Film Aquaman: Film út 2018 fan James Wan

Aquaman is in Amerikaanske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan James Wan, mei yn 'e haadrollen Jason Momoa en Amber Heard.

De titel fewiist nei de superheld Aquaman, út 'e strips fan DC Comics. Dyselde is de oerwûne soan fan 'e keninginne fan it ûnderseeske ryk Atlantis en in fjoertoerwachter. Hy moat nei it lân fan syn mem gean om syn healbroer, kening Orm, tsjin te hâlden, dy't in allesferneatigjende oarloch tsjin 'e boppeseeske wrâld begjinne wol. Aquaman wie de sechsde film yn 'e rige fan it DC Extended Universe; hy folge as sadanich op Justice League, út 2017, en gie foarôf oan Shazam!, út 2019. In direkt ferfolch op 'e film, Aquaman and the Lost Kingdom, wurdt ferwachte yn desimber 2022. Aquaman ûntfong fan 'e filmkritisy mingde oant positive resinsjes, en woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses.

Aquaman
Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje
makkers
regisseur James Wan
produsint Peter Safran
Rob Cowan
senario David Leslie Johnson-McGoldrick
Will Beall
basearre op Aquaman fan DC Comics
kamerarezjy Don Burgess
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Warner Bros.
DC Films
Cruel and Unusual Films
The Safran Company
Mad Ghost Productions
RatPac Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Jason Momoa
Amber Heard
voice-over Jason Momoa
byrollen Nicole Kidman
Temuera Morrison
Willem Dafoe
Patrick Wilson
Dolph Lundgren
Yahya Abdul-Mateen II
skaaimerken
lân/lannen Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje Feriene Steaten
premiêre 26 novimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 143 minuten
budget en resultaten
budget $160-200 miljoen
opbringst $1.147,7 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Justice League
● folgjend diel Shazam!

Plot

Yn 1985 rêdt Tom Curry, in fjoertoerwachter oan 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Maine, ûnder in stoarm it libben fan Atlanna, de keninginne fan it ûnderseeske ryk Atlantis, dy't oan 'e foet fan syn fjoertoer oanspielt. Se reitsje fereale opinoar en meitiid krije se in soan dy't se Arthur neame. Al fan bern ôf oan docht bliken dat Arthur de boppenatuerlike krêften fan syn mem urven hat; sa kin er bygelyks mei seebisten kommunisearje en yn it tsjuster sjen.

Atlanna is har wetterige heitelân ûntflechte om't se úthylke wurde soe oan kening Orvax, in man dy't se ferfijde. Mar as Atlantyske soldaten de fjoertoer binnenfalle op 'e syk nei har, beseft se dat se Tom en Arthur ferlitte moat om harren te beskermjen. Se keart werom nei Atlantis en draacht dêr har trouwe adviseur Nuidis Vulko op om Arthur te learen hoe't er mei syn krêften omgean moat. Dyselde hâldt him oan syn ûnthjit, ek nei't Orvax yn in fleach fan jaloerskens, nei't er fan it bestean fan Arthur heard hat, Atlanna offeret oan 'e Trôch, in troch meunsters bewenne part fan 'e Atlantyske Oseaan. Arthur lit him ûnderwize troch Vulko, mar as dy him úteinlings oer it lot fan syn mem fertelt, keart er him yn walging ôf fan Atlantis. Hy beslút syn boppeminsklike krêften inkeld noch yn te setten om oaren te helpen en nimt de namme Aquaman oan.

