Anders Zorn

Anders Leonard Zorn (18 febrewaris 1860 – 20 augustus 1920) wie ien fan Sweden's meast foaroansteande keunstners, dy't ynternasjonaal súksesfol wie as skilder, byldhouwer, litograaf en etser.

Anders Zorn
Selsportret fan Anders Zorn (1896)
Anders Zorn
Zorngården, bûtenpleats fan Anders en Emma

Biografy

Zorn waard berne yn it doarp Yvraden, yn Mora, provinsje Dalarna. Hy waard grutbrocht op de buorkerij fan pake en beppe yn Yvraden en gie nei de legere skoalle yn Morastrand; dêrnei gie er yn de hjerst fan 1872 nei in middelbere skoalle yn Enköping.

Hy studearre oan de Keninklike Sweedske Akademy foar Keunsten yn Stockholm, fan 1875-1880. Zorn makke in soad reizen nei Londen, Parys, de Balkan, Spanje, Itaalje en de Feriene Steaten, krige ynternasjonaal súkses en waard de meast frege skilder fan syn tiid. Syn iere wurk wiene faak heldere akwarellen, mar al yn 1887 wie er wisberet oergien op oaljeferveskilderijen. Zorn makke portretten, skilderijen oer it plattelânslibben en de gewoantes dêre. Zorn is ek ferneamd wurden troch syn neakens en de realistyske, libbene ôfbylding fan wetter (weagen).

It wie yn it foarste plak syn betûftens as portretskilder dêr't er faak, ynternasjonaal, om frege waard; hy ferstie de keunst om it yndividuele karakter fan de portrettearde stal te jaan. Syn ûnderwerpen wienen trije Amerikaanske presidinten by, ûnder oaren Grover Cleveland yn 1899. Mei 29 jier waard Zorn ridder fan it Légion d'honneur by gelegenheid fan de Wrâldtentoanstelling yn 1889 te Parys.

Kolleksje

Zorn rekke tige begoedige en boude in mânske samling keunst op. Hy kocht op syn bûtenlânske reizen. Anders en Emma Zorn hawwe yn harren testamint harren hiele besit oan de Sweedske steat dien.

Wichtich wurk is te sjen yn it Nasjonaal Museum fan Skoandere Keunsten yn Stockholm. Oare museums dy't keunst fan Zorn op 'e noed hawwe binne Musée d'Orsay yn Parys en it Metropolitan Museum of Art yn New York. De Zorn Samlings (Sweedsk:Zornsamlingarnain) yn Mora, is in museum hielendal wijd oan it wurk fan Anders Zorn. It waard ûntwurpen troch Ragnar Östberg en iepene yn 1939.

Galery

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Anders Zorn BiografyAnders Zorn KolleksjeAnders Zorn GaleryAnders Zorn Keppelings om utensAnders Zorn18 febrewaris1860192020 augustusByldhouwer (keunstner)EtsKeunstskilderSweden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NegevBefallingOpera (browser)De factoUraniumEvelyn LinRocco SiffrediMarijn KuipersTaalTiidRomantyk (leafde)Hans Christian AndersenMarilyn CrystalHans Vredeman de VriesGemysk wapen1 jannewarisKeninkryk Grut-BrittanjeBernepornografyRivierLexxxi LockhartGroubekpappegaaidoFolksmuzykWolfOanslachFideospultsjeMaya BijouNoarskKrêftCJ MilesThe BeatlesWebside28 aprilFuotbalMia LiKatalaansk1855IuwSensual Jane29 desimberEkshibisjonisme2008CowgirlhâldingFryslân1904DeastrafHeldKagney Linn KarterWebsteeFreedDouglas DC-3Soarte3 aprilPappegaaidowenNeakenfotografy1431Py (wiskunde)Letlân2022Joo Min LeeSan FranciscoOrganisearre misdieJohn AdamsLarruak eta IzurrakNieuwlandeFamylje (taksonomy)Ald SelskipMenameradielStar Wars🡆 More