Kalifornje Anaheim

Anaheim is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, oan 'e rivier de Santa Ana.

Neffens materiaal fan 'e folkstelling fan 2010 hie it doe in befolking fan goed 336.000 minsken, en dêrmei is it de grutste stêd fan Orange County, mei't it rom 10.000 ynwenners mear hat as it deunby lizzend haadplak fan 'e county, Santa Ana. Fierders is Anaheim de tsiende stêd fan Kalifornje, en 54ste fan 'e hiele Feriene Steaten. It heart ta de agglomeraasje fan Los Angeles, dy't in ynwennertal fan goed 12,8 miljoen hat. Anaheim stiet fral bekend om't it de lokaasje is fan it wiidferneamde ferdivedaasjepark Disneyland.

Anaheim
Kalifornje Anaheim
Emblemen
Kalifornje Anaheim            Kalifornje Anaheim
Polityk
Lân Kalifornje Anaheim Feriene Steaten
Steat Kalifornje Anaheim Kalifornje
County Kalifornje Anaheim Orange County
Sifers
Ynwennertal 336.265 (2010)
Oerflak 131,6 km² (ynkl. wetter)
129,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.600 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 48 m
Oar
Stifting 1857
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°50′10″N 117°53′23″W
Offisjele webside
www.anaheim.net
Kaart
Kalifornje Anaheim
De lizzing fan Anaheim yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Skiednis

Anaheim waard yn 1857 stifte troch in tal wynboeren út 'e omkriten fan Rothenburg ob der Tauber, yn 'e Beierske regio Franken, yn Súd-Dútslân. Hja neamden harren mienskip "Annaheim", nei de rivier de Santa Ana. Letter waard de stavering oanpast ta "Anaheim". De Californios, de Spaansktalige befolking fan Súd-Kalifornje dy't dêr al wenne foar't it gebiet yn 1848 by de Feriene Steaten kaam te hearren, neamden de Dútske delsetting Campo Alemán (Spaansk foar "Dútsk Fjild"). De druven waarden yn 'e 1880-er jierren troch in ynsektepleach ferrinnewearre, sadat de wynboeren oerstappe moasten op 'e kweek fan wâlnuten, sitroenen en sinesapels. Ít wie in treft dat harren krite krekt yn 1886 oansletten waard op it Amerikaansk spoar, wat it ferbouwen fan grutte hoemannichten fruchten en griente rendabel makke.

Kalifornje Anaheim 
It Anaheim Convention Center.

By de ferkiezings fan 1924 kaam it stedsbestjoer fan Anaheim yn 'e hannen fan leden fan 'e Ku Klux Klan (KKK). Oant dy tiid hiene de Dútske ymmigranten en harren neikommelingen it yn 'e stêd foar it sizzen hân, dy't bygelyks it neilibjen fan 'e Drûchlizzing (it ferbod op alkohol) net ôftwongen. De KKK-oanhingers wiene allegear protestantske nijynkommelingen, wylst de etnyske Dútsers út in mjuks fan protestanten en roomsen bestiene. Doe't de KKK oan 'e macht kaam, waarden alle roomske gemeentewurknimmers op steande foet ûntslein en wie it út mei it duldzjen fan alkoholkonsumpsje. Mei sokke maatregels makken se har sà ympopulêr dat der in sterke tsjinbeweging ûntstie dy't it yn 1925 slagge om by in spesjale ferkiezing it stedsbestjoer werom te feroverjen en de alle feroarings dy't de KKK trochfierd hie, werom te draaien. De pleatslike KKK stoarte dêrop al rillegau yn, en it KKK-krantsje moast slute nei in ferlerne rjochtsaak om kwealaster.