Yn 2018 wurdt in Russyske dûkboat kaapt troch in groepke moardsuchtige Amerikaanske seerôvers ûnder lieding fan 'e negroïde djipseedûker Jesse Kane. Aquaman grypt yn, befrijt it oerlibjende diel fan 'e Russyske bemanning en weeft ôf mei de seerôvers. Dêrby komt Jesse Kane troch eigen skuld om it libben. Syn soan David Kane wyt de dea fan syn heit lykwols op yrrasjonele wize oan Aquaman en swart wraak. Kening Orm fan Atlantis, de healbroer fan Aquaman, brûkt de troch Kane yn opdracht fan himsels bútmakke dûkboat om kening Nereus fan it ûnderseeske keninkryk Xebel oan te fallen, om him der op bedraachlike wize fan te oertsjûgjen dat de lânbewenners in bedriging foar alle seebewenners ynhâlde. Dat slagget: Nereus slút in bûnsgenoatskip mei Orm, dy't no noch twa ûnderseeske riken efter him sjen moat te krijen om himsels 'oseaanmaster' neame te meien, wat him ûnbeheinde macht jaan soe. Hy is fan doel om dy macht te brûken om alle libben op lân út te rûgjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Prinsesse Mera, de dochter fan Nereus, dy't úthylke wurde sil oan Orm om it bûnsgenoatskip fan Atlantis en Xebel te bekrêftigjen, wegeret har heit en oansteande brêgeman te helpen by harren plannen. Ynstee reizget se nei it drûge om Aquaman om help te freegjen. Se wol dat hy as âldste soan fan Atlanna oanspraak makket op 'e troan fan Atlantis om sa de plannen fan Orm tsjin te kearen. Aquaman betanket foar de ear, mar hy betinkt him as syn heit Tom op in hier nei omkomt by in tsûnamy dy't feroarsake wurdt troch Orm. Mei tsjinnichheid reizget er mei Mera nei Atlantis foar in geheime moeting mei Vulko, dy't ûnderwilens opklommen is ta Orm syn fizier. De kening wurdt de oanwêzigens fan Aquaman yn Atlantis lykwols gewaar en syn kommando's ûnderbrekke de moeting. Vulko en Meera witte fuort te kommen sûnder dat se identifisearre wurde kinne, mar Aquaman wurdt finzennommen.

Fêstset mei boeiens wurdt Aquaman foar Orm brocht, dy't him en yn it ferlingde fan him alle lânbewenners de skuld jout fan 'e dea fan Atlanna. Hy biedt Aquaman de kâns om libben en wol fuort te gean en nea wer werom te kommen, mar Aquaman daget him ynstee út ta in duël. Dat wurdt útfochten neffens de tradysjes fan Atlantis, yn 'e midden fan in ring fan ûnderwetterlava. Orm, dy't it fjochtsjen ûnderwetter mear wend is as Aquaman, wit op 't langelêst de boppehân te krijen, mar ear't er Aquaman deadzje kin, wurdt dyselde rêden troch Mera, dy't mei him útnaait. Hja nimt him mei nei ien fan 'e oarspronklike sân ûnderseeske riken, dat fan 'e útstoarne 'Woastiners', dat ferburgen en útdrûge ûnder it sân fan 'e Sahara leit. Mera wol dat Aquaman de legindaryske trijetine fan Atlan, de earste kening fan Atlantis, siket, dy't him macht jaan sil oer alle libbene wêzens yn 'e oseänen. Yn it ryk fan 'e Woastiners ûntdekke se it plak dêr't dy trijetine yn in fier ferline smeid is. Ek witte se der in boadskip fan Atlan te ûntsluten dat harren nei Sisylje ta liedt, dêr't se troch Atlan syn oanwizings te folgjen de geografyske koördinaten fan 'e trijetine ûntdekke.

Underwilens stjoert Orm David Kane mei nije wapens en in stikmannich Atlantyske kommando's út om Aquaman en Mera te deadzjen, ek al hat er Mera har heit, kening Nereus, ûnthjitten dat er har libben sparje sil. Kane, dy't himsels no Swarte Manta neamt, reizget nei Sisylje ta om't in earmbân dy't Orm oan Mera jûn hat, in stjoerderke befettet dêr't se mei folge wurde kin. Hy en de kommando's komme dêr Aquaman en Mera oer it mad, mar yn in fjochtpartij dy't net folle hiel lit fan in Italjaansk fiskersdoarp witte Aquaman en Mera harren te ferslaan. Aquaman smyt Kane mei in keatling om 'e hals mei in pear grutte stiennen oan 'e úteinen yn see en giet derfan út dat er dea is. Yn 'e tuskentiid reizget Orm nei it keninkryk fan 'e saneamde Fiskerslju (seemearminnen), dêr't er kening Ricou fermoardet en de jonge troanopfolchster, prinsesse Scales, yntimidearret en twingt om har by him oan te sluten.

