Aartsfader

In aartsfader, of yn ferkoarte mar teminsten like gongbere foarm aartsfaar, is yn 'e bibelske kontekst ien fan 'e stamheiten dêr't de âlde Israeliten fan ôfstammen.

It byhearrende eigenskipswurd is aartsfaderlik.

Utlis

Yn 'e inge sin wurdt mei de term 'aartsfaders' ferwiisd nei Abraham, dy syn soan Izaäk en syn pakesizzer Jakob. Dy trije figueren libben yn it saneamde aartsfaderlike tiidrek (20e oant 18e iuw f.Kr.) en se spylje in wichtige rol yn it bibelboek Genesis, dat foar in grut diel harren libben beskiuwt. De abrahamityske religyen (dy't ferneamd binne nei Abraham), wêrûnder it joadendom, it kristendom en de islaam, trasearje harren oarsprong werom nei de trije aartsfaders.

Yn bredere sin kin de term 'aartsfaders' ek brûkt wurde foar de tweintich manlike stamheiten tusken Adam (de earste minske) en Abraham yn. De earsten dêrfan wurde ek wol de antediluvyske aartsfaders neamd, d.w.s. de aartsfaders fan foar de Sûndfloed. Fierders wurde ek de tolve soannen fan Jakob en de beide soannen fan Joazef wol ta de aartsfaders rekkene. De froulike wjergader fan 'e aartsfader is de aartsmem, in term dy't folle minder brûkt wurdt as 'aartsfader'.

Aartsfaders

Antediluvyske aartsfaders

  • Adam
  • Set
  • Enosj
  • Kenan
  • Mahalaleël
  • Jêred
  • Henoch
  • Metûsjelach
  • Lamech
  • Noäch
  • Sem

Postdiluvyske aartsfaders

Tolve soannen fan Jakob en twa soannen fan Joazef

  • Rûben
  • Simeon
  • Levy
  • Juda
  • Dan
  • Naftaly
  • Gad
  • Azer
  • Issaskar
  • Sebûlon
  • Joazef
    • Efraïm
    • Manasse
  • Benjamin

Aartsmemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Aartsfader UtlisAartsfader sAartsfader AartsmemmenAartsfaderBibelEigenskipswurdFoarâldenIsraelitenÔfstamming

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Turkske toartelRommert de BreeSasha Beart15e iuwTongerblomAnne Tjerk PopkemaOarlochYndoneezjeWolverineGoudMediaWikiFêsteljûnDeaCarmel MooreEeldeDe Holder (literêr tydskrift)Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)San DiegoMarianna MadiaNasjonaal parkFrysktalige WikipedyUnbreakable (film)8 augustusPersoanlike kompjûterOanslachSlach om BerlynVVDSúd-AfrikaSkilderijDo-eftigenGemme fan BurmaniaCharles Robinson (yllustrator)TechnologyNoard-AmearikaSteatsfoarmLongûntstekkingNovialNRJ Music AwardMerknammeFriesOezbekistan9 junyBedriging (misdriuw)Lofthaven EeldeVanessa SkyEmiel Stoffers1951Keatsen9 oktoberOezbekenWurdlNel Benschop1769European Girls Adult Film DatabaseSkotskKrystal SwiftSwierwêzenPhilippus H. BreukerKetsjûa (taal)Wûnseradiel8 junyÛndersoarteFerstjerrenYvette BovaEjakulaasjeWolfSean LawlessMarijn KuipersPapoea Nij-GuineäFryslânAmerikaanske dollarTrio (seksualiteit)Mirka Antolović-Tipurić🡆 More