Op 17 july 1955 iepene it ferdivedaasjepark Disneyland yn Anaheim syn doarren. Sûnt is dat útwoeksen ta ien fan wrâlds meast besochte toeristyske trekpleisters. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 1970 wie de befolking fan Anaheim doe noch foar 89,2% blank en foar 9,3% Latino. Yn 'e heale iuw dêrnei feroare dat tige fluch, oant by de folkstelling fan 2010 27,5% fan 'e befolking út blanken en 52,8% út Latino's bestie. Yn july 2012 foelen der yn Anaheim ferheftige ûngeregeldheden foar nei't de plysje twa notware kriminelen deasketten hie dy't behelle wiene yn 'e strjitbindes en de drugshannel. De demonstranten fermoeden rasistyske motiven foar de útkomst fan 'e sjitpartij, mei't de plysjes blank wiene en de beide deadlike slachtoffers Latino. De wrokgefoelens tsjin 'e autoriteiten waarden noch oanboaze troch de ûnderfertsjintwurdiging fan Latino's yn it stedsbestjoer. In protte Anaheimsters makken fan 'e opskuor gebrûk om winkels te plonderjen.

Kalifornje Anaheim 
It stedhûs fan Anaheim.

Anaheim hjoed de dei

De ekonomy fan Anaheim draait hjoed de dei fral op toerisme. De Walt Disney Company is fierwei de grutste wurkjouwer fan 'e stêd, mei goed 22.500 banen (ferlykjend: op it twadde plak stiet Kaiser Foundation Hospitals, in sikehûskloft, mei krapoan 3.700 banen). Njonken it wiidferneamde ferdivedaasjepark Disneyland hat Disney yn Anaheim ek noch de parken Disney California Adventure Park en Downtown Disney. Fierders stiet yn 'e stêd it Anaheim Convention Center, it grutste sealesintrum oan 'e Amerikaanske westkust, dêr't withoefolle nasjonale konferinsje holden wurde. De stêd stiet sadwaande fol mei hotels dy't de toeristen en konferinsjegongers betsjinje. Anaheim is ek de thúsbasis fan it heech oanskreaune iishockeyteam de Anaheim Ducks (foarhinne de Mighty Ducks), dat yn 2007 de Stanley Cup wûn, en it honkbalteam de Los Angeles Angels of Anaheim, dat yn 2002 lânskampioen waard.

Demografy

Neffens feiten fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Anaheim 9,3% âlder as 65 jier en 27,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 24,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,8% Latino's (mei as grutste groep 46,0% Meksikanen); 27,5% blanken; 14,8% Aziaten (mei as grutste groepen 4,4% Fjetnamezen en 3,6% Filipino's); 2,8% swarten; 0,8% Yndianen; 0,5% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 0,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Kalifornje Anaheim 
It kastiel fan Toarnroaske, yn Disneyland.

Berne yn Anaheim

Klimaat

Anaheim hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en tige mylde, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 21 °C. Anaheim kriget jiers trochinoar 341,1 mm delslach; snie komt der net foar.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Kalifornje Anaheim SkiednisKalifornje Anaheim Anaheim hjoed de deiKalifornje Anaheim DemografyKalifornje Anaheim KlimaatKalifornje Anaheim Keppelings om utensKalifornje Anaheim2010Amerikaanske steatenCounty (Feriene Steaten)FerdivedaasjeparkFeriene SteatenFolkstellingHaadplakKalifornjeLos AngelesRegioRivierSanta Ana (Kalifornje)StêdStêdekloftSúdlik Kalifornje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Skaai (taksonomy)Sandy MilzSean Lawless2003Jade KushLarruak eta IzurrakSotterum (Koarnwert)1945Topografyske Wurkgroep FryslânLeafdeSlavernijAjaks (mytology)1941Ynternasjonaal Systeem fan Ienheden66 f.Kr.BernemisbrûkCoralie Trinh ThiRuri Saijo1927Rocco SiffrediSlach by AneLiteratuer1997Kunnilingus9 maartFerspriedingsgebietNASA7 aprilBarcelonaOekraïneList fan Belgyske keunstskilders190128 novimberSomme (rivier)GenêskundeOera Linda Boek1852Sarah BanksJon VoightPenisKrusing (fuortplanting)Jim MorrisonFloaridaTaal1978AneBruce Venture12 desimber1975Westerske wrâldCowgirlhâldingGreefskip Bentheim (Landkreis)BommesmiterTuneezje2018Py (wiskunde)SkoanfamyljeList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânCJ MilesAntonie Frederik ZürcherEnsyklopedyFal fan it Westromeinske RykMagyCharlie ChaplinRuslânJoo Min LeeOrganisearre misdieArtefakt (archeology)Sokrates🡆 More