De koördinaten fan 'e trijetine fan Atlan blike yn 'e Trôch te lizzen, in ûnderseesk ryk wêrfan't de oarspronklik minsklike bewenners degenerearre binne ta in kliber amfibyske meunsters. Aquaman en Mera, dy't ûnderwilens yn in romantyske relaasje krigen hawwe, fjochtsje har in paad troch de Trôch oant se útkomme by in wjirmgat, dat harren útspuit yn 'e Ferburgen See yn it mulpunt fan 'e Ierde. Dêr treffe se keninginne Atlanna oan, dy't dochs net dea blykt te wêzen, mar krekt as harren it wjirmgat middenyn de Trôch witten hat te berikken. Sy fertelt harren lykwols dat it wjirmgat mar ien kant út giet en dat se hjir al tweintich jier finzen sit. De iennichste mooglikheid om wer nei it ierdoerflak te kommen, is troch de trijetine fan Atlan te brûken, dy't him hjir ek befynt. Dy wurdt lykwols bewekke troch de Karathen, in skriklik seemeunster dat nimmen oerwinne kin.

Aquaman nimt it op tsjin 'e Karathen, en blykt de earste siker nei de trijetine te wêzen sûnt Atlan sels dy't it wêzen ferstean kin. Hy fertelt dat er de trijetine net hawwe wol om't er sa graach hearsker oer de oseänen wurde wol, want dat wol er krekt net. Mar om't er in oarloch tsjinkeare moat dy't de hiele wrâld ferwoastgje soe, nimt er de hearskippij op 'e keap ta. Dat is blykber it antwurd dat de Karathen hearre woe, want it wêzen lit him troch en Aquaman nimt de trijetine út 'e hân fan it stoflik omskot fan 'e lang deade kening Atlan.

Yn 'e Atlantyske Oseaan hat Orm ûnderwilens blike litten dat er wit fan it ferrie fan Vulko, en hy hat syn fizier finzensette litten. Hy en syn willige en minder willige bûnsgenoaten falle de kreefteftige libbensfoarmen fan it Pikelkeninkryk oan. As Orm dat fjirde keninkryk ferslaan en dêrtroch oan syn kant krije kin, mei er himsels oseaanmaster neame. De Pikelkening wegeret lykwols mei te wurkjen en de striid brekt los. Midden yn 'e ûnderseeslach brekt de oseaanflier iepen en keare Aquaman, Mera en Atlanna mei de Karathen út 'e Ferburgen See werom. Orm wegeret him del te jaan ûnder it bestjoer fan Aquaman, ek al soed er dat wol dwaan moatte om't de tradysjes fan Atlantis dúdlik binne: wa't de trijetine fan Atlan hat, is kening. Nettsjinsteande dat jout Orm befel om Aquaman oan te fallen, mar dyselde hat no troch de trijetine macht oer alle libben yn see, dat hy lit haaien, walfisken en meunsters út 'e Trôch en alle oare foarmen fan seefauna opkomme om Orm en syn leger oan te fallen.

De Fiskerslju rinne oer nei Aquaman, en op Mera har oanstean docht kening Nereus fan Xebel itselde. Aquaman en Orm fjochtsje in twadde duël út boppe wetter, dêr't Aquaman yn it foardiel is. Dêrby tebrizelet Aquaman mei de trijetine fan Atlan it wapen fan Orm. Dyselde wol dat syn healbroer him dêrnei daliks terjochtsteld, mar dat sinniget Aquaman net. Atlanna ferskynt op it toaniel, en Orm, dy't har deawaand hie, bekomt wat fan syn dwylsin. De frijlitten Vulko lit Orm finzennimme, wêrnei't Aquaman tsjin him seit dat se prate sille sadree't Orm dêr ree foar is. Aquaman is mei de stipe fan 'e Trôch, it Pikelkeninkryk, de Fiskerslju en Xebel de oseaanmaster, en wurdt troch de Atlanten erkend as harren kening foar Orm yn 't plak, mei Mera oan syn side as syn keninginne. Atlanna keart nei tritich jier werom nei Maine, dêr't se weriene wurdt mei har grutte leafde Tom.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling te sjen is, wurdt Kane, dy't net dea is, rêden troch de marine biolooch Stephen Shin, dy't obsedearre is troch Atlantis. Kane stimt deryn ta om Shin dêrhinne te bringen yn ruil foar de help fan 'e biolooch by syn wraak op Aquaman.

