Aylvapoldermole

De Aylvapoldermole is in poldermole en ryksmonumint noardeast fan Burchwert yn Súdwest-Fryslân, foarh.

Wûnseradiel. De mole stiet oan de Boalserter Feart en kin as helpgemaal ynsetten wurde kin by slimme wetteroerlêst. It is in greinen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

Aylvapoldermole
De Aylvapoldermole (2008)

Op it stee fan de hjoeddeiske Aylvapoldermole stie eartiids in oare mole, dy't yn 1827 boud wie as ien fan de beide moles dy't Tsjaard van Aylvapolder bemealle moasten. Yn 1950 waard dy mole restaurearre. Der wienen yn 1959 plannen om in diselmotor yn de mole te setten, mar op 9 novimber fan dat jier waard de mole troch brân ferwoaste. Op de grûnfêsten derfan waard doe in gemaal boud. Dat waard letter wer sloopt, wêrby't de fjouwerkante ûnderbou fan de oarspronklike mole wer foar it ljocht kaam.

Yn 2000 waard op dy ûnderbou de hjoeddeiske Aylvapoldermole setten. Dy komt fan Hallum, dêr't hy as de Hoekstermole sûnt 1846 it wetterskip Fiifhuzen bemealde. Hy moast dêr lykwols wike foar de útwreiding fan in bedriuweterrein. Dêrop waard yn 1999 besletten de mole oer te bringen nei Burchwert en him dêr te werbouwen. De mole waard op 3 juny 2000 iepene troch Annemarie Jorritsma, de destiidske Nederlânske minister fan Ekonomyske Saken, sels in moolnersdochter.

De mole is eigendom fan de Stifting Aylvapoldermolen.

Literatuer

  • Boersma, Bouke en Hinne Bokma (2000) - De Aylvapoldermolen. Sieraad yn de wide romte. Boalsert: Stifting Aylvapoldermole. ISBN n.f.t.

Keppeling om utens

Tags:

Boalserter FeartBurchwertPoldermoleRyksmonumintSúdwest-FryslânWûnseradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ferstoar26 maartWeimarrepublyk2000-er jierren6 febrewarisJulie SkyhighKneppelfreedSúd-AmearikaThe Call of the Wild (film út 2020)Nikolaas fan MyraReligieuze5 septimberAmarins Geveke1957Def RhymzRia RodrigezTransportList fan planetoïden 38001-39000SanskrytTatjana ŠimićOekraïneStasjon StedumHûntsjeshâldingRunenKûl Sjarif-moskeeMediaWiki1949Dea14 septimberNoardfryskFaginaChanto-MansiëPasta (daaiguod)PornofilmNoarwegenWyfke BrânnettelRussyskScilly-eilannen1 julyTwadde WrâldkriichMozilla FirefoxPepinidenJasmine BlackList fan planetoïden 77001-78000Veronica RodriguezImerkesjongerfûgelsLexxxi LockhartHerbert HooverSylviidaeIslamityske SteatNelson Mandela1960SinnestelselMia LiPetrus- en Paulustsjerke (Pskov)Alfred HitchcockEarymarBernepornografyFryslân BoppeKomeetList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânStasjon It Hearrenfean IisstadionBroeinettelMinnistenSûmearjeMinskeWetterstofHillige🡆 More