Arjen Draisma De Vries

Arjen Draisma de Vries (Achlum, 16 july 1843 - Ljouwert, 6 july 1936) wie in Nederlânsk fabrikant en politikus.

Arjen Draisma De Vries
Arjan Draisma de Vries

Libben en wurk

Draisma de Vries wie in soan fan Foppe Draisma de Vries en Aleida Beekhuis. Hy folge syn heit op yn 1866 as administrateur (feitlik direkteur) fan de Onderlinge Brandassurantie Maatschappij yn Achlum. Mei syn healbroer Willem Veldkamp rjochte er in sûkereifabryk op. Dêrneist wie er eigner fan in dakpannefabryk en yn 1888 mei-oprjochter fan ien fan de earste suvelfabriken yn Fryslân.

Draisma de Vries wie fan 1884 oant 1914 lid van de Provinsjale Steaten fan Fryslân en gemeenteriedslid (1880-1897) en boargemaster (1893-1915) fan Frjentsjerteradiel. Fierders siet er yn it bestjoer fan it Waterschap der Vijfdeelen Zeedijken Binnendijks, hy wie dêr lid fan it Kolleezje fan Folmacht (1887), dykdeputearre (1889) en dykgraaf (1901-1914). Benammen út reden fan syn wetterskipswurk waard er beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy skreau in boek oer de ynpoldering fan de Waadsee.

Hy stoar yn de âldens fan 93 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert en kaam te hôf yn Achlum.

Bibliografy

  • 1921 De wadden polders, eene studie, Ljouwert: De Noord-Nederlandse Boekhandel, ôfd. Meijer en Schaafsma

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

16 july184319366 julyAchlumLjouwert (stêd)NederlânPolitikus

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

12 maartRôfdierenAndamanenpappegaaidoSierra BanxxxJacht (aktiviteit)NoarskBûdapestLoftmachtBeverly HillsKnier (lichemsdiel)GeslachtsmienskipSaûdy-AraabjeIslamismeDedemsvaart (doarp)Bruto Ynlânsk ProduktWebsideOregonISO 3166SoarteDyami MillarsonFreedTurkskMartelderHammetjeWolfJohn de MolTurkijeKirgyzjeFrysk folkslietTaalJeropeeske Uny10 desimber16 julyRedbadFingerjenTiranaMinnie BeetsUraniumRûandaLexi DiamondSarah YoungEster (skiekunde)LiteratuerMariûpolBalkbrug9 julySlavernijJayden LeeRidelBachelortitelArûbaArtefakt (archeology)Sarah BanksPakistanBaaikleanMichelle TuckerLannen en territoariaPlysjeKarnivoar19541977DútslânSomme (rivier)PornhubDútskSkiftEgypteSean LawlessCowgirlhâldingKortikosteroïdeOekraïneNijverdal7e iuw🡆 More