Bernhardus (Bernhard) van Haersma Buma (Starum, 23 maart 1932 - Ljouwert, 26 juny 2020) wie in Nederlâns politikus fan de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en letter fan it CDA.
Hy is in soan fan mr. S.M. van Haersma Buma fan Starum dy't dêr sûnt 1930 boargemaster wie. Doe't er seis jier wie waard syn heit boargemaster fan Wymbritseradiel mar yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard dy út reden fan syn anti-Dútske hâlding arrestearre; yn 1942 waard ferlear er it libben yn it konsintraasjekamp Neuengamme.
Bernhard van Haersma Buma helle it gymnasium yn Snits en yn 1950 sette er útein mei de rjochtenstúdzje oan de Ryksuniversiteit Utert. Dêrnei begûn er syn karriêre by it kabinet fan de boargemaster fan De Haach en yn 1959 waard er waarnimmend sjef fan it kabinet fan de Kommissaris fan de Keninginne yn Drinte. Dêrneist wie er ek polityk warber; sa waard er yn 1960 as foarsitter fan de Federatie van Christelijk-Historische Jongerengroepen keazen.
Yn juny 1962, Van Haersma Buma wie doe krekt 30 wurden, waard er boargemaster fan Warkum en acht jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Snits. Hy soe dy funksje hâlde oant syn pensjoen yn july 1993. Yn dy tiid, mar ek letter, hat er mear as ien boek oer Frysk-histoaryske ûnderwerpen skreaun.
Mr. B. van Haersma Buma troude yn 1959 mei mr. drs. Elly van Werkum (1933-2019) dy't ôfstudearre yn de rjochten en de Fryske taal- en letterkunde. Sy krigen twa dochters en in soan. Soan Sybrand van Haersma Buma waard lid fan de Twadde Keamer en wie fraksjefoarsitter fan it CDA. Yn 2019 waard er beneamd ta boargemaster fan Ljouwert.
Boeken (mei)skreaun troch Bernhard van Haersma Buma:
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Bernhard van Haersma Buma, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.