Alfred Salten: Orkestlieder

Alfred Salten (Keningsbergen (Devau), 23 juny 1914 - Grins, 11 augustus 1994), wie in orkestlieder.

Alfred Salten is de skûlnamme fan A. Salomon.

Al op 5-jierrige leeftyd begûn er mei pianiolessen. Alfred studearre piano by Rudolf Winkler, harmony en komposysje by Conrad Ansorge en orkestdireksje by Hermann Scherchen. Yn 1932 waard hy Kapelmeister-élève by it Stadttheater Königsberg.

It nazi-bewâld makke yn 1933 in ein oan syn karriêre. Hy flechte nei Nederlân. Op 19-jierrige leeftyd krige er in oanstelling as twadde dirigint by de Fritz Hirsch-Operette yn De Haach. Boppedat late hy as gastdirigint diverse konserten foar de KRO. Oan dit wurk kaam in ein troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Nei 1945 hat Alfred Salten dirigint west fan it Scala Theater Orkest yn De Haach en wie hy dêrnei as dirigint en komponist ferbûn oan de Filmmaatskippij Strengholt. Dêrnei wie hy muzikaal lieder fan de Haadstêdoperette en de Italjaanske Opera. Sûnt 1952 wie er benammen dwaande mei it dirigearen fan symfonyorkesten. Neist gastdireksjes by ferskate Nederlânske en bûtenlânske orkesten wie hy fan 1955-1969 dirigint fan it eardere Frysk Orkest yn Ljouwert. Fierders wie hy dosint oan de konservatoaria yn Grins, Ynskedee en Swol.

Wurk fan him is it Halbertsma-deklamatoarium fan Ype Poortinga (1958). Syn bekendste wurk, dat noch faak útfierd wurdt, is Musica per una festa foar orkest.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

11 augustus1914199423 junyGrins (stêd)Keningsbergen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1 jannewarisCoralie Trinh ThiThe BeatlesKomoarenpappegaaidoTelefoanHearlikheid Fryslân20212019Bruto Ynlânsk Produkt20067e iuwISBN10 desimberSoarteDedemsvaart (doarp)1927Ljouwert (stêd)Cassidy BanksSeksuele opwiningHaadsideDouglas DC-3Sybren fan RoptaIuwNatuerkundeKultuerPinguïnsLannen en territoariaCharlie ChaplinHistoarysk1996J. MacGokkenAne24 desimberSjapoer IKosmetikaAstronoomList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânHans Christian AndersenMoskouKanadaAnita BlondTonge1970TuneezjeKatolisismeMoriah MillsJapanskNijverdalGNU/FDLSeksuele stimulaasje18 febrewarisStrawelteAldfrysk20e iuwEvelyn LinISO 3166-1FolksmuzykFeneesje (stêd)Feriene NaasjesGizeh2018NeolitikumRedbad1989SkipfeartSokrates2016J.R. CarringtonNational Broadcasting CompanyBalkbrug🡆 More