Aartsingel

In aartsingel (fan it Grykske ἀρχάγγελος, archangelos, haadingel, letterlik: ingel fan 'e oarsprong) is in ingel fan 'e heechste rang.

De term wurdt ornaris assosjearre mei de abrahamityske religyen, mar mytyske wêzens dy't tige sterk op aartsingels lykje, kinne fûn wurde yn ferskate oare godstsjinsten, lykas it soroästrisme.

Aartsingel
De aartsingel Gabriël seit de Faam Marije de berte fan Jezus oan.

Aartsingels yn 'e Bibel

Yn 'e Bibel komt it wurd 'aartsingel' mar twa kear foar, beide kearen yn it yn it Gryksk skreaune Nije Testamint. Yn 1 Tessalonikers 4:16 stiet: "De Hear sels sil ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan 'e himel en dy't yn Kristus stoarn binne, sille earst út 'e dea ferrize." En yn Judas 1:9 stiet: "Mar doe't Michael, de aartsingel, mei de duvel stried en iggewearre om it lyk fan Moazes doarst er dy net mei lasterjende wurden te feroardieljen, nee, hy sei: 'De Hear mei dy bestraffe.' " Yn it Alde Testamint is de oare mar korrespondearjende oantsjutting yn it Hebriuwsk ek te finen op twa plakken. Yn Daniël 10:13 stiet: "De foarst út it keninkryk Perzje stie ienentweintich dagen foar my oer. Mar sjoch: Michael, ien fan 'e foarnaamste foarsten, kaam om my te helpen." En yn Daniël 12:1 stiet: "Yn dy tiid sil Michael, de grutte foarst, him oppenearje [...]".

Tal en nammen

Hoefolle aartsingels oft der krekt binne en hoe't hja hjitte is ûnderwerp fan strideraasje.

    1. Michael
      Michael wurdt yn sawol it Alde as it Nije Testamint neamd, wêrûnder ferskate kearen mei de tafoeging 'aartsingel', en is dêrom it minst omstriden.
    1. Michael
    2. Gabriël
      Gabriël wurdt sjoen as de wichtichste boadskipper fan God en komt ek sawol yn it Alde as it Nije Testamint foar, hoewol't er nea mei safolle wurden oantsjut wurdt as in aartsingel. It joadske apokrife boek Henoch neamt fierders de ingel Metatron as aartsingel, mar dy wurdt troch lang net alle joadske streamings as sadanich akseptearre.
    1. Michael
    2. Gabriël
    3. Rafael
    4. Uriël
      Uriël wurdt neamd yn it apokrife boek 4 Ezra, dat yn 'e Midsiuwen yn it Westen in skoft populêr wie. Om't it lykwols nea diel útmakke hat fan 'e kristlike kanon, genietet Uriël yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke gjin offisjele erkenning.
  • De islaam erkent fjouwer aartsingels:
    1. Mikail (Michael)
    2. Jibrail of Ǧibrail (Gabriël)
    3. Israfil (Rafael)
    4. Malik al-Mât (de Ingel fan de Dea)
      De Ingel fan 'e Dea, yn it kristendom ek bekend as Azrael, wurdt neamd yn 'e Koraan.

Ofwikende ideeën oer aartsingels

Ferskate restorative protestantske denominaasjes hâlde der ôfwikende stânpunten oer aartsingels op nei. De sânde-deisadvintisten leauwe dat sawol de namme 'Michael' as de term 'aartsingel' in titel is fan Jezus Kristus. Dy ferwiist neffens harren lykwols inkeld nei syn funksje as oanfierder fan 'e ingels en seit neat oer syn natuer, dy't folslein godlik wêze soe. De Jehova's tsjûgen leauwe ek dat 'Michael' in oare namme is foar Jezus. De mormoanen fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen leauwe dat der mar ien aartsingel is, Michael, dy't oarspronklik de earste minske wie, Adam.

Bûten de abrahamityske religyen

Bûten de abrahamityske religyen wurde bygelyks yn it soroästrisme seis grutte amesja spenta fan 'e Ahoera Mazda (God) identifisearre. Dy wêzens kinne rûchwei lykslein wurde mei aartsingels.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Aartsingel s yn e BibelAartsingel Tal en nammenAartsingel Ofwikende ideeën oer aartsingelsAartsingel Bûten de abrahamityske religyenAartsingelAbrahamityske religyenGodstsjinstGrykskIngelMytyske wêzensSoroästrisme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Paulina SeikolaTwadde WrâldkriichYnternet19451 maartSasha BeartGaya PatalAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996Havana GingerMarika FruscioSúdlarenPersoanlike kompjûterGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001SitaatpuzelGemme fan BurmaniaBesibskipTruus PostmaDemokratyske Republyk KongoSwartnoasklapperiikhoarntsjeTamboraSjongfûgelsPake en beppeMegan SalinasKatee OwenFeneesje (stêd)WikipediaPûn sterlingCharlie Chaplin1937Griis iikhoarntsjeMartin Luther KingJierMadagaskar7 maart1980Joo Min LeeSkaai (taksonomy)Gymnomyza samoensisSêfte pornografyFryske mytologyMisjonarishâlding9 maaieFêsteljûn9 juny1939Wreck-It RalphMuskusrôtSimone WestAsa fan JudaSlowakije1901MuntsjesylBedriging (misdriuw)25e iuwNovialEtiopyske kalinderAnusIngelskWolfBudgetErotykAudree JaymesTony van der MeulenSteatsfoarmFaginaRocco Siffredi9 oktober🡆 More