Biologyske Lânbou

Biologyske lânbou is in lânboufoarm dêr’t mei klam rekken yn holden wurdt mei miljeu-effekten en de libbenstier fan bisten en dy’t yn de 20e iuw ûntstie as reaksje op it yndustrialisearjen fan de produksje fan iten.

Foar syn lânboumetoaden jilde strangere foarskriften as foar dy fan de konfinsjonele lânbou. De strangere easken belangje it brûken fan bestridingsmiddels, it brûken fan keunstdong en it brûken fan genetysk modifisearre organismen oan. Der binne ferskate keurmerken dy’t it neikommen dêrfan kontrolearje.

Biologyske Lânbou
Biologyske lânbou yn Kapay, Feriene Steaten
Biologyske Lânbou
Biologyske melkstâl yn Woerden, Nederlân

Skaaimerken lânbou

Ien fan de útgongspunten fan biologyske bou is it idee dat it natuerlike boaiemlibben de fruchtberens fan de grûn ferheget en dat dat libben beynfloede wurde kin. Yn positive sin troch it brûken fan bygelyks kompost en dong, yn negative sin troch it brûken fan keunstdong, bestridingsmiddes en swier ark dat de grûn tichtset. Dêrnjonken besykje de measte metoaden de natuer sa min mooglik te skansearjen en dêr wêr’t dat mooglik is ekologyske ynsichten yn te setten foar in optimale produksje.

It brûken fan bestridingsmiddels

Der wurde gjin syntetyske bestridingsmiddels brûkt yn de biologyske lânbou. Tastiene middels binne:

  • Sjippe
  • minerale oalje
  • izer(III)fosfaat
  • baktearjepreparaten
  • kopersulfaat
  • swevel
  • pyretrine
  • plantaardige bestridingsmiddels

Der binne neffens de EU-rjochtline fyftjin bestridingsmiddels (ynsektisiden, antyskimmelmiddels tastien, meast fergifstoffen út planten of baktearjes of mei in antagonistyske wurking. Sa is troch EU-feroardering nr. 404/2008 it ynsektiside (fan bakteariële oarsprong) Spinosad tastien. Spinosad is lykwols slim skealik foar bijen en mei dêrom net yn de bloeitiid brûkt wurde. Fierder legitimearret deselde feroardering ek it brûken fan kaliumkarbonaat en koperoktanoaat by de bestriding fan ferskate skimmelsykten.

Ek binne in tal ripingsbegeunstigers wol tastien. Sa is troch dizze feroardering it brûken fan etyleen yn beskate gefallen tastien, ûnder oare by it neirypjen fan sitrusfruchten.

Genetysk modifisearre gewaaksen

It brûken fan genetysk modifisearre gewaaksen is ûnder de (net wetlik fêstleine) kritearia fan de International Federation of Organic Agriculture Movements (IFOAM) en de (wetlik fêstleine) Jeropeeske feroardering foar biologyske lânbou net tastien.

De gewaakssoarte en de wize fan ferbouwen

Metoades dy’t brûkt wurde yn de biologyske ikkerbou en túnbou om it brûken fan bestridingsmiddels foar te kommen binne ûnder oare it kiezen foar resistinte rassen en fruchtwiksel wêrby’t gewaaksen minder frekwint op itselde stik boud wurde. Der wurdt in fruchtwikselskema fan fiif oant sân jier oanholden. By it opkommen fan sykten of pleagen rispje se bytiden earder. Wichtich is om te wurkjen oan de wjerstân fan planten en oermjittich bedongjen te mijen. Inkeld passe biologyske kwekers biologyske bestriding ta.

Keunstdong mei útsûndering fan kieserite mei net brûkt wurde, dong út oare feehâldersystemen sa min mooglik. Túch wurdt foar in grut part mei de hân of masinaal bestriden.

In soad biologyske boeren binne ek yn oare opsichten oars mei de lânbou dwaande as ‘gewoane’ boeren. Se ha faker in mingd bedriuw, (sawol ikkerbou as feehâlderij) en besteegje mear wurk en tiid oan natuerbehear op it bedriuw.

Skaaimerken feehâlderij

Ek binne der tal fan regels oer de wize dêr’t mei de libbenstier fan bisten omgien wurdt.

