Antananarivo (Frânsk: Tananarive) is de haadstêd fan de provinsje Antananarivo en teffens de haadstêd fan Madagaskar.
De ynkoarte namme fan de stêd is "Tana".
Antananarivo | ||
Binnenstêd fan Antananarivo, mei de Anosymar | ||
Polityk | ||
Lân | Madagaskar | |
Provinsje | Antananarivo | |
Boargemaster | is striderij oer | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ± 903,450(2001) | |
Oerflak | km² | |
Befolkingsticht. | ± 10.266/ km² | |
Stêdekloft | ± 1.403.449 | |
Hichte | 1276 m | |
Oar | ||
Stifting | 1625 | |
Tiidsône | East African Time (GMT+3) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Antananarivo Renivohitra offisjele webside. (fr) |
Antananarivo waard om 1625 hinne fanwege kening Andrianjaka stifte. De namme betsjut "stêd fan tûzen minsken", fanwege it tal soldaten dat de stêd beweitsje moast.
Yn 1894 waard it keninkryk Madagaskar in Frânske koloanje. De kolonisten besleaten de haadstêd Antananarivo Tananarive te dopen, neffens de Malagassyske gewoante om de earste en lêste wurdlid fan plaknammen net te sizzen. Oant 1960, it jier dat Madagaskar ûnôfhinklik waard fan Frankryk, wie de offisjele skriuwwize dan ek Tananarive. Dêrnei waard de âlde namme wer yn eare oannaam.
Antananarivo leit op in lytse 1300 meter hichte op in fan bergen omjûn plato.
Hoewol't de stêd yn de tropen leit, is de trochsneed deitemperatuer fanwegen de hege lizzing 15 graden yn de winter en simmers 22 graden. Nachtfroast is seldsum winterdeis, mar komt wol foar. Temperaturen fan 30 graden en heger binne seldsum yn de simmer.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Antananarivo fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Antananarivo (stêd), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.