De Amundsensee is in part fan de Súdlike Oseaan foar Marie Byrdlân, in part fan West-Antarktika.
Amundsensee |
De see wurdt begrinzge troch Thurstoneilân yn it easten en Cape Dart yn it westen. De see is neamd nei de Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen, dy't it gebiet mei in Noarske ekspedysje, ûnder oanfiering fan Kaptein Nils Larsen, yn febrewaris 1929 ferkende.
De see is it grutste part fan it jier oerdutsen mei iis, en de Thwaites-iistonge komt der yn út. Dy iismassa (Amundsen Sea Embayment (ASE)) hat in trochsneed dikte fan trije kilometer en it oerflak is rûchwei itselde as dat fan Frankryk of Teksas. De Amundsensee is mei de Ross-see en de Weddellsee ien fan de trije wichtige iisbassins fan West Antarktika.
De Pine-eilângletsjer en de Thwaitesgletsjers dy't yn de Amundsensee einigje, heare ta Antarktika's grutste fiif.
Maart 2007 bestudearren wittenskippers mei satelliten en fleanmasines it iis. Bliken die dat it iis tinner waard troch feroaringen fan de wynrjochtingen, sadat der waarmer wetter ûnder de iismassa komme koe.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Amundsensee, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.