Anneksaasje

In anneksaasje, fan it Latynske ad (by) en nexus (foegjen of foeging), of in ynliving, is oerheveljen fan grûngebiet fan 'e iene polityk-steatkundige entiteit nei de oare.

Yn it ynternasjonaal rjocht ferwiist it nei it ûnder twang ôfstean fan grûngebiet troch it iene lân, sadat dat tafoege wurde kin oan in oar lân. By sokke anneksaasjes giet it yn 'e regel om in diel fan it grûngebiet fan in lân dat oan in oar lân taheakke wurdt, mar it kin ek om in hiel lân gean dat syn soevereiniteit ferliest en opgiet yn in oar lân. Dêrby is it anneksearre lân of lânsdiel lytser of tinner befolke of alteast minder machtich as it lân dat de anneksaasje útfiert.

Anneksaasje
De Amerikaanske flagge wurdt hyst by it ‘Iolani Paleis yn Honolulu, by in seremoanje ta gelegenheid fan 'e anneksaasje fan Hawaï troch de Feriene Steaten op 6 july 1898.

Ornaris giet soks oan 'e kant fan it anneksearjende lân mank mei twingerij, ekspansjonisme en/of unilateralisme. Sadwaande is 'anneksaasje' in beladen term, en wurdt it mar komselden brûkt as it giet om it gearfoegjen fan twa gebieten wêrfan't de ynwenners yn mearderheid foarstanner fan dat gearfoegjen binne; foar sokke gefallen hawwe har eufemismen ûntjûn, lykas politike feriening of weriening. Anneksaasjes liede net selden ta slepende konflikten tusken de anneksearjende macht en de befolking fan it anneksearre gebiet.

Under de Twadde Wrâldoarloch waarden yn Jeropa en Aazje grutte gebieten anneksearre, wêrby't hiele befolkingen de rjochten ûntsein waarden dy't se ûnder it ynternasjonaal rjocht by in militêre besetting hân hiene. Neitiid waard sadwaande yn 1949 yn 'e Fjirde Sjenêfske Konvinsje fêstlein dat sokke regels in absolút karakter hawwe, sadat it ynternasjonaal rjocht nea wer omsyld en bûten wurking steld wurde kin troch gebieten te anneksearjen. Los dêrfan wurde anneksaasjes sûnt de Twadde Wrâldoarloch troch de ynternasjonale mienskip yn prinsipe net mear akseptearre, hoewol't guon lannen, as se machtigernôch binne of as se machtigernôge freonen hawwe, der soms dochs noch mei fuortkomme.

Guon foarbylden fan anneksaasjes binne:

  • 1845: de Amerikaansk anneksaasje fan Teksas
  • 1866: de Italjaanske anneksaasje fan Feneesje
  • 1871: de Dútske anneksaasje fan Elzas-Loataringen
  • 1885: de Bulgaarske anneksaasje fan East-Roemeelje
  • 1898: de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï
  • 1908: de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina
  • 1912: de Italjaanske anneksaasje fan de Dodekanesos
  • 1913: de Roemeenske anneksaasje fan de Súd-Dobroedsja
  • 1938: de Anschluß (de Dútske anneksaasje fan Eastenryk)
  • 1938: de Dútske anneksaasje fan it Sudetenlân
  • 1939: de Dútske anneksaasje fan Bohemen en Moraavje
  • 1939: de Dútske anneksaasje fan it Memellân
  • 1940: de anneksaasje fan de Baltyske lannen troch de Sovjet-Uny
  • 1951: de Sineeske anneksaasje fan Tibet
  • 1954: de Yndiaaske anneksaasje fan Goä
  • 1954: de Etiopyske anneksaasje fan Ogaden
  • 1967: de Israelyske anneksaasje fan East-Jeruzalim
  • 1969: de Yndonezyske anneksaasje fan Nederlânsk Nij-Guineä
  • 1975: de Yndiaaske anneksaasje fan Sikkim
  • 1975: de Yndonezyske anneksaasje fan East-Timor
  • 1975: de Marokkaanske anneksaasje fan de Westlike Sahara
  • 1981: de Israelyske anneksaasje fan de Golanhichte
  • 1991: de Irakeeske anneksaasje fan Koeweit
  • 2014: de Russyske anneksaasje fan de Krim

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

GrûnLatynLânPolitykSoevereiniteitSteat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Assen23 maaieSwurdFingerjenBenediktus XVI1482Marianna MadiaHertpuzel1981FriezenSisca FolkertsmaAchille Devéria2014Doede VeemanWolkekliuwerSúd-AfrikaPersia PeleDelotta BrownRunenAlbertina SoepboerFilipinenGriis iikhoarntsjeLeppeltsje-leppeltsjeHarley RaineMidden-AmearikaPsychologyOsmaanske RykNoardseeFagina9 maartRae Lil BlackHidde BoersmaKetsjûa (taal)418Cassandra WildeGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Ricki RaxxxAstronomySitaatpuzelSan DiegoMarten LutherAnale seksGrikenPreeti en Priya YoungJewels JadeWesterlauwerske Friezen24 julySensual Jane1 augustusDemokratyske Republyk KongoNyomi MarcelaMozilla FirefoxSasha BeartBulgarijePearsMem1937YrreligyJarreVanessa PrideUpskirt9 junyGemme fan BurmaniaJoy KissCarles Puigdemont1969Jimmy Wales🡆 More