Amanda Davies

Amanda Davies (Manchester, 24 maart 1980) is in Britsk sjoernaliste, presintatrise en sportferslachjouster fan Welsk komôf.

Hja wurke foar de kommersjele stjoerder Sky en foar de Britske steatsomrop BBC, foar't hja yn 2012 oansteld waard as ien fan 'e fêste sportferslachjouwers fan 'e Amerikaanske nijsstjoerder CNN International.

Amanda Davies
Amanda Davies tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amanda Davies
nasjonaliteit Amanda Davies Britsk
berne 24 maart 1980
berteplak Manchester (Ingelân)
etnisiteit Amanda Davies Welsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
presintatrise
medium tillefyzje
wurksum by Sky, BBC, CNN
bekend fan World Sport
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
www.amandadavies.com

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Davies waard yn 1980 berne yn it Ingelske Manchester, as de dochter fan sportsjoernalist en sportbestjoerder David Davies. Se groeide op yn Birmingham, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e King Edward VI High School for Girls yn 'e wyk Edgbaston. Yn 2001 studearre se ôf yn geografy oan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't se ûnder har studintejierren de prestizjeuze Philip Geddes Memorial Prize foar sjoernalistyk wûn hie.

Sjoernalistike karriêre

Daliks nei't se har stúdzje beëinige hie, fûn Davies wurk by it Britske sportkanaal Sky Sports, dêr't se û.m. as assistint-produsinte oan in grut ferskaat fan sportûnderwerpen wurke, lykas de World Cup Cricket en it Amerikaansk Iepen Tenniskampioenskip. Letter wurke se foar it programma Sky Sports News as assistint-redaktrise, presintatrise (sûnt 2005) en produsinte op lokaasje (bgl. yn Berlyn ûnder it wrâldkampioenskip fuotbal fan 2006). Ek die se út en troch sels ferslach fan sporteveneminten.

Yn april 2007 stapte Davies oer nei de BBC, dêr't ien fan 'e fêste presintators waard fan 'e sportbulletêns op 'e stjoerders BBC News Channel en BBC World News en yn it moarnstillefyzjeprogramma Breakfast, op BBC 1. Teffens presintearre hja eltse freeds en sneons fan it formule 1-raceseizoen it programma Inside F1, en yn 2008 en 2009 wie se ek ien fan 'e presintators fan it wyklikse praatprogramma oer fuotbal Sport Today: Football Review. Yn augustus 2011 krige Davies sneintejûns har eigen fuotbalprogramma op BBC World News, mei as namme Sports World Have Your Say, dat in ynteraktyf petear tusken fuotbalfans út 'e hiele wrâld fasilitearre.

Davies kaam yn april 2012 foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN International te wurkjen, wêrby't se operearret fanút it Londenske buro fan 'e CNN. Dêrby die se û.m. ferslach fan 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, Britsk en Jeropeesk fuotbal, grutte tennistoernoaien lykas Roland Garros en Wimbledon, de Tour de France en formule 1-races. Davies hie fraachpetearen mei sokke grutheden út 'e sportwrâld as formule 1-baas Bernie Ecclestone, formule 1-kampioenen Michael Schumacher, Sebastian Vettel en Fernando Alonso, fuotballer David Beckham, tennissers Rafael Nadal, Serena Williams en Andy Murray, en hurdfytsers Bradley Wiggins en Chris Froome.

Priveelibben

Davies wennet yn 'e Westlondenske wyk Ealing. Nei de 9 wiken te betide berte fan har dochter Molly, ein 2011, ûntjoech se har ta aktiviste foar ferskate goede doelen oangeande poppen. Fral de saneamde Milk Bank, dy't memmemolke ynsammelet foar te ier berne poppen of poppen fan froulju dy't sels te min molke produsearje, set se har tige foar yn, mei't se leaud dat har dochterke it sûnder dy ynstelling net rêden hawwe soe.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Amanda Davies Libben en karriêreAmanda Davies Keppelings om utensAmanda Davies1980201224 maartBBCCNN InternationalFeriene SteatenFerslachjousterGrut-BrittanjeManchesterNijsPresintatriseSjoernalisteSport

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rae Lil BlackHêgelânspoarKrystal SwiftLocustellidaeNikola TeslaUgandaJames A. MichenerNapelsNoarwegenIerlânDûkers (fûgels)AlaskaBoksenAfganistanVanessa SkyMarijn KuipersKnivskjelloddenList fan planetoïden 38001-39000NettelstrûkKristina LionReidimerkeRia RodrigezRicki RaxxxGolf fan RigaHendrik ConsciencePetrus- en Paulustsjerke (Pskov)Mir (romtestasjon)1 julyFerstanlike beheiningKarelië (dielrepublyk)Stasjon DelfsylAdam en Eva (plant)Kabardië-BalkariëYvette BovaGeorge W. BushSanta Ana (Kalifornje)Untsliepeniskatdraal (Tomsk)Moriah MillsBruorren GrimmKjifdierenBernepornografyAC/DCReidhintsjeIrakDominion NijfûnlânSinaKalkulatorMicrosoft WindowsGrutte-boarstesjenreOrgasmeList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânBline NettelClyde TombaughFryslânRoemeenjeSkearmês fan OckhamBosnjeKûl Sjarif-moskeeOblast Tsjita1989Marika FruscioYnternetFerstoarMay ThaiMinnistenHavana GingerDanijel DizdarevicDútskHerbert Hoover🡆 More