Drachten Beter Wonen

Beter Wonen is in, fan oarsprong, arbeidersbuertsje yn Drachten.

It is in ryksmonumint.

Beter Wonen
bouwurk
Beter Wonen 26-28
Beter Wonen 26-28
lokaasje
Gemeente Drachten Beter Wonen Smellingerlân
plak Drachten Beter Wonen Drachten
bysûnderheden
boujier 1920 - 1922
arsjitekt A.J. Wijbenga
boustyl 'Oergongsarsjitektuer'
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 499106
Drachten Beter Wonen
Beter Wonen 34-36

Skiednis

Nei de earste twa sosjale wenningbouprojekten yn de gemeente Smellingerlân - De Houtigehage (1909, ek ryksmonumint) en Drachten (1912) - kaam der earst yn 1922 in ferfolch. Dat wie it troch arsjitekt A.J. Wijbenga út Noardwâlde ûntwurpen kompleks fan de 'Woningstichting Beter Wonen' dy 't yn 1920 op inisjatyf fan de pleatslike S.D.A.P-ôfdieling oprjochte wie. Yn it uitbreidingsplan voor Dragten fan Geert Stapenséa wie al romte reservearre foar de 65 wenten, ferdield oer sân blokken om in middenplantsoen hinne en in achtste blok oan de Houtlaan. Yn 1951 fusearre Beter Wonen mei wenningstichting Smallingerland ta Wenningbouferiening Smallingerand.

Opfallend yn it streekje binne de trije tusken harkenielen oanbrochte tegeltablo's mei azuerblauwe en okergiele tegeltsjes. Ek bysûnder is it siermitselwurk yn de topgevels, dy't bestean út in dûbele rollaach lâns de dakrâne en fertikaal opmitsele aksinten.

Eltse wenning krige in grutte achtertún foar it bouwen fan ierappels en griente, lykas ek yn De Houtigehage benammen bedoeld om de wyklikse hier fan ƒ 4, - oant ƒ 4,70 better opbringe te kinnen. Der wennen yn 't earstoan selsbewuste arbeiders, dêrom hiet it 'it reade doarp'.

Mei't de struktuer fan it kompleks net feroare is en it oansjen fan de rychjes wenten amper oantaast is, hat it wenningboukompleks neist in romme mjitte fan autentisiteit ek de oarspronklike beslettenens behâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

DrachtenRyksmonumint

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DriuwdongFranklin D. RooseveltSarah YoungTer AardPiet Miedema9 maartVienna BlackNegevFellatioBrazzersWolfKarnivoarJarretankAsia (pornografysk aktrise)Fryske gemeentenTambora9 junyMiljuschka WitzenhausenMinskeFryskFaginaWim KanMirka Antolović-TipurićAmerikaanske dollarInga RidereDe Holder (literêr tydskrift)Twadde WrâldkriichGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Lexi DiamondCarmel MooreNeakenfotografyFacebookKompjûterprogrammaMidden-AmearikaIrakFiere EastenGina GersonMustafa Kemal AtatürkOseaanYnternetLycklama à NijeholtUnbreakable (film)Doede VeemanRain ManPhilippus H. BreukerBachreinYnterbellumSteatsfoarmGeslachtsmienskip15e iuwFriesLiifmoerOrale seksGymnomyza samoensisFerspriedingsgebietHeather LeeJoyce OliveiraHynstekrêftGriis iikhoarntsjeFeneesje (stêd)Nicole OringMegan Vaughn16 aprilThundermotherPersia Pele🡆 More