Atlantis (Aldgryksk Ἀτλαντίς, dochter fan Atlas) soe in earder eilanneryk west hawwe.
It ryk waard foar it earst neamd yn Plato syn dialogen Timaeus en Critias. Troch in katastrôfe soe it ryk hommels ferdwûn wêze. De namme Atlantyske Oseaan is in ferwizing nei dat Atlantis.
Gelearden binne it der net oer iens at Plato faaks troch eardere boarnen ynspirearre west hat. Guon wolle hawwe dat hy putte út ferhalen oer de fulkaanútbarsting fan Thera, wylst oaren tinke dat hy troch de ferwoasting fan Helike yn 373 f.Kr. of de mislearre Ateenske ekspedysje nei Sisylje yn 415–413 f.Kr. syn ynspiraasje foar Atlantis krige. Omdat Plato de ferwoasting fan Atlantis yn ferbân bringt mei de Floed fan Deukalion wurdt ek wol tocht dat hy him ynspirearje liet troch it sûndfloedferhaal.
Troch de jierren binne der talleaze teoryen oer de lizzing fan Atlantis ferskynd. Net alle teoryen binne like goed ûnderboud. Der is beweard dat Atlantis lein hat yn de buert fan de Azoaren, Amearika, Skandinaavje, de Noardsee, de Britske Eilannen, it eilân Kuba, Súd-Spanje, Kreta, Syprus, Santoriny, de Kanaryske Eilannen en Antarktika. Ek wurde Egypte, Yndoneezje, Madagaskar en Austraalje wol neamd as mooglike lokaasjes fan Atlantis. Der is ek in teory dat it hielendal net in eilân wie, mar it Each fan de Sahara, yn Mauretaanje.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atlantis fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Atlantis, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.