof útoefene wurdt, plantet him fuort yn alle rjochtingen mei deselde grutte

As kristlik tinker wurdt hy benammen sjoen as de apologeet fan de iepenbiering. Hy stelt mei klam dat de rede har eigen grinzen kenne moat en sy bûge moat foar de troch God jûne werklikheid. Bekend is syn útspraak (opnomd yn de Pensées), dat men neffens de kânsrekkening wol in God leauwe moat: as dy ommers bestiet, is de winst foar de leauwige ûneinich. Bestiet God net, dan ferliest men neat (Le pari, de gok). Dizze redenearring stiet bekend as de gok fan Pascal.

Blaise Pascal
In rekkenmasine (Pascaline)

Literatuer

  • P. van der Hoeven, Blaise Pascal, Baarn, Het Wereldvenster, 1964
  • Jacques Attali, Blaise Pascal of het Franse genie, Averbode|Agora (oersetting).
  • Peter Kreeft, Christendom voor moderne heidenen, Pascals gedachten voor u, Amsterdam, Boom, 2000.
  • A.J. Plaisier, De Mens in het geding, een kritische vergelijking tussen Pascal en Nietzsche, Zoetermeer 1996.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1623166219 augustus19 junyApologeetClermont-FerrandFilosofyFrankrykKristendomNatuerkundeParysProtestantismeRoomsk-Katolike TsjerkeTeologyWiskunde

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NoarskGrutte pappegaaidoJ.R. Carrington7 aprilMiddellânske SeeSensual JaneJohn AdamsNeakenmodelNeolitikumSaûdy-Araabje16 aprilNoardfrysk1 jannewarisTopless1971Jaylene RioKontraktKya TropicTransportHearlikheid FryslânAldfryskIuwDútskTiranaSkipfeartKolombiaSneonRaerdList fan sterke tiidwurden yn it FryskSkiednisBill GatesIstanbûlFingerjenFerspriedingsgebietLexi DiamondFrouKnier (lichemsdiel)4 junyAntysemitismeList fan Belgyske keunstskildersSandy MilzDouglas DC-3GazastripePappegaaidowenPinguïns1431TongaOrale seksKunnilingusHaadsideFuotbalYves Baillat2021BaaikleanArp HiemstraMadridGizeh9 septimberHans Christian AndersenGreefskip Bentheim (Landkreis)Sarah Banks1952BernepornografyOrganisearre misdieIerlânSekondeKatalaanskFlechtleaze fûgelBalkbrug$Sybren fan RoptaSophie Hilbrand🡆 More