Smellingerlân Aldegea: Doarp yn Smellingerlân

Aldegea is ien fan de 13 doarpen yn de gemeente Smellingerlân.

Under it doarp falle ek de buorskippen De Geasten, De Koai, Headammen, It Utein, Opperbuorren en Sitebuorren.

Aldegea (Smellingerlân)
PKN-tsjerke Sint-Agatha
PKN-tsjerke Sint-Agatha
Emblemen
Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip               Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip Fryslân
Gemeente Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 1.670 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 21,18 km², wêrfan:
- lân: 19,16 km²
- wetter: 2,03 km²
Befolkingsticht. 104 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 07' N 6° 0' E
Lokaasje Aldegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje Aldegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side fan Aldegea-S.
Kaart
Aldegea (Fryslân)
Aldegea

Aldegea hat 1.670 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Aldegea is in midsiuwske doarp op in krusing fan wegen, dat boppedat oer it wetter te berikken wie. Yn de 17e en 18e iuw wie Aldegea it haadplak fan de gemeente Smellingerlân. 'It Rjochthús' oan de buorren komt út dy tiid. It is boud yn 1738 nei't it âlde rjochthús opbaarnde ûnder in grutte brân yn it doarp.

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Grut Haersma State

De famylje Fan Haersma spile in grutte rol yn de skiednis fan Aldegea, dy't op Haersma State east fan de Herfoarme Tsjerke wenne. Yn 1646 kocht Alle fan Haersma in stik grûn by Aldegea fan de Steaten fan Fryslân, dy't dat yn 1580 krigen hie doe't alle it kleasterbesit oan de Steaten foel. It wie oarspronklik fan it kleaster fan Smelle Ie.

Syn soan Aulus fan Haersma (1611-1669) hat Grut Haersmastate boud, de state hat oant it lêst ta famyljebesit west. Mei Hector Livius Haersma fan Vierssen, ek grytman fan Smellingerlân yn 1839, stoar de famyljeline fan Haersma út. De grûn waard yn parten ferkocht en Great Haersma waard sloopt.

Op de grins fan Aldegea/Nijegea leit oan de súdkant fan de Hege Dyk in swerfstien mei de namme Blauwe stien. De gletsjerkrassen op 'e stien waarden earder ferklearre as swurdhouwen fan de Munsterske soldaten tusken 1672-1674 (sjoch ek: Biskopsgrêven).

Gebouwen

Tsjerke

De oarspronklik oan Sint-Agatha wijde doarpstsjerke datearret út 1200 en waard yn 1975 restaurearre. De tsjerke is mitsele fan dowestien en besit brânskildere ramen en wapenboerden. Yn de toer hinget nei alle gedachten de âldste liedklok fan Nederlân, getten yn ± 1200. De klok weget 760 kg en hat in trochsnit fan 99 sm.

Rjochtshûs

Yn 'e 16e en 17e iuw spruts de grytman fan Smellingerlân tiisdeis rjocht yn Aldegea. De iene wike die er dat yn Smelle Ie, de oare wyks yn Aldegea. Sûnt 1663 einige de rjochtspraak yn Smelle Ie.

Mûnen

Ten súdwesten fan it doarp stean twa Amerikaanske wynmotors, de Wynmotor Barfjild en de Wynmotor Aldegea. Fan de nôtmûne 'De Hoop' noardeastlik fan it doarp is de ûnderbou noch oanwêzich. Doe't dy nôtmûne boud waard stie tichteby dy mûne ien fan de lêste Fryske standermûnen. Yn 1922 waard De Hoop foar in part ôfbrutsen en sûnt is allinne de ûnderbou noch oanwêzich.

Molkfabryk

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Alde haven

Eartiids brochten en hellen skippers minsken en fracht nei en fan Ljouwert en Snits. Yn 1900 krige Aldegea in molkfabryk en krige de haven in nije funksje, de suvel moast oan- en ôffierd wurde. Yn 1966 sleat it fabryk en wie der net folle drokte mear yn de haven, nammerste mear omdat hast alle ferkear dêrnei oer de wei gie. De grifformearde tsjerke hat it molkfabryk doe kocht en noch in skoft brûkt foar aktiviteiten, mar nei 't de tsjerke in oar gebou kocht slagge it net mear om de begrutting slutend te krijen. In plan om it fabryk te ferbouwen yn wentes gyng net troch en lang om let hat de gemeente Smellingerlân it gebou kocht en yn 2020 opdracht jûn om it ôf te brekken.