Libbensomstannichheden

It tal kante meters dat in bist ta syn foldwaan hat is grutter, der binne beheinings foar it op stâl setten en bargen, kij en hinnen krije deiljocht en in frije útrin nei bûten. It rûtinemjittich ôfbaarnen fan snaffels by hinnen en it sturtknippen by bargen mei net. It kastrearjen fan bargen is ek ferbean.

Iten

Bisten moatte, dêr wêr’t dat mooglik is, fuorre wurde mei biologysk produsearre feefoer. Allinnich as der gjin genôch biologysk foer foarhannen is mei troch de feeboer oar foer ynkocht wurde, mar dat komt komselden foar. Herbifoaren moatte yn alle gefallen 100% biologysk fuorre wurde.

Medisinen

Krekt as yn net-biologyske lânbou is it brûken fan groeihormoanen by it produksjeproses ferbean. Ek antybiotika meie net previntyf tatsjinne wurde, allinnich as in bist siik is. In fleisbaarch mei yn syn libben mar ién kear mei medisinen behannele wurde, drachtige sûgen foar twa ferskillende oandwanings jiers. Foar kij jildt ek dat se foar twa oandwanings jiers behannele wurde meie.

Skaaimerken fan makke iten

Bedriuwen dy’t biologysk iten meitsje wolle moatte yn it besit wêze fan de krekte sertifikaten. Der moat in dúdlike administraasje byholden wurde fan biologyske grûnstoffen dy’t binnenkomme, en biologyske produkten dy’t levere wurde oan bygelyks winkels of oaren mei regulier itensguod.

Biologysk iten mei gjin gemysk-syntetyske rook-, kleur- en smaakstoffen hawwe en ek gjin konservearringsmiddels. Der binne ek strange easken oangeande de etikettearring. As útsûndering op de algemiene regel mei biologyske wyn oars wól sulfiten hawwe. Yn wêzen bestiet der gjin biologyske wyn mar is it wyn fan biologysk kweekte druven. De finifikaasje dêrfan stiet it brûken fan sulfyt ta.

Easken en wetjouwing

Biologyske lânbou wurdt yn in soad lannen wetlik as produksjemetoade erkend. Om har te ûnderskieden fan konfinsjonele lânbou, mar ek fan oare produksjemetoaden wurde de produkten ûnder in keurmerk ferkocht dat garandearret dat de regels opfolge waarden op it mêd fan:

  • sertifikaasje en tafersjoch;
  • keunstdonggebrûk;
  • medisyngebrûk, yn it bysûnder antybiotika;
  • genetysk manipulearre organismen;
  • komôf fan ynkochte produksjemiddels lykas feefoer;
  • restriksjes yn it brûken fan gemyske bestridingsmiddels.

Jeropeeske wetjouwing en keurmerk

De earste Jeropeeske Feroardering oangeande biologyske lânbouprodukten is fan 1991 (EU-Feroardering 2092/91) en line op de noarmen fan de IFOAM, de wrâldwide organisaasje fan de biolânbou. Anno 2015 jilde de Jeropeeske Feroarderingen 834/2007, 889/2008 en 1235/2008. Yn de Jeropeeske Lidsteaten kinne dochs noch ferskillen foarkomme as gefolch fan ynterpretaasjes fan dizze basiswetjouwing.

Biologyske Lânbou 
Jeropeeske logo foar biologyske produkten

Yn de Jeropeeske Uny is ién keurmerk ôfpraat. It logo is grien en hat 12 wite stjerren dy’t meiïnoar in planteblêd foarstelle. Dit logo ferfangt it logo dat oant 1 july 2010 gou. Op produkten meie ek oare keurmerken set wurde.

Oare keurmerken

Keurmerken dy’t de konsuminten ek op produkten tsjinkomme kinne, kinne minder strang of krekt stranger wêze as de Jeropeeske regeljouwing. Oan dy lêste wurdt soms it ferwyt makke dat se allinnich each hawwe foar lânboutechnyske kritearia, mei útsluten fan oare prinsipes fan ekologyske (b.g. biodiversiteit, enerzjy- en wettergebrûk, koarte keatlings) en sosjale (arbeidsbetingsten), of spirituele aard (b.g. antroposofy). Inkelde keurmerken:

  • It EKO-keurmerk wurdt takend troch Stifting EKO-keurmerk. Dit keurmerk jout oan dat in bedriuw neffens biologyske kritearia wurket, koartwei sein dat gjin bestridingsmiddels fan keunstmjittich komôf of keunstdong brûkt wurdt.
  • It Demeter-keurmerk jout oan dat der wurke wurdt neffens biologysk-dynamyske prinsipes, basearre op de antroposofy fan Rudolf Steiner.
  • Milieukeur is in Nederlânsk keurmerk basearre op regeljouwing dy’t minder strang is as bygelyks de biologyske lânbou.
  • It Belgyske keurmerk Biogarânsje.
  • It Beter Leven skaaimerk fan de Nederlânske Dierebeskerming dat in skiedingsline oanjout tusken fleisprodukten út de yntinsive feehâlderij en de biologyske greidbuorkerij.

