Baptiste Pourier

Baptiste Pourier (16 july 1843 – Pine Ridge (Súd-Dakota), 17 septimber 1928) wie in Amerikaansk frontiersman yn it Wylde Westen, dy't fan Frânsk etnysk komôf wie.

Hy tsjinne it Amerikaanske Leger as ferkenner, tolk en gids, en wie yn dy hoedanichheid û.m. belutsen by de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Pourier wie it lykwols net iens mei de behanneling fan 'e Yndianen troch Amerikaanske autoriteiten, en kearde it leger om dy reden úteinlik de rêch ta.

Baptiste Pourier
Baptiste Pourier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Baptiste Pourier
oare namme Big Bat
nasjonaliteit Baptiste Pourier Amerikaansk
berne 16 july 1843
berteplak ûnbekend
stoarn 17 septimber 1928
stjerplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Baptiste Pourier Frânsk
wurkpaad
berop/amt ferkenner foar it
   Amerikaanske Leger
aktyf as tolk en gids
jierren aktyf 18681891

Libben en karriêre

Jonge jierren

Pourier, dy't berne wie yn 1843, joech him 1858 mei fyftjin jier by in Amerikaanske ekspedysje dy't ta doel hie om hannel te driuwen mei de ûnderskate Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Nei dat earste kontakt ûntwikkele er him ta in kundich keapman, en sleat er freonskip mei it Lakota-opperhaad Reade Wolk, in freonskip dy't duorje soe oan Reade Wolk syn ferstjerren yn 1909 ta. Yn dy jierren learde Pourier floeiend Lakota te sprekken en krige er in yngeande kennis fan 'e geografy fan 'e noardlike Grutte Flakten.

Húshâlding

Op syn earste hannelsreis nei Wyoming krige Pourier gedoente mei in John Richards, in oare pionier fan Frânsk komôf, dy't troud wie mei in Lakota-frou. Yn 1868 troude Pourier mei Richards syn dochter Josephine (1853-1937), mei wa't er de rest fan syn libben trochbringe soe. Hja krigen alve bern: Alice Aldene Pourier Brown (1870-1959), John Baptiste Pourier (1872-1956), Louis Richard Pourier (1873-1937), Elizabeth Pourier Jones (1875-1929), Joseph Pourier (1882-1954), Mary Lovie Pourier McGaa (1884-1984), Helen Pourier Swallow (1886-1970), Peter Pourier (1888-1960), Rose Pourier Tibbitts (1890-1969) en Charles Pourier (1893-1944).

Tsjinst foar it Amerikaanske Leger

Yn 1868 ferhuze Pourier syn gesin nei Fort Laramie ta, dêr't er as tolk fungearre by de ûnderhannelings tusken it Amerikaanske regear en de Lakota dy't laten ta it sluten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. Mei dat ferdrach kaam in ein oan 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868). Yn 1874 tsjinne Pourier as gids foar de ekspedysje fan it Amerikaanske Leger ûnder brigadegeneraal George Crook nei de Black Hills, dy't bedoeld wie om blanke goudsikers tsjin te hâlden dy't yn it ramt fan 'e Goudkoarts fan 'e Black Hills op Yndiaansk lân nei goud sykje woene.

Under de Grutte Sû-Oarloch (1876-1877) begelate Pourier op 'e nij de troepen fan Crook, no ek as ferkenner. It wie yn dy snuorje dat er de bynamme Big Bat krige, om him te ûnderskieden fan in oare ferkenner mei deselde foarnamme, Baptiste Garnier (Little Bat). Oan it begjin fan 'e simmerkampanje fan 1876 wie Pourier oanwêzich by de Slach oan de Rosebud, dêr't Crook syn opmars tsjinkeard waard troch de krigers fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder en dy har Sjajinske bûnsgenoaten.

Begjin july, njoggen dagen nei de ferneamde Slach oan de Little Bighorn (dêr't Crook syn troepen net oan dielnamen), wist Pourier foar te kommen dat ien fan Crook syn kompanjyen troch de Lakota yn in mûklaach dreaun waard. Yn augustus en septimber die Pourier mei oan Crook syn Hynstefleismars, dy't sa neamd waard om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten. Teffens wied er oanwêzich by de Slach by Slim Buttes.

Doe't Mâl Hynder yn septimber 1877 ferriedlik fermoarde waard yn Fort Robinson, yn Nebraska, wie it Pourier dy't it stoflik omskot nei de Beaver Creek ta brocht, dêr't er it oerdroech oan 'e djipdrôven fan it opperhaad. Lange tiid bleau Pourier as ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger, mar nei it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't Amerikaanske troepen op 29 desimber 1890 ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachten, hied er syn nocht en kearde er him fan it leger ôf.

Letter jierren en dea

Yn 1891 reizge Pourier as tolk mei in delegaasje fan Lakota-opperhaden nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't er ûnderhannelings mei fertsjintwurdigers fan it Buro fan Yndiaanske Saken fasilitearre. Letter waard er hynstekeapman, en wenne er in skoft yn St. Charles (Súd-Dakota), mar kearde al rillegau werom nei it Pine Ridge Yndianereservaat, dêr't syn freon Reade Wolk wenne. Baptiste Pourier ferstoar dêre op 17 septimber 1928, en waard begroeven te Pine Ridge yn Súd-Dakota.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Baptiste Pourier Libben en karriêreBaptiste Pourier Keppelings om utensBaptiste Pourier16 july17 septimber18431928Amerikaanske LegerAmerikaanske frontierEtnyske groepFeriene SteatenFerkennerFrânsenGids (berop)Grutte Sû-Oarloch fan 1876Leger (lânmacht)Pine Ridge (Súd-Dakota)Súd-DakotaTolk (berop)Wylde WestenYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Reidimerke802Skearmês fan OckhamList fan planetoïden 31001-32000Ferstanlike beheiningOrale seksPsychologyAfrica SexxOlympyske Simmerspullen 1956Carles Puigdemont18 novimberCreative CommonsVictoria CakesFriezebrêgeAmarins GevekeGeorge W. BushHilligeKarel II fan Ingelân1952GandzasarHaadsideWikipedySûger (plant)Kristina LionNoardwâlde (Grinslân)CowgirlhâldingNoelle EastonISO 3166WytsingenNeakenensLexi DiamondWetLift (hefmeganisme)Ferkundigingskatedraal (Kazan)Ashley OceanPontius PilatusAsteroïdeRicki RaxxxDollar2011Brún sâneachjePearsAleksander II fan RuslânWim KanDurrësPornofilmFroukje AnnemaAlde EgypteKatee OwenFryske Ryk5 junyKraj KamtsjatkaFedde SchurerKateftigenFryske talenLolita (pornografysk aktrise)Osmaanske RykMediaWikiRoemeenjeJapanClaudia SchifferRoarikVienna BlackLiuwe H. WestraLudwig van BeethovenShakey SamAlgemien direkteurTuberkuloazeTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)🡆 More