Bizonkeal

Bizonkeal (Sjajinsk: Motši, útspr.: ; Ingelske oersetting: Buffalo Calf (ek wol Mochi neamd); ±1841 – Clinton (Oklahoma), 1881) wie in froulike kriger en lieder fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Hja wie ien fan 'e oerlibbenen fan it kwea ferneamde Bloedbad fan Sand Creek, yn novimber 1864, wêrby't Amerikaanske milysjetroepen op ferriedlike wize in freedsum kamp fan 'e Súdlike Sjajinnen útmoarden. Neitiid waard se kriger en ferkearde se goed tsien jier lang op foet fan oarloch mei de blanken, dy't se mei har man, it opperhaad Medisynwetter, fermoarde dêr't se se mar oantrof. Ein 1874 joech se har mei de measte oare Súdlike Sjajinnen oer, wêrnei't se as iennichste Yndiaanske frou ea troch de Amerikanen as kriichsfinzene fêstholden waard.

Bizonkeal
Bizonkeal yn finzenskip yn Floarida, om 1875 hinne.
Bizonkeal yn finzenskip yn Floarida, om 1875 hinne.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Motši
oare namme Buffalo Calf, Mochi
berne ±1841
berteplak westlike Feriene Steaten
stoarn 1881
stjerplak Clinton (Oklahoma)
etnisiteit Bizonkeal Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
aktyf as froulike kriger
jierren aktyf 18641874
reden
  bekendheid
iennichste Yndiaanske frou ea
   kriichsfinzen nommen troch
   de Feriene Steaten

Libben

Bloedbad fan Sand Creek

Bizonkeal waard berne om 1841 hinne en hearde fan oarsprong ta de Tsetsestus-troep fan 'e Súdlike Sjajinnen. Hja wie by de trijeëntweintich jier om, doe't se mei har famylje de winter fan 1864 op 1865 trochbringe soe yn it kamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel, dy't bekend stie as fredesstifter. It kamp wie sitewearre oan it streamke de Big Sandy Creek, yn Kolorado, binnen de grinzen fan it Sand Creek Yndianereservaat, en it opperhaad hie by syn tipy neffens ôfspraak in Amerikaanske flagge hyst om oan te jaan dat er in freon fan 'e Amerikanen wie. Likegoed joech de ambisjeuze kolonel John M. Chivington syn 700 man milysjetroepen op 'e iere moarn fan 29 novimber 1864 daliks befel om oan te fallen. Om't de measte krigers fuort wiene, op jacht, bestie it grutste part fan 'e 163 Sjajinnen dy't by dit Bloedbad fan Sand Creek troch de soldaten ôfslachte waarden út froulju en bern. Neffens har eigen eachtsjûgeferslach seach Bizonkeal by de oanfal har mem foar har eagen deasketten wurden, wêrnei't de soldaat dy't harren tipy ynkrongen wie, besocht om Bizonkeal sels te ferkrêftsjen. Hja wist har oan him te ûntwrakseleljen en skeat him doe dea mei it gewear fan har pake. Neitiid wist se it kamp mei guon oare oerlibbenen te ûntflechtsjen, dêrby neisitten troch Chivington syn mannen.

Striid tsjin 'e blanken

Nei dat bloedbad waard Bizonkeal in kriger en lei se har goed tsien jier lang ta op it befjochtsjen fan 'e Amerikanen. Se troude mei it opperhaad Medisynwetter, dy't krekt sa foar de blanken oer stie as sysels, en tegearre joegen se lieding oan in groep krigers. Hja binne benammen bekend wurden troch twa foarfallen. Op 24 augustus 1874 foelen se yn it hjoeddeiske Meade County, yn Kansas, in ekspedysje fan lânmjitters oan dy't laat waard troch kaptein Oliver Francis Short, in feteraan dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar it Noarden fochten hie. Short, syn fjirtjinjierrige soan Truman en fjouwer oare leden fan 'e groep waarden deade, en trije fan harren waarden skalpearre. Dit ynsidint kaam bekend te stean as it Bloedbad fan Lone Tree.