Mienskip

De doarpskrante hjit 'De Bakbrogge', neffens de skelnamme fan Aldegeasters. De bewenners krigen de skelnamme troch in boer dy't rjochting Earnewâld in stik lân hie. It wie net mear as ûnlân dêr't er neat mei die, mar de bakker fan it doarp hie wat jild oer en wol nocht oan dy grûn. Hy mocht it oernimme ûnder betingst dat de bakker alle wiken de boer in roggebrea en in pak bakken levere, sadat er alle dagen bakbrogge ite koe.

Tsjerken

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
PKN-tsjerke It Ljochtbeaken (eardere grifformearde tsjerke)

Skoalle

Ferienings

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Eardere nôtmûne 'De Hoop'

(De list is yn 2023 bywurke. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Alddjip en Gealânswei
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009
Ynwenners 1.588 1.505 1.469 1.409 1.405 1.690 1.675
Jier 2015 2020
Ynwenners 1.706 1.676

Berne

Eveneminten

Iepenloftspullen

De toanielferiening Op 'e Nij Bigoun fan Aldegea hat yn 1997, by it fyftichjierrich bestean, in iepenloftspul opfierd oer de grytman fan Smellingerlân Livius fan Haersma, mei de titel 'Livius'. Tsien jier letter folge in twadde iepenloftspul 'Hector' oer syn styfsoan Hector Livius fan Haersma (1737-1820) en yn 2019 'De Riedselman fan Aldegea'.

Haven, rekréaasjegebiet en nije mar

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Untwikkeling rekréaasjegebiet (2022)

Yn de jierren 1970 waard by de âlde haven in rekréaasjehaven oanlein, dy't yn 2003 útdjippe waard.

Om Aldegea oantrekliker te meitsjen foar it toerisme wurdt yn it ramt fan 'Wetterfront Aldega' súdlik fan it doarp in rekréaasjegebiet oanlein. De haven wurdt grutter makke en der komt in strân mei in wettergebiet. Ek sille der nije wentes boud wurde.

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
It Rjochtshûs

As ûnderdiel fan 'Aldegea oan it Wetter' waard der ein 2022 súdliker fan it rekréaasjegebiet útein set mei de oanlis fan in grutte mar mei seis eilannen.

Strjitten yn Aldegea

Alle strjitten yn Aldegea (Smellingerlân).

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Smellingerlân
Smellingerlân Aldegea: Skiednis, Gebouwen, Mienskip 
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje

Tags:

Smellingerlân Aldegea SkiednisSmellingerlân Aldegea GebouwenSmellingerlân Aldegea MienskipSmellingerlân Aldegea Haven, rekréaasjegebiet en nije marSmellingerlân Aldegea Strjitten yn AldegeaSmellingerlân Aldegea Sjoch ekSmellingerlân Aldegea Keppeling om utensSmellingerlân AldegeaDe GeastenDe KoaiOpperbuorrenSmellingerlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Cassidy Banks9 novimberCassandra WildeSpanjeJanpier BrandsSaeb ErekatSarsy (taal)Shae SummersKiribatyMarlon BrandoSavana GingerMagintaAuteursrjochtDroegehamLockheed C-141 StarlifterFinzenisstrafItaaljeSophie HilbrandAngelica MiraiBlauFêreuskHantsjemierMoriah MillsNeakenensLeppelbekKeninkryk fan de NederlannenDûbele penetraasjeVienna BlackFraachpetearSwedenMeinoud Rost van TonningenList fan Belgyske keunstskildersNicole OringBella BellzTreron pembaensisFroulike ejakulaasjeIngwierrumOktoberfestFaginaSúd-DakotaArjen Dijkstra (1979)SêgeWopke HoekstraPornhubNadia KroonJane BirkinHarry Potter en de Stien fan 'e WizenMila KunisTwitterEritreäRillaardLockheed C-5 GalaxyList fan Fryske famkesnammenSandy MilzAtoom1899Jake SteedLuna CorazónBosnyskFellatio852Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Twadde WrâldkriichMichelle TuckerAafke BijlsmaBynamme23 novimberWillem George Frederik JansenSensual JaneEkwatoriaal-GuineeFrankryk🡆 More