Baruch Lopes De Leao Laguna

Baruch Lopes de Leão Laguna (Amsterdam, 16 febrewaris 1864 – Auschwitz, 19 novimber 1943) wie in Nederlânske keunstskilder dy't assosjearre wurdt mei de Larenske Skoalle.

Hy is benammen bekend fan portretten, genretafrielen en blomstillibbens. Hy en syn frou waarden beiden fermoarde yn de Holocaust. Hy sinjearre syn wurk mei B. Laguna.

Baruch Lopes de Leao Laguna
Baruch Lopes De Leao Laguna keunstner
Baruch Lopes De Leao Laguna
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Baruch Lopes De Leao Laguna Nederlânsk
berne 16 febrewaris 1864
berteplak Amsterdam
stoarn 19 novimber 1943 (79 jier)
stjerplak Auschwitz-Birkenau
Baruch Lopes De Leao Laguna
Selsportret (±1940)

Biografy

Oplieding en wurk

Baruch Lopes De Leao Laguna 
De wente mei atelier yn Laren

Baruch Lopes de Leão Laguna wie de soan fan Salomon Lopes de Leão Laguna en Sara Kroese. Doe 't er tsien jier wie waard er wees en kaam er telâne yn it Portugeesk-Israëlitysk Weeshûs yn Amsterdam. Op syn fjirtjinde gie er nei de Quelliniusskoalle, dêr 't er oplaat waard ta dekoraasjeskilder. Yn 1880 waard er talitten ta de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten, dêr 't er les krige fan August Allebé en Barend Wijnveld.

Op syn santjinde moast Baruch Lopes de Leão Laguna it weeshûs ferlitte. Oant syn tweintichste wenne en wurke er yn de Amsterdamske joadebuert, ûnder oare yn it atelier fan Meijer de Haan. Hy krige wat bekendheid troch yllustraasjes te leverjen oan Elseviers Maandschrift.

Yn 1884 ferliet Baruch Lopes de Leão Laguna de Ryksakademy. In jier letter, yn 1885, waard er lid fan de keunstnersferiening Arti et Amicitiae, dêr 't er dat jier ek foar it earst eksposearre. Hy wie ek lid fan de keunstnersferiening Sint Lucas yn Amsterdam.

Baruch Lopes de Leão Laguna skildere in soad portretten fan wichtige persoanen neffens de werklikheid, lykas politikus Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Hendrik Colijn, opperrabbyn Abraham van Loen, akteur Louis de Vries en sakeman Sylvain Kahn. Dêrneist spesjalisearre er him yn it skilderjen fan blommen en ynterieurs. Ut en troch skildere er ek lânskippen, mar allinnich op fersyk fan de Larenske keunsthannel, omdat dy goed wiene foar eksport nei de Feriene Steaten.

Persoanlik libben

Baruch Lopes de Leão Laguna troude mei Rosa Asscher, de dochter fan in diamantsliper, mei wa't er mear as ien bern krige. Om reden fan har sûnensproblemen ferhuze de húshâlding nei it Goai; sy wennen ûnder oare yn Laren en Blaricum.

Yn de Twadde Wrâldoarloch dûkte de húshâlding Lopes de Leão Laguna ûnder yn Laren. Op 23 april 1943 waard Baruch Lopes de Leão Laguna finzen naam en fuortfierd nei Kamp Vught. Dêrnei waard er nei Auschwitz-Birkenau deportearre, dêr't er op 19 novimber 1943 fermoarde waard. Rosie, syn frou, waard ek fermoarde yn Auschwitz op 11 febrewaris 1944.

Kar út syn wurk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Baruch Lopes De Leao Laguna BiografyBaruch Lopes De Leao Laguna Kar út syn wurkBaruch Lopes De Leao Laguna16 febrewaris186419 novimber1943AmsterdamAuschwitzHolocaustKeunstskilderStillibben

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

EkshibisjonismePinguïns1941Rae Lil BlackEgypteAnita Blond18 augustusGrutte-boarstesjenreSibling1927National Broadcasting CompanyTransportToplessGeslachtsmienskip1952AldfryskLoftmachtMassachusettsFlorânsPakistanBernemisbrûkArtefakt (archeology)2003Tehmeena AfzalFalom12 maartKaliningradAbbey BrooksHans Vredeman de Vries66 f.Kr.J.R. CarringtonSatireOeriselYndoneezjeFerspriedingsgebietKoen EekmaNatuerkundeHûnFuortplantingApheliumEster (skiekunde)Jezabel VessirTiidKarnivoarEast-JeropaTou2010-er jierrenSybren fan RoptaGoudList fan Nederlânske gemeentenNadia Kroon1963Kartaachske RykAld SelskipPortegalGenêskundeIranFal fan it Westromeinske RykSkiednisStar WarsOanslach31 desimber16 febrewarisKultuerMerknammeSpaanske grypHearke Tjerks WitteveenAda SanchezSkriller1939FuotbalSkaai (taksonomy)🡆 More