Bert Kiewiet

Lammert Jan (Bert) Kiewiet (Amsterdam, 13 april 1918 - Mantinge, 31 augustus 2008) wie in Nederlânsk byldhouwer.

Bert Kiewiet
Museumbesikers (1985), Assen

Libben en wurk

Kiewiet waard berne yn Amsterdam, mar groeide op yn Ljouwert. Nei de hbs folge hy in technyske oplieding oan de hts. Pas nei syn fjirtichste folge hy yn de jûnsoeren in teken- en byldhouoplieding en waard hy keunstner fan berop. Oant 1976 joech Kiewiet noch les yn Amsterdam, yn dat jier ferhuze hy nei Drinte. Yn in soad plakken yn Drinte steane brûnzen bylden fan him, dy't faak te krijen hawwe mei it libben fan aldendei, lykas de Brêgeôfdraaister yn Annerveenschekanaal, de Boer mei molkbussen yn Nijeveen en de Grûnwurker yn Linde.

By gelegenheid fan de grutte ferbouwing fan it Drintsk Museum yn Assen yn 1984 wode de 'Stichting Vrienden van het Provinciaal Museum van Drenthe' in keunstwurk oanbiede. Ut in trijietal Drintske byldhouwers waard it ûntwerp Museumbesikers fan Kiewiet keazen. It byld, oarspronklik mei trije minskfigueren, krige in plak op it Jacob Cramerplein njonken it museum. De ôfbylde man mei burdsje soe Kiewiet sels wêze.

Wurken (karút)

  • 1988 De Non, Weiteveen
      Ontmoeting, Zuidwolde
  • 1989 Havelte, De pearel fan Drinte, Havelte
      Boer mei molkbussen, Nijeveen
      Bjinnende boerinne, Ruinerwold
  • 1990 Minsken komme, minsken geane, Assen
      Beskerming, Beilen
      De Lemster Fiskerman, De Lemmer
  • 1991 De Turfskipper, Drogteropslagen
  • 1992 De Merk, Rolde
  • 1993 Lêzend famke, Emmen
  • 1995 Wemeltje, Gasselte
  • 1997 De Smid, Gieten
  • 1998 Deliberation, Assen
  • 1999 De Tobbedanser, Harns


Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tags:

Bert Kiewiet Libben en wurkBert Kiewiet Wurken (karút)Bert Kiewiet Sjoch ekBert Kiewiet13 april1918200831 augustusAmsterdamByldhouwer (keunstner)Mantinge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TiisdeiTennisZaya CassidyGasselteAlexander BurgerSiren ThornRoplettersDe Holder (bernetydskrift)Turkske folkenLolitapornografyNederlânJada StevensYves BaillatDútslânDe Jouwer9 aprilAaliyah HadidAmerikaansk fuotbalGregoriaanske kalinderMarrit van der WalNeakenmodelFêsteljûnJ. MacAlaskaSlowaakskMichelle ObamaVeronica BrazilHylperskKiëvPoalenSofia RoseLaura LionBeatrix PotterKosovo-oarlochTwizelVina SkyBuenos AiresTerritoarium HawaïSineeskThe New York TimesAlfabetRae Lil BlackSyrjeSwedenMata HariMerovechÉdouard-Henri AvrilAzerbeidzjaanskJohan van SeijstGoldbandMårten Eskil WingeHôfdoCassandra WildeKrúsgetalpuzelCarles PuigdemontKrysteilânFingerRenault2018Douwe AlgraBlankenbergeEmiel StoffersHTMLSupermoanneSensual JaneFleanfjild🡆 More