Bjørnstjerne Bjørnson (Kvikne (Tynset, Hedmark), 8 desimber 1832 – Parys, 26 april 1910) wie in Noarske skriuwer, sjoernalist en politikus.
Yn 1903 ûntfong Bjørnson de Nobelpriis foar de Literatuer. Hy is ek de auteur fan de tekst fan it Noarske folksliet Ja, vi elsker dette landet. Mei Henrik Ibsen, Jonas Lie en Alexander Kielland wurdt er rekkene ta de Grutte Fjouwer fan de Noarske letterkunde.
Yn 1857 publisearre Bjørnson Synnøve Solbakken, de earste fan syn boereromans. Yn 1858 waard dy folge troch Arne, yn 1860 troch En glad Gut ('In blide jonge'), en yn 1868 troch Fiskerjenten ('It fiskersfanke'). Dat binne de wichtichste fertsjintwurdigers fan syn boereferhalen, de bonde-fortellinger.
Bjørnson woe graach sêgen út it eachpunt fan boeren wei skriuwe, dy't de foarm fan nasjonale drama's krije moasten, saneamde folke-stykker. De earste dêrfan wie in ien-akter dy't him yn de 12e iuw ôfspile, Mellem Slagene (Tusken de slaggen), skreaun yn 1855 en útbrocht yn 1857. Hy waard foaral beynfloede troch de stúdzje fan Jens Immanuel Baggesen en Adam Gottlob Oehlenschläger by dit stik, skipe by in besite oan Kopenhagen. Mellem Slagene waard folge troch Halte-Hulda (Lamme Hulda) yn 1858, en Kong Sverre (Kening Sverre) yn 1861. Syn wichtichste wurk oant doe ta wie de politike trilogy Sigurd Slembe (Sigurd de Minne), útbrocht yn 1862
Bjørnson wie de soan fan dûmny Peder Bjørnson en Inger Elise Nordraach. Hy boaske Karoline Reimers (1835-1934) yn 1858. Sy krigen seis bern, dêr't fiif fan folwoeksen waarden:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Bjørnstjerne Bjørnson, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.