Bfi Filmfestival Fan Londen

It BFI Filmfestival fan Londen (Ingelsk: BFI London Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Britske haadstêd Londen.

It evenemint bestiet sûnt 1957. It duorret twa wiken en der wurde elts jier mear as 300 lange films, koarte films en dokumintêres fertoand, út likernôch 50 ûnderskate lannen en territoaria. It filmfestival wurdt organisearre y.g.m. it Britsk Filmynstitút (BFI).

BFI Filmfestival fan Londen
BFI London Film Festival
Bfi Filmfestival Fan Londen
plak en tiid
lân Bfi Filmfestival Fan Londen Feriene Keninkryk
lânsdiel Bfi Filmfestival Fan Londen Ingelân
regio Bfi Filmfestival Fan Londen Grut-Londen
plak Bfi Filmfestival Fan Londen Londen
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1957 – no
oprjochter James Quinn
org. troch Britsk Filmynstitút (BFI)
offisjele webside
bfi.org.uk/

Skiednis

It idee om yn Londen in filmfestival te organisearjen, waard foar it earst oppenearre by in diner dat yn 1953 thús by filmkritikus Dilys Powell fan 'e krante The Sunday Times holden waard. Bestjoerder James Quinn wie dêr oanwêzich en makke wurk fan 'e noasje. It duorre in stikmannich jierren om alle hannen foar sa'n weromkearend evenemint opinoar te krijen, mar fan 16 oant en mei 26 oktober 1957 fûn it earste Filmfestival fan Londen, sa't it doe noch hiet, plak yn it National Film Theatre, in bioskoop dy't no BFI Southbank hjir. Dêrby waarden in tweintichtal films fertoand, wêrûnder wurken fan Ingmar Bergman, Federico Fellini, Elia Kazan, Akira Kurosawa, Satyajit Ray en Andrzej Wajda.

Derek Malcolm, in filmkritikus fan The Guardian dy't yn 1984 direkteur fan it Filmfestival fan Londen waard, yntrodusearre dêr de 'ferrassingsfilm' (surprise film). Dat is de fertoaning fan in film wêrfan't de titel foarôf geheim holden wurdt. As ferrassingsfilms hawwe û.o. tsjinne: A Chorus Line (1985), Silver Linings Playbook (2012), Sully (2016) en Green Book (2018). Yn 2003 waard de namme fan it evenemint omneamd ta BFI Filmfestival fan Londen, om 'e almar iniger bân tusken it filmfestival fan it Britsk Filmynstitút (BFI) wer te jaan.

Prizen

De folgjende prizen wurde op it BFI Filmfestival fan Londen útrikt:

en sûnt 2009:

  • Priis foar de Bêste Film
  • Priis foar de Bêste Britske Nijynkommeling
  • ien of mear BFI Fellowships, in soarte fan earelidmaatskip fan it BFI, dat as oeuvrepriis sjoen wurde kin

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Bfi Filmfestival Fan Londen SkiednisBfi Filmfestival Fan Londen PrizenBfi Filmfestival Fan Londen Keppelings om utensBfi Filmfestival Fan Londen1957Britsk FilmynstitútDokumintêreEvenemintFilmfestivalGrut-BrittanjeHaadstêdIngelskKoarte filmLange filmLannen en territoariaLondenOktoberWike

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NeakenfotografyHeipealhâldingSarah YoungBaktearjeReidhintsjeFenloList fan planetoïden 38001-39000List fan planetoïden 31001-32000Sotsjy2015KeizerJeleazarov-kleasterStille BrânnettelLift (hefmeganisme)List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânHurdegarypster OpfeartAudulf3 maartPersia MonirEastersk SkismaKraj PrimorskiJoyce OliveiraSchutzstaffel11e iuwSingapoerFriezenThe Call of the Wild (film út 2020)LocustellidaeKazachstanTsjechjeStút (lichemsdiel)Noard-IerlânFrankrykKolombiaIemshavenLeonid BrezjnevStasjon BedumJ. MacISSNUnderwiisWytsingenMasturbaasje1000Orgasme1960Sovjet-UnyAC/DCPornofilmStalkingBernepornografySlowaakskSanta Ana (Kalifornje)DermatologyTransportFroukje AnnemaAlaskaNoarwegen1922Audree JaymesEarymarMoriah MillsLybjeCharles III fan it Feriene KeninkrykFryske RykTechnologyPrins Edwardeilân18 novimberEjakulaasjeHerbert Hoover🡆 More