It Fjouwerkeizersjier. Yn Rome ûntstiet nei de dea fan Nearo in machtsfakuüm.
1 jannewaris - By de wenstige eedsôflizzing op nijjiersdei wegerje de legioenen yn Mogontiacum (Mainz) de eed fan trou oan de nije keizer Galba ôf te lizzen.
15 jannewaris - Mei de steun fan 14 leden fan de Praetoriaanske garde fermoardet Oto, in hoveling fan Nearo, keizer Galba en ropt himsels ta keizer út.
Grutte dielen fan it westen ferklearje har foar Fitellius, de eastlike provinsjes foar Otho.
14 april - Hoewol't beide keizers leaver ôftrede soenen komt it ta in fjildslach by Cremona. (Earste slach by Bedriacum) Falens wint de slach foar Fitellius dy't oan de oare kant fan de Alpen bleaun wie.
17 april - Otho pleecht selsmoard en lit dêrmei syn supporters in de stiik.
19 april - De Romeinske senaat erkent Fitellius as keizer.
Fitellius, dy't benammen de meast Gallyske en Germaanske troepen fan de Ryn fertsjintwurdiget, nimt wraak op syn tsjinstanners yn de Praetoriaanse Garde. Hy ûntslaat grutte oantallen soldaten. Yn it easten docht dat syn oansjen gjin goed.
In soad fan de troepen yn Germania wurde nei Itaalje weromroppen. Dit liedt ta in machtsfakuüm en de opstân fan de Batavieren ûnder Klaudius Sivilis
24 oktober - Twadde slach by Bedriakum. Fespasianus ferslaat Fitellius.
De gûverneur yn Germania, Markus Hordeonius Flaccus, ferklearret him foar Fespasianus, ta argeweaasje fan syn troepen. It 5e en 15e legioen rebellearje en ferklearje harren foar Fitellius
Gallia skiedet him ôf en Sivilis nimt Castra Fetera (Ksanten) yn. Findonissa (Windisch) is de ienige posysje dy't Rome trou bliuwt.
20 desimber - Fitellius wurdt finzen nomd en deamakke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 69 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 69, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.