Datselde jiers fûn op 10 septimber it saneamde German-Bloedbad plak, ek yn Kansas, wêrby't Medisynwetter, Bizonkeal en harren krigers in kolonistegesin oanfoel dat fia de postkoetsrûte nei Fort Wallace ûnderweis wie. John German, oarspronklik út Georgia, syn frou Liddia Cox German, soan Stephen (19) en dochters Rebecca Jane (20) en Joanna (15) waarden fermoarde en skalpearre, wylst de oare fjouwer dochters, Catherine (17), Sophia (12), Julia (7) en Adelaide (5) ûntfierd waarden. Bizonkeal soe sels mei in tomahawk Liddia German de plasse ynslein hawwe. De beide jongste famkes waarden ûnderbrocht by of ruile mei de troep fan it opperhaad Griis Burd en waarden op 8 novimber befrijd by in ferrassingsoanfal op it kamp fan Griis Burd troch Amerikaanske troepen ûnder lieding fan luitenant (letter generaal) Frank Baldwin. Catherine en Sophia waarden oerdroegen oan it opperhaad Stiennen Keal, dy't him oankante tsjin 'e op 'e lange doer sinleaze striid tsjin 'e blanken. Hja kamen frij doe't Stiennen Keal him mei it meastepart fan 'e restearjende Súdlike Sjajinnen op 2 maart 1875 oerjoech by Darlington, yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma).

Oerjefte en finzenskip

Bizonkeal joech har doe ek oer, en sysels en Medisynwetter waarden troch de German-susters oanwiisd as de dieders fan it German-bloedbad. Sadwaande waard Bizonkeal de iennichste Yndiaanske frou dy't ea troch de Amerikanen yn kriichsfinzenskip fêstholden is. Sy, Medisynwetter en Griis Burd wiene ûnder 35 Súdlike Sjajinnen dy't mei 27 Kajowa, 11 Komansjen en 1 Keddo nei Floarida ta deportearre waarden, dêr't se finzen holden waarden yn Fort Marion, by Sint-Augustinus. Bizonkeal har ferbliuw yn dat tichthûs duorre goed trije jier. Yn 1878 waard se weromstjoerd nei Oklahoma, dêr't se yn 1881 op 'e âldens fan likernôch fjirtich jier ferstoar yn wat no it stedsje Clinton is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Bizonkeal LibbenBizonkeal1841186418741881Bloedbad fan Sand CreekClinton (Oklahoma)Feriene SteatenGrutte Flakten (Noard-Amearika)IngelskKriichsfinzeneNoard-AmearikaOklahomaSjajinskSúdlike SjajinnenYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TsjoenderijRicki RaxxxKoptysk-Otterdokse TsjerkeDon't Stop Me NowList fan planetoïden 77001-78000OdysseeJeropeeske UnyAppingedamArwen GoldTasitus (skriuwer)Marika FruscioAudulfHoratio NelsonJasmine BlackDôve BroeierKalkulatorDaisy SummersStasjon It Hearrenfean IisstadionDaunettelDútslânFinske GolfList fan haadstêdenHaadsideFritz WepperSpoar fan Grins nei EemshavenMozilla FirefoxList fan planetoïden 1001-2000Africa SexxBart KingmaKraj KamtsjatkaMarkus Tullius SiseroOblast OrenburgGandzasarFaginaEnsyklopedyKaratsjaj-TsjerkessiëHeipealhâldingHolokaustPrins EdwardeilânYonkers (New York)Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Tatjana ŠimićMe Before You (film)Ejakulaasje13 febrewaris14e iuwSúd-SûdanGrykskTibeariusPsychologyFriezenNettelstrûkReklamefilmkeNelson MandelaCalgaryJacobus Henricus van 't HoffVina SkyAlgerijeMoriah MillsKarelië (deelrepubliek)Koördinearre WrâldtiidSylviaNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeRhylee Richards837Wurd🡆 More