Rolferdieling

Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Jason Momoa.
Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Amber Heard.
Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Nicole Kidman.
    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa
prinsesse Mera fan Xebel Amber Heard


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
keninginne Atlanna fan Atlantis Nicole Kidman
Tom Curry Temuera Morrison
Nuidis Vulko Willem Dafoe
kening Orm fan Atlantis Patrick Wilson
kening Nereus fan Xebel Dolph Lundgren
David Kane / Black Manta Yahya Abdul-Mateen II
kaptein Murk Ludi Lin
dr. Stephen Shin Randall Park
kening Atlan fan Atlantis Graham McTavish
Jesse Kane Michael Beach
kening Ricou fan 'e Fiskerslju Djimon Hounsou (stim)
Andrew Crawford (motion capture)
prinsesse Scales fan 'e Fiskerslju Sophia Forrest
piloat frachtfleantúch Leigh Whannell
Karathen Julie Andrews (as stimaktrise)
de Pikelkening John Rhys-Davies (stim)
Andrew Crawford (motion capture)
keninginne Rina fan 'e Fiskerslju Natalia Safran

Produksje en distribúsje

Produksje

Aquaman is basearre op 'e strips fan 'e superheld Aquaman fan útjouwerij DC Comics. De film waard regissearre troch de Maleizysk-Australyske filmmakker James Wan nei in senario fan David Leslie Johnson-McGoldrick en Will Beall nei in ferhaal dat betocht wie troch Wan, Beall en Geoff Johns. Beall en Kurt Johnstad wiene yn augustus 2014 oannommen om rivalisearjende senario's te skriuwen, en de produsinten hiene besletten om dat fan Beall te ferfilmjen, nei't it wat byskaafd wie troch Johnson-McGoldrick. As produsinten wiene Peter Safran en Rob Cowan by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, Cruel and Unusual Films, The Safran Company, Mad Ghost Productions en RatPac Entertainment. Der wie foar Aquaman in budget beskikber fan nei skatting $160 oant 200 miljoen, wêrfan't it meastepart útjûn waard oan special effects en oan 'e salarissen fan 'e cast.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Don Burgess en de filmmontaazje waard fersoarge troch Kirk Morri. De filmmuzyk wie fan komponist Rupert Gregson-Williams. De opnamen setten op 2 maaie 2017 útein yn Austraalje ûnder de mei opsetsin ferrifeljende wurktitel Ahab. It grutste part fan 'e film waard opnomen yn 'e Village Roadshow Studios yn Gold Coast, yn 'e Australyske steat Queenslân. Dêrnjonken waard ek filme op oare lokaasjes yn Queenslân en yn Nijfûnlân, Sisylje, Marokko en Nij-Súd-Wales. De opnamen waarden beëinige op 21 oktober 2017.

Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
In parsekonferinsje oer Aquaman op 'e San Diego Comic-Con fan 2018. F.l.n.rj.: akteurs Jason Momoa, Amber Heard, Nicole Kidman, Patrick Wilson en Yahya Abdul-Mateen II en regisseur James Wan.

Distribúsje

De distribúsje fan Aquaman waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 26 novimber 2018 yn Londen yn premiêre en iepene dêrnei op 21 desimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. Foartiid wied er al yn 'e bioskoop útkommen yn Sina (7 desimber), it Feriene Keninkryk (12 desimber), Argentynje, Brazylje en Ruslân (13 desimber) en Yndia (14 desimber). It byhearrende soundtrackalbum Aquaman waard op 14 desimber 2018 útbrocht troch platemaatskippij WaterTower Music. De film kaam op 5 maart 2019 beskikber as digitale download en ferskynde op 19 maart fan dat jier op dvd en blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Aquaman oer it algemien mingde oant positive resinsjes. Der wie lof foar de special effects, it produksje-ûntwerp, de toan, de aksjesênes, de rezjy fan Wan en it aktearjen fan Momoa, mar in protte resinsinten hie krityk op 'e plot, it senario en de spyldoer. Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com joech Aquaman 31/2 fan 4 stjerren, hoewol't er de film ferliek mei de bernetekenfilmsearje SpongeBob SquarePants omreden fan it gebrek oan wittenskiplike akkuratens. Hy konkludearre, mei lof foar it aktearjen fan Momoa en Amber Heard: "Der is feardichheid foar nedich om sa healwiis te wêzen as dizze film […]."

Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Haadrolspiler Jason Momoa mei de 'trijetine' fan keninginne Atlanna op 'e San Diego Comic-Con fan 2017.

Yn it tydskrift Rolling Stone parte Peter Travers Aquaman 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy priizge de rezjy fan Wan en it aktearjen fan Momoa, mar hie krityk op 'e plot en de dialooch, en skreau: "[De film] is in rommeltsje fan botsende toanen en skamteleaze flauwekul, mar komt dochs as in ferromming nei de resinte superheldesomberheid fan [dizze] franchise." Michael Phillips, dy't foar de Chicago Tribune skreau, joech Aquaman lykwols mar 11/2 fan 4 stjerren en hie net folle goeds oer de film te sizzen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Aquaman in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 406 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] swimt mei op syn eigen fermaaklik healwize tij, en biedt in mei special effects ôfmakke superheldespektakel dat enerzjike aksje ôfleveret mei de klam op goede âlderwetske wille." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Aquaman in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 50 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Aquaman brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $335,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $812,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.147,7 miljoen, oftewol goed $1,1 miljard. Ofset tsjin it budget fan nei skatting $160 oant 200 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $947,7 miljoen, hoewol't dêr de foar dizze film mânske marketingkosten noch wol ôf moatte. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne wist foar Aquaman op $260,5 miljoen. Aquaman wie de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2018 (nei Avengers: Infinity War, Black Panther, Jurassic World: Fallen Kingdom en Incredibles 2), en de op 19 nei meast opbringende film aller tiden.

Film Aquaman: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Regisseur James Wan.

Prizen

Aquaman waard yn 2019 nominearre foar seis Saturn Awards, in Australyske AACTA Award, in MTV Movie Award, fjouwer Teen Choice Awards, en trije Kids' Choice Awards, mar wûn net ien fan dy prizen.

Ferfolchfilm

Yn desimber 2018 makke filmstudio Warner Bros. bekend dat der in ferfolch op Aquaman yn produksje nommen wie. Dy film, Aquaman and the Lost Kingdom, sil nei ferwachting yn desimber 2022 yn 'e bioskopen komme. Jason Momoa krûpt dêrfoar op 'e nij yn 'e hûd fan 'e haadpersoan. It idee foar it ferhaal is betocht troch Momoa sels. In horror-spin-off mei as titel The Trench, oer de meunsters dy't Aquaman en Meera yn Aquaman befochten, waard yn febrewaris 2019 oankundige mei James Wan as produsint, mar yn april 2021 waard bekendmakke dat Warner Bros. fan dat projekt ôfseach.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)

Tags:

Film Aquaman PlotFilm Aquaman RolferdielingFilm Aquaman Produksje en distribúsjeFilm Aquaman UntfangstFilm Aquaman ResultaatFilm Aquaman FerfolchfilmFilm Aquaman Keppelings om utensFilm Aquaman2017201820192022AtlantisBioskopenDesimberFerfolchFeriene SteatenFilmFilmkritisyFjoertoerHaadrolHealbroerJustice League (film)KeningKeninginneKommersjeMemOarlochOerwûne soanResinsjeRezjyShazam! (film)StripSuperheldSuperheldefilmTitel (namme)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Justin SlayerFryslânGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008MerknammeAsia (pornografysk aktrise)NatoerTurkske toartelMichiganEtiopyske kalinderFryskJade KushBitcoinHûnJ. MacKoreaanskAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996Martin Luther KingMoriah MillsAlexa Flexy4189 maaie8 febrewarisGrikenOrale seksHertpuzelSalvador AllendeComité flamand de FranceGriis iikhoarntsjeWielenpôleLeppeltsje-leppeltsjeBlierVina SkyFilosofyNRJ Music AwardTynaarloSeksuele penetraasjeMarika Fruscio8 augustusPornhubBad Samaritan (film)11 septimberVVDOseaan24 julyCreative CommonsWikipediaFeanster Feart1 jannewarisHeipealhâldingKatedraal fan Piazza ArmerinaMegan SalinasKeatsenKompjûterprogrammaKrystal SwiftYnterbellumOanslachHagekrûperTruus Postma15e iuwFilipinenGrutte PierBeierenJ.K. Rowling2001Cassidy BanksTel AvivInes RidereNasjonaal parkRamon (pornografysk akteur)9 juny🡆 More