De measte fan dizze keurmerken berêste op it prinsipe fan kontrôle troch in eksterne ynspeksje- en sertifikaasje-ynstelling, in proseduere dy’t lykwols foar in soad earmere boeren yn de wrâld te djoer en omslachtich is. Dêrom waarden al sûn de sechstiger jierren ferienfâldige prosedueres úttocht foar kontrôle ûnderinoar, basearre op betrouwen en it ûnderskriuwen fan mienskiplike prinsipes. Ien fan de âldste keurmerken is dat fan Nature et Progrès yn Frankryk (oprjochte yn 1964). Dit type fan keuring waard troch IFOAM formalisearre yn in partisipartyf garânsjesysteem (PGS), wêrmei’t ek bûten de lânbou betroubere keurmerken ôflevere wurde kinne.

Omfang

De groep konsuminten, dy’t biologysk produsearre iten keapet, nimt ta. Njonken natueritensguodwinkels biede ek supermerken in hieltyd grutter assortimint biologyske produkten oan.

Nederlân

Yn 2004 wie it merkoandiel fan biologysk itensguod 1,8% en it biologysk lânbou-areaal 2,5% (48.155 hektare) fan it totaal. Sûnt 2004 is it biologysk areaal stadichoan sakke nei 47.019 hektare oan de ein fan 2007 om yn 2008 wer te groeien nei 50.435 hektare. Yn 2010 wie it merkoandiel fan biologyske produkten omheech gien nei 2,5 persint.

Suvel

Nederlân hie yn 2010 sawat 325 biologyske feeboeren. Troch de tanimmende fraach nei biologyske suvel is der krapte kommen. Yn 2010 moast biologyske molke ymportearre wurde út Dútslân en Denemarken.

Biologyske produkten en sûnens

De biologyske lânbou hâldt rekken mei syn belesting fan de natuer en kiest foar miljeu- en bistefreonliker produksjewizen, mar is net rjochte op it produsearjen fan ‘sûner’ iten. Dochs blykt út konsuminte-ûndersyk dat it grutste part fan de keapers fan biologysk iten dat dogge om reden fan sûnens.

Hoewol’t it net ûntinkber is dat biologysk guod sûner is, blykt út guon wittenskiplike ûndersiken dat dit ferskil net sinjifikant is. Yn 2012 bliek út in meta-analize fan 45 ûndersiken dat biologyske produkten sawat 30% minder oan pestisiden hat, mar ek de net-biologyske produkten bleaune binnen de feilichheidsmarzjes. Dêrfoaroer hat biologysk bargefleis mear E-koly-baktearjes, al geane dy dea as it goed trochbakt is. Biologysk fleis blykt wol minder risiko op te smiten op resistinte baktearjes. Biologysk iten wykt ek amper ôf kwa fiedingswearden fan yndustrieel makke iten. Allinnich fosfor komt faker foar, dêr’t in sûn persoan dochs al gjin brek oan hat. It Voedingscentrum beskôget biologysk iten like sûn as net-biologysk iten.

It konsumintebûn kaam nei ferlykjen fan 15 grienten ta de konklúzje dat biologysk kweekte gewaaksen amper in bettere fiedingswearde hawwe. De Ingelske Food Standards Agency die yn 2009 in mânske literatuerstúdzje fan alle wittenskiplik ûndersyk op dit mêd en kaam ta de konklúzje dat der op dit stuit gjin wittenskiplike basis is om biologysk iten as sûner as net-biologysk iten oan te tsjutten. Ek in ûndersyk dat yn 2012 yn Annals of Internal Medicine publisearre waard konkludearre dat der gjin bewiis is dat biologysk iten gâns streksumer is. It risiko om oan in maksimaal talitten wearde fan in bestridingsmiddel te kommen ferskilt net folle tusken biologysk en konfinsjoneel iten.

Ferskillende ûndersyksynstituten komme mei ôfwikende konklúzjes. It Louis Bolk Ynstitút, in ûndersyksynstitút foar biologyske lânbou, komt mei positive resultaten. Yn 2005 konkludearren se dat biologyske suvel mear sûnensbefoarderjende stoffen hat. Yn de mande mei de keatlingorganisaasje foar de biologyske lânbou Platfoarm Biologika tsjutte se oan dat fitamine C faker foarkomme soe yn biologysk kweekte produkten. Yn 2007 konkludearren se dat biologysk fuorre hinnen ferskille kwa ymmúnreaktiviteit, stofwiksel en genekspresje mei gongber fuorre bisten. Wat it effekt fan minsklike konsumpsje dêrfan is, is net dúdlik.

In langduorjend ûndersyk oan de Universiteit fan Kallifornië konkludearre dat biologysk kweekte tomaten sawat twa kear safolle flavonoïden hat as konfinsjoneel kweekte tomaten (yn trochsneed 97% mear) kaempferol en 79% mear quersetine. Ut in oar ûndersiken soe bliken dwaan dat fruitmichjes langer libje en aktiver, fruchtberder en stressbestindiger binne as se biologysk kweekt iten krije.

Biologyske produkten kinne mear fergifstoffen fan skimmels mykotoksinen ha as reguliere lânbouprodukten, omdat skimmels yn de biologyske lânbou dreger te bestriden binne as yn de reguliere lânbou. Nôt kin bygelyks troffen wurde troch ôfripingssykten wêrtroch it DON-gehalte yn it nôt heech wurde kin.

Biologyske greidbuorkerij en epidemyen

Hoewol’t it oannimlik is dat biologyske greidbuorkerij minder gefoelich foar epidemyen is, is dêrfoar gjin streekrjocht bewiis. By de biologyske greidbuorkerij binne de regels foar it feefoer skerper en better omskreaun en ek it feebeslach de kante meter gâns behindiger wat rekkene wurdt ta de krúsjale prefinsjemaatregels fan zoönoaze-epidemyen.

Dêrfoaroer is it sa dat bisten yn de biologyske greidbuorkerij mear bûten komme en mear mooglikheden foar skarreljen hawwe, sadat se beskate bistesykten earder skypje kinne, lykas bygelyks wjirmynfeksjes by bargen.

Spesifike problemen

It ôfstimmen tusken oanbod en fraach is dreech: boeren dy’t har produkten biologysk ôfsette wolle komme wolris op in wachtlist te stean of moatte har biologyske produkten as gongber ferkeapje foar legere prizen. Op oare stuiten driget troch in oanboazjende fraach en in efterbliuwende produksje in tekoart te ûntstean.

Ut ferskate ûndersiken blykt dat boargers faak in natuer- en bistefreonlike lânbou freegje, wêrby’t se oanjouwe dat se ree binne dêr in mearpriis foar te beteljen. It konsumintegedrach bliuwt dêr gauris by benefter: faak wolle se in produkt dochs foar in sa leech mooglike priis en kieze se dus leaver foar goedkeapere produkten út de gongbere lânbou. Likegoed groeit de merk foar biologyske produkten sterk, benammen as jo dy groei ôfsette tsjin it klimaat yn supermerken dêr’t de fokus sterk op de priis is kommen te lizzen. Aktuele sifers oer de merk fan biologyske produkten binne te finen op de webside fan Biologika.

Krityk

Tsjinstanners fan biologyske lânbou hâlde út:

  • Keunstdong mei net brûkt wurde, en de boer hat allinnich bistedong en kompost foarhannen. Om dong te krijen is in soad ekstra lân nedich. Lânbougrûn, ek biologyske lânbougrûn, is minder ryk oan plantesoarten as bygelyks tropysk reinwâld of Hollânsk sompebosk.
  • Troch it brûken fan nauterlike dong is it dreech de dosearring ôf te stimmen op it ferlet fan it gewaaks. Op stuiten dat it gewaaks in soad fiedingsstoffen brûke moat ûntstiet in tekoart wêrtroch de opbringst leger wurdt. Oan de oare kant is der in oerskot oan dongguod op it stuit dat it gewaaks minder hurd waakst. Dy dongstoffen spiele út de boaiem en komme yn it grûn- en oerflaktewetter telâne, dêr’t se in fersmoargjende ynfloed hawwe (sjoch Eutrofiering).
  • Biologyske lânbou nimt oer it generaal mear romte, wylst lânbougrûn krap wurdt. Dat giet op kosten fan natuer.
  • De biologyske lânbou is net effisjint genôch om de hiele wrâldbefolking fan iten te foarsjen.

Boppeneamde punten wurde troch foarstanners gauris as folget fan replyk tsjinne:

  • De gongbere lânbou lit de biodiversiteit mear ôfbrekke as de biologyske lânbou, trochdat boaiemlibben, wylde planten en ynsekten deamakke wurde. De sterk weromrûne biodiversiteit yn Nederlân sûnt it begjin fan de 20e iuw (noch 15% fan wat it wie, neffens de Monitor Duorsum Nederlân) wurdt troch oanhingers fan biologyske lânbou taskreaun oan de wurkwizen fan de reguliere lânbou.
  • By biologyske lânbou is de ynstek net om de plant iten te jaan, mar de grûn. Troch libbene prosessen yn de boaiem wurde de fiedingsstoffen stadichoanwei frijmakke foar de plant. Keunstdong spielt earder út as organyske dong en ferearmet it boaiemlibben.
  • Foar de produksje fan kompost is mar in fraksje nedich fan de enerzjy dy’t foar keunstdongproduksje en -transport fereaske is.
  • In rapport fan it FN-Miljeuprogramma (UNEP) út 2008 jout oan dat by 114 projekten yn 24 Afrikaanske lannen de rispinge mear as ferdûbele troch it brûken fan biologyske produksjemetoaden. Keunstdong en bestridingsmiddels binne faak net te beteljen foar lytse boeren yn ûntwikkelingslannen, wylst mankrêft - letterlik - genôch foarhannen is. In krityske kantteken dêrby is lykwols dat it rapport stelt dat biologyske gewaaksbeskerming effektiver is as hielendal gjín gewaaksbeskerming, se sizze net dat biologyske gewaaksbeskerming effektiver is as gongbere gewaaksbeskerming.
  • It hongerprobleem yn de wrâld is gjin kwestje fan tekoarten, mar in probleem fan ferpartsjen en distribúsje. Neffens sifers fan de FN, út de mûle fan rapporteur Jean Ziegler, waard yn 2006 yn prinsipe genôch iten produsearre om 12 miljard minsken har gerak te jaan. Boppedat waarden biologyske lânboumetoaden hieltyd effektiver en kin der neffens saakkundigen op termyn grif mear as genôch produsearre wurde.
  • De biologyske lânbou hat in kreamkeamerfunksje foar de gongbere lânbou, metoaden út de biologyske lânbou kinne as se geskikt blike te wêzen oernommen wurde yn de reguliere lânbou.

Farianten

Der binne ferskate spesjale farianten fan biologyske lânbou. Min ofte mear yn folchoarder fan ansjenniteit:

  • Biologysk-dynamyske lânbou - basearre op ynsjoggen út de antroposofy.
  • Nature Farming - de dominante Japanske foarm fan biologyske lânbou, mei grûnlizzer Mokichi Okada (1935): liket op biologysk-dynamyske lânbou troch de klam op boaiempreparaten.
  • Organysk-biologyske lânbou - in koart nei de Twadde Wrâldkriich ûntstiene lânboufariant dy’t de klam leit op it stimulearjen fan de mikro-organismen yn de boaiem. De metoade is betocht troch Hans en Maria Müller en fierder stal jûn troch de mikrobiolooch Hans Peter Rusch.
  • Permakultuer - ûntwikkele yn de santiger jierren yn Australië, rjochte op sekuer ûntwurpen ekosystemen.
  • Fukuoka lânbou - basearre op de ideeën fan de Japanner Masanobu Fukuoka (1975), dy’t stribbet nei minimaal yngripen yn natuerlike prosessen.
  • Forest agriculture - basearre op it boek "The Forest Garden" fan de Ingelsman Robert Hart út 1987, nau besibbe oan permakultuer.
  • Synergetyske lânbou - ûntwikkele troch Emilia Hazelip yn de Feriene Steaten, fuortbouwend op de ideeën fan Fukuoka - net yn boekfoarm publisearre.
  • Anastasia-lânbou - ein njoggentiger jierren ûntstien yn Ruslân, nei oanlieding fan de boeken fan Vladimir Megre, mei in útsprutsen filosofy fan ticht by de natuer.

Al dy farianten hawwe as mienskiplik skaaimerk, dar se har basearje op ekologyske prinsipes en de gemysk-yndustriële oanpak ôfwize. Hoewol’t se har inkeld tsjininoar ôfsette, stribje se allegearre nei safolle mooglik oparbeidzjen mei de natuer. Allinnich de biologyske lânbou is fêstlein yn ynternasjonale wet- en regeljouwing. Foar de oare foarmen besteane allinnich private labels - en faak ek dy net.

Besibbe foarmen fan lânbou

Eleminten fan biologyske lânbou kinne ûnderdiel wêze fan alternative lânbou of omrinlânbou en fan typen gongbere lânbou dy’t mear each hawwe foar miljeu, duorsumens en/of minsklike sûnens lykas duorsume lânbou, ferbrede lânbou of yntegrearre lânbou.

Oplieding

Yn Nederlân organisearret Warmonderhof yn Dronten twa opliedings foar biologyske en bio-dynamyske lânbou, in 4-jierrige dei-oplieding foar adolesinten & jong-folwoeksenen en in 2-jierrige dieltiidoplieding foar folwoeksenen. Dêrnjonken is der oan de Universiteit fan Weinum in MSc Organic Agriculture (MSc Biologyske Produksjewittenskippen) dy’t him op biologyske produkten rjochtet. Yn Flaanderen organisearret Landwijzer in modulêr leartrajekt biologyske en bio-dynamyske lânbou (2,5 jier) yn Gent en Antwerpen.

  • BioMijnNatuur, ynformaasje en nijs oer biologyske lânbou en itensguod - Flaanderen
  • Bionext, de Nederlânske organisaasje foar biologyske lânbou en itensguod
  • Bioforum, de Belgyske sektororganisaasje foar biologyske lânbou en itensguod
  • de Nederlânske stifting EKO-keurmerk
  • Skal, de Nederlânske tafersjochhâlder op biologyske lânbou en itensguod
  • biogarantie.be, Oer it Biogarânsje-label - België
  • IFOAM, The International Federation of Organic Agriculture Movements

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Algemien

  • Jaap Melgers: Biologische akkerbouw, handleiding, achtergrond en praktijk (Jan van Arkel, 1993)
  • Adrian Myers: Organic Futures, The Case for Organic Farming (Green Books, 2006)
  • Willy Schilthuis: Anders omgaan met de aarde, biologisch-dynamische landbouw voor nu en later (Christofoor, 1995)
  • Kees van Veluw: Biologische veehouderij, handleiding, achtergrond en praktijk (Jan van Arkel, 1994)
  • Bart Willems: Biologische groenteteelt, handleiding, achtergrond en praktijk (Jan van Arkel, 1996)

Yn de tekst

Tags:

Biologyske Lânbou Skaaimerken lânbouBiologyske Lânbou Skaaimerken feehâlderijBiologyske Lânbou Skaaimerken fan makke itenBiologyske Lânbou Easken en wetjouwingBiologyske Lânbou OmfangBiologyske Lânbou Biologyske produkten en sûnensBiologyske Lânbou Biologyske greidbuorkerij en epidemyenBiologyske Lânbou Spesifike problemenBiologyske Lânbou KritykBiologyske Lânbou FariantenBiologyske Lânbou Besibbe foarmen fan lânbouBiologyske Lânbou OpliedingBiologyske Lânbou Eksterne linksBiologyske LânbouLânbou

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mårten Eskil Winge2005Harmony WonderThe New York TimesRae Lil BlackMichelle ObamaBesnijenisPornhubArameeskEjakulaasjeSeptember ReignYnternetSosha DuyskerHelpWrâldsûnensorganisaasjeJeropeesk RuslânRocco SiffrediJoadenWikipedyLos AngelesPornofilmProvinsjale wei 910TrochrinnerGNU/FDLIersk2017Paulina SeikolaCJ MilesLânmachtTuistoCharley AtwellArwen GoldLev TolstojKya TropicMya NicholeJan KleefstraRomi RainPerigeumZaawaadiRichard LanginLolitapornografyPornografysk aktriseNikkie PlessenLexi DiamondShalina DevineMahina ZaltanaEuro21e iuwAlexa FlexyJohn AdamsNikki AndersonSudokuSinne-enerzjyDe Tocht fan de ArgonautenCassandra WildeWytsingenTsjinstesektorOflûken (seksualiteit)Pake1e iuwNederlânskList fan sterke tiidwurden yn it FryskJ. MacTallinnLoftmacht🡆 More