Allard Schuilinga

Aaldert Jan Schuilenga (Surhústerfean, 18 oktober 1943 - Drachten, 2 novimber 2020) wie in Nederlânske CDA-politikus.

Hy wie in soan fan in fabrikant fan ytbere waar en gie nei de kweekskoalle yn Drachten. Ynearsten gie er oan it wurk by snobbersguodfabryk Fortuin yn Dokkum; letter rekke er belutsen by it kluphûswurk op De Harkema en omkriten.
Schuilenga waard dosint op in lbo-skoalle yn Delfsyl. Yn dat plak waard er om 1982 hinne polityk aktyf en is er jierren wethâlder west. Op 1 oktober 1993 folge syn beneaming ta boargemaster fan Boalsert. Hy krewearre dêr foar it oanheljen fan nije bedriuwen nei it sluten fan de suvelskoalle dêre en wie foarstanner fan it brûken fan it Frysk. Nei in pear lichte harsensynfarkten joech er dy funksje ein 2001 earder oer en waard der in waarnimmend boargemaster beneamd. Yn april 2003 kaam der formeel in ein oan syn boargemasterwêzen.

Schuilinga stoar yn de âldens fan 77 jier yn Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leeuwarder Courant, 7 septimber 1993

Tags:

18 oktober19432 novimber2020Christen-Democratisch AppèlDrachtenNederlânSurhústerfean

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rhylee RichardsThe New York TimesSingapoer1 jannewarisStalkingJaylene RioWikipedyKoptysk-Otterdokse TsjerkeDûsjanbeBarnstienJ.R. CarringtonPsychology13 febrewarisFroukje AnnemaHoratio NelsonKristina LionIranKristendomBoksenDôve BroeierGNU/FDLBaktearje14e iuwPriya PriceNeakenmodelBaptismeTeems1989Jacobus Henricus van 't HoffDaunettelPinsjoen11e iuwFryslân BoppeDurrësHurdegarypster OpfeartGeorgjeMoriah Mills9 febrewarisOblast TsjitaKneppelfreedWetterstof6 febrewarisOpstanning fan JezusStasjon StedumArtefakt (archeology)Amarins GevekeDronrypAshley OceanFreedJeropeeske UnyKunnilingusTuberkuloazeKarelië (deelrepubliek)18 novimberNicole OringMinnistenJulie SkyhighHaadsideSinaElektronJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Súd-SûdanImerkes (fûgel)SotsjyList fan planetoïden 46001-47000RenaultBruorren GrimmKeizer